De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 175] [p. 175] De dichter Dêr sit in fûgel yn it reid: Hy kibbet oan in lyske fêst. Men sjocht him net, men heart him mar, En djip ferhoalen sit syn nêst. Hy skattert lûd syn blide sang, No kleiend sêft, dan gierend skel, Swart leit it wetter ûnder him, En 't lyske swypket op en del. Al bûcht de plom oan 't wetter ta, Al is it stâltsje swak en tin, De fûgel sjongt en eanget net: Hy wit wol, dat er fleane kin. Sa is de dichter op 'e wrâld: Al triuwt it ûnk him ek omleech, Al driicht de dea, hy sjongt syn liet: Syn siel hat wjukken nei omheech. Vorige Volgende