De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 166] [p. 166] Ek in sonnet Kom, sa'n sonnet wol 'k ek eris besykje, Skoan 'k sizze moat: it is in dreech kerwei. Men moat jins taal befylje en befykje, En al mar 't selde rym, dat falt neat mei. Lykwols, myn skriuwersfingers-einen prykje, It dichtfjoer baarnt, de lôge fljucht der nei; Ik wol ús letterkunde ek mei ien ferrykje, Al kost it swit en 't wurk fan hiel de dei. Mar oer wat ûnderwerp moat ik no dichte, - Ta 'n bytsje ynhâld is men dochs ferplichte. Al giet de klank yn in sonnet ek foar, Sil 't wêze: ‘Unk,’ of: ‘Lutsen yn 'e hichte,’ ‘Sieltsjusterens,’ of ‘Brutsen yn 'e lichte?’... Och, 't hoecht net mear: 't ding is al foar inoar. ('t Idee fan sa'n sonnet is nommen út ‘Braga’ fan Ten Kate) Vorige Volgende