| |
| |
| |
De soan dy't weromkaam
Temidden fan de flakke, lege greiden
Leit, as in eilân yn in griene see,
In rigele beammen lâns in brede sleat,
En op it ein in lyts, brekfallich hûs.
Dêr wennet Ynskje-muoi al tritich jier,
In strampelich âld-wyfke no, ferwoeksen
As d' âlde apelbeammen op it hiem.
Hja soarget foar har beide skiep, dy't op
De pôle weidzje, of hja sit foar 't finster
Te breidzjen en hja wachtet...
't Tsjinwurdige wie yn dy lange jierren
Altiten dea foar har. Hja libbe allinnich
Yn wat foarby wie en wat komme moast.
Op 't ferlitten hiem stiet jit
In nije, grutte pleats, wêr't hja, in jonge
En feardige boerinne, neist har man
Har yntocht die, en wêr't hja mannich jier
En doe't har soan, har Gjalt, dêr berne waard,
Skynde yn 'e takomst inkeld sinneskyn.
Mar 't swurk kaam op. De tiden waarden oars,
De buorkerij gyng efterút, It lân
Ferlear syn wearde, mar de hypotheek
Bleau stean. 't Gemaak brocht skraach de rinte op.
| |
| |
Hie doe de grutte boer him deljaan wollen,
Om better tiden ôf te wachtsjen, 't wie
Noch gongen. Mar de man, mei 'n stege kop,
Woe dêr tsjin yn, en hyste 't seil al heger.
Drank moast him stypje en brocht him leech en leger.
En einlings op in nacht - o! yn dy nacht
Waard Ynskje hommels âld -
In brân út, dy't it hûs lyk makke mei
De grûn. Har man, dy't men de skuld joech, stoar
Yn de finzenis, foar 't fonnis foel.
En Gjalt, de soan, foar skande eang,
Fan sibben stipe, op 't ferlitten hiem.
Hja soarget foar har beide skiep en -
Hja wachtet altyd op 'e soan, dy't dochs
Werom komt: ryk, as in foarname hear!
Foar har eagen stiet dêr wer
In grutte, nije pleats yn folle fleur,
Dêr sil har soan, har Gjalt, mei 'n jonge
En rike boeredochter neist him op
De sjeas, syn yntocht dwaan en
Hja, Ynskje, is dan wol âld, mar kin
Mei d' ûnderfining fan safolle jierren
Har soan en dochter stypje, ont hja einlings
Stil libjen giet yn 't swiete rêst-geniet
Fan in moai húske yn 'e buorren, wêr't
De beppe-sizzers komme, om har bûter
En molke en waai, en aaien thús te bringen.
| |
| |
Sa sjocht hja yn 't ferline, en ferwachtet
De bliere takomst. It tsjinwurdige, -
Har heukerich bestean, har kromme lea,
De swakke flam, dy't jit yn 't lichem flikkert,
Merkbyt hja net. Hja libbet mar allinnich
Yn wat foarby is en wat komme moat.
't Is âldjiersdei, en Ynskje-muoi is opstien
Mei 'n wûnd're fieling, lyk in bliid ûnthjit
Fan wachtsjend lok, dat hjoed jit komme sil.
Hja stiek de stive lea út 't waarme nêst,
En wie earst kâld. Mar mei 't berutsen fjoer
Fan justerjûn wie gau de kachel oan,
't Theewetter oer, en nei it earste bakje,
Doe 't yn 'e keamer smûk en sinnich waard,
Kryg' hja dy lichte, blide fieling wer,
Dy't har op bêd sa lokkich makke hie.
Hie it in dream west? Nee, hja hie net dreamd,
It wie har, wylst hja wekker lei, sa ynjûn,
Dat hjoed it lang-ferwachte barre soe,
Dat noch yn 't âlde jier har jonge kaam!
En no't hja op is, fielt hja 't noch foar fêst:
Jit foar nijjier is Gjalt by mem werom!
Hja moat har skiep earst melke, mar foarôf
Ris efkes nei de hikke en it paad
Lâns dikerje, dat net fier fan de pôle
Nei 't doarp laat, - in kertierke rinnen mar.
Dat stiennen paadsje lâns is Gjalt ferreizge
Foar tritich jier, en lâns dat stiennen paadsje,
Komt hy, no hjoeddedei, by mem werom.
