De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 163] [p. 163] De wrede reus (Foar de bern) In feintsje boarte yn it bosk, Hy sprong dêr frij en blij, Hie nocht oan alles en hy song Syn heechste liet dêrby. Toarnbeien hie er by de rûs, Sa ryp en read as bloed. Syn bûkje iet er fol... mar stil, Wat wie dat oan syn foet? Hy fielde wat en hy waard kjel: 't Wie krekt, as siet er fêst. Hy woe gau fuort, mar koe it net, Al die 'r noch sa syn bêst. Us lytse Pyt siet yn in strik, Dy't yn 'e beamkes lei. Syn boartsjen wie ynienen oer, Syn sjongend lûd waard wei. Hy skrept' en skuorde wat er koe, Mar rekke al mear fertiisd. Drôf klonk syn skriemen troch it bosk, Dy 't heard hie, hie it griisd. Dêr kaam in reus mei swiere trêd, Unbidich fan bestek. Hy pakte Pyt en makk' him los, En stopp' him yn in sek. [pagina 164] [p. 164] Hy naam it jonkje mei nei hûs, Dêr naam hy 't yn syn hân, - Dy't grutter wie as hiele Pyt, - En stie jit yn bestân, Oft hy it feintsje slachtsje soe, En bried' it oer it fjoer... Mar 't hapke like him al te lyts, En 't slimste gong earst oer. ‘Om op te iten,’ sei de reus, ‘Dat 's hast de muoite net, 't Is 't bêste, dat ik him foarearst Mar yn in hokje set.’ Ik heard' him strak wol yn it bosk, Hy song dêr lûd en blij, As hy dat hjir ek docht, dan is 't In moai muzyk foar my.’ Doe kaam ús jonkje yn in hok, Mei traaljes hiel beset, Koe ite en drinke wat er woe, Mar fleurich wie er net. En sjonge koe er ek net mear, Skoan hy it soms besocht, Wannear er oan syn boarterstiid En oan syn frijdom tocht. De reus ferfeelde dat op 't lêst. Hy sei: ‘Hoe sit dat no? Do kinst wol sjonge, doch 't dan ek, En doch it ek mar gau.’ [pagina 165] [p. 165] Mar hoe't de man ek flokte en die, Jit bleau ús feintsje stil. Doe sei de wredert einlings: ‘'k Wit Wol wat, dat helpe sil.’ Hy baarnde mei in gleone priem, Pyt beide eagen blyn. Nea seach de lytse stakkert wer De bliere sinneskyn. Doe song er wol fan treurichheid, Sa no en dan in sang, Mar och, it klonk bedjûpte near, En 't hertsje sloech him bang. Gau kaam in tiid, dat Pyt net mear In inkeld lietsje song. Doe lei er dea - en 't lykje smiet De reus mar by de dong. *** Mien' jimme, dat it leagen is, Wat 'k fan dy reus hjir sei? It spyt my wol, mar wier is 't dochs, En 't bart jit hjoeddedei. It feintsje wie in fûgeltsje, Dy't yn 'e tûken song, In jonge wie de grutte reus, Dy 't leave bistke fong. Hy sette it yn in lytse kou En lake om syn fertriet, In jonge wie 't, dy't om 'e nocht, De fûgel stjerre liet. Vorige Volgende