De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 162] [p. 162] Marsang Flak leit it wetter, blier skynt de sinne, 't Reid mei syn spegelbyld stiet stil rûnom, Rêstich en fredich is 't, fier om ús hinne: Mar skynt te drôgjen, Wyntsje yn 'e slom. 't Koeltsje wurdt wekker. Krûzige weachjes, 't Skomkraachje kein omheech, gean oer it wiet, Sparkje mei gleone, sulveren eachjes, Sljoerkje sa sêftkes, swiet is har liet. 't Wyntsje wurdt sterker, hark it ris rûzen, 't Spyl-ark fan 't wetter jout foarser muzyk, No oer de weagen silend te strûzen, Wêr fynt men wille, hjiroan gelyk? Heger en djipper brûze de baren - 't Skom stoot de pôlen oer - striid is har sang. Lit ús dan stride, tûzen gefaren Meie der driigje, wy binn' net bang. Vorige Volgende