Jit neat te sjen, mar 't is ek noch betiid.
Hja twivelt net: hy komt, hy komt,
Hja twivelt net, hoewol 't al letter wurdt.
Hja yt en drinkt, mar 't giet as yn in dream,
Sit foar it finster, breidzjend, út te sjen,
| |
| |
Of strampelt mei har krukje nei de hikke.
De dwêste eagen stoarje nei it doarp,
Wêr't Gjalt, troch 't skeane hikje by de tsjerke,
Strak stappend as in hear, ferskine moat.
Op 't romflich oansicht, om de toarre lippen,
En yn de bleke eagen fan 't âld-wyfke
Blinkt hiel de dei in glimke fan ferwachting.
Hja is wol ûnferduldich, mar mismoedich
Is hja gjin amerij. Hja pielt wat om,
En makket alles ree foar Gjalt syn komst.
Allinnich is 't wat lêstich, dat hja soms
Sa licht en draai'rich yn 'e holle is,
Krekt oft de keamer mei har rûntsjemealt,
En hja wol efkes sitte of steune moat
Om net te fallen - mar dat komt fan blydskip.
Fan blydskip sûzje ek har earen sa;
't Is Gjalt syn stim, dy't hja al hearre kin.
De dei ferrint. Allinken wurdt it tsjuster,
En jit is hy net komd, mar d' âlde mem
Jout nea de moed ferlern. Hja sil
No 't lytse lampke foar it finster sette,
Dat Gjalt it ljocht al yn 'e fierte sjocht.
Dêr liedt de klok. 't Is preek op âldjiersjûn.
Bom-bam, bom-bam! Hark, ropt de klok har net?
Hja hat yn jierren net nei tsjerke west,
Hja is der noait ta komd...
Ris gyng? Ja, ja, want Gjalt syn earste gong
Is wis nei tsjerke, om ús Leaven Hear
Te tankjen, dat er feilich oerkomd is.
Hja sil him sitten sjen en alle minsken
Ha niget oan dy frjemde hear, mar hy
Hat inkeld eagen foar syn âlde mem.
| |
| |
Hja klaait har oan, hoewol har hannen skodzje.
't Earizer - 't hjit noch altyd goud te wêzen,
Mar is fan koper - hat hja einlings op.
It swarte jak mei 'n lange skoat is oan,
Dêroer in brune slingerdoek mei blommen:
Hja hoecht no ommers net mear yn 'e rouwe,
No Gjalt werom komt en mei him it lok.
Op 't lêst de everlasten skuonnen oan,
De stove mei it glêde, koperen hingsel,
Komt út 'e hoek' - in koaltsje yn 'e têst...
Hoe lang it klaaien duorret, wit hja net,
Mar as hja yn it tjuster bûten komt,
Heart hja de tsjerkeklok jit altyd lieden.
It is bigûn te snijen tsjin de jûn.
By tûz'nen warrelje de flokken del,
Dy't yn it tsjuster swarte michjes lykje.
It lân leit ûnder 't sêfte tek bedobbe,
En 't stiennen paadsje is mei 't lân gelyk.
Mar Ynskje kin de wei nei 't doarp wol dreame.
't Gean falt it stramp'lich wyfke lykwols swier,
En d' everlasten skuon binn' gau trochweakke.
't Is rûnom ierdetsjuster - Ienlik skimert
It ljochtsje, dat jit foar it finster brânt
Yn Ynskje wente op it hege hiem.
Dochs tinkt hja der net oan, werom te gean:
't Is noch âldjier, strak is hja by har soan!
En altyd liedt de klok! Hja hat de tiid...
Dochs efkes rêste... Op 'e waarme stove...
In eintsje fan it paad... De slingerdoek
Wat tichter om 'e skouders, tige smûk...
No is hja net mear kâld...
De tsjerkeklok... Dêr yn 'e fierte sjocht hja
Ek 't giele ljocht, dat út 'e tsjerke strielt.
Hoe dúdlik is de klok, hoe fel dat ljocht!
| |
| |
In amerij sa bliuwe, d' eagen ticht...
Nee, dochs net... Hja moat útsjen nei har soan...
En dan, dan bart it wier, it grutte wûnder,
Wêrop hja tritich jierren wachte hat:
't Ljocht út 'e tsjerkefinsters wurdt fertsjustere,
In skaad riist foar har op. It is in man,
Hja fielt it oan it bûnzjen fan har hert,
Hja sjocht it oan syn wêzen en syn gong!
Op 't stiennen paad, wêrlâns hy har ferliet,
Komt hy werom, en hy is net feroare,...
Allinnich moaier yn 'e klean en blider.
Hja stekt de earmen nei him út,
Mar kin gjin lûd jaan. Dat is ek net nedich;
Hy sjocht har al. Syn herte bringt him by har.
Wat rint er hurd - en stappe docht er net.
Hy glydsket as in skynsel oer 'e snie.
‘Mem,’ heart hja lústerjen. Ja, 't is syn stim,
Syn skouwing, as hy oer har hinne bûcht.
Dat hy nei tritich jier noch like jong is,
Docht har gjin nij, want by har stadich wachtsjen,
Gyng 't jier foarby, allyk in dei, in oere.
O, sillich! Ynskje-muoi fielt, dat har soan
Har opnimt, sêft en hoeden, en har fuortdraacht.
Hoe noflik rêst hja yn syn sterke earmen!
Hja moat wol laitsje, want hja fielt har as
In lytse harte, dy't troch memmehannen
Sêft widze wurdt en dan sa noflik slûget.
Hja fielt gjin stjitten, fielt net, dat er stapt -
Dat komt fansels allinnich fan de snie,
Dy't lyk in fearren bêd op 'e ierde leit.
| |
| |
't Is, oft hja súntsjes fuortsaait troch 'e loft...
Hoe kaam Gjalt dochs sa maklik om 'e hikke?
Hoe fynt er 't paad sa gau? O ja, it ljochtsje,
Dat foar it finster stiet - hja sjocht it sels...
No is hja yn 'e keamer, en har soan
Hat har op bêd lein en har waarm bestoppe.
It liket, oft hy dalik by har thús is.
Stil pielt er troch... En is 't net nuver? Alles
Wit er te finen. Hat er al dy jierren
Ek mei har libbe, lyk as hja mei him?
De kachel brânt. Hja heart it fjurke brommen.
En sjocht de giele flam. De lamp' is op.
No komt er nei har ta en bûcht him oer
It bêd. Hy praat en hja ferstiet him bêst,
Hoewol syn wurden har ûntgean. Hja-sels
Kin ek neat sizze. 't Moed is har te fol -
Mar moarn... Dan sil 't op in fertellen gean:
Fan him, oer alles wat hy ûnderfûn hat.
Fan har, oer alles, wat der komme moat.
‘Ja,’ knikt er, ‘ja, en no mar sliepe, mem!
Moarn prate w' oer de grutte buorkerij
Op 't âlde hiem en oer de jonge frou.’
‘Goed, jonge, 'k bin sa slûch, 'k moat sliepe,
En dreame fan in nij, loksillich libben...’
Dan sinkt hja, as op wjukken droegen, wei,
En lichte, ljochte dreamen folgje nei.
Op nijjiersmoarn, as 't folk nei tsjerke giet,
Dan sjugge hja, in eintsje fan it paad,
In bultsje op it lân, dat oars alhiel
Oersljuchte is troch 't wite kleed fan snie.
Fan boppen skimert dêr wat brúns trochhinne.
En as hja neier komme, fine hja
Dêr Ynskje-muoi, dy't sliept op 't kâlde bêd.
| |
| |
Hja leit op side, fan de stove gliden,
Bewuolle yn har bûnte slingerdoek.
Hja fine d' earme Ynskje-muoi dêr dea,
Mei d' eagen ticht, it âlde lichem krom.
Mar om har lippen boartet jit in glimke
Fan sillichheid. 't Is oft hja noflik slommet.
Hat dan op 't lêst har soan net neist har stien?
En hat hja mei har âlde, dwêste eagen,
De nije pleats net sjoen op 't hege hiem?
Hat hja it lok net fûn nei 't lange wachtsjen?
Hja stoar yn bliid fertrouwen op har soan,
Sonk sillich wei yn nacht, mei hoop op moarn.
|
|