| |
| |
| |
Ut: Julius Caesar
(It twadde toaniel fan it tredde bedriuw)
(It toaniel is it Foarum, de grutte merk te Rome, wêr't faak iepenbiere folks-gearkomsten hâlden waarden.
Neidat, yn it jier 44 foar Kr., Julius Caesar troch in partij gearspanners, mei Brutus, Cassius en Casca oan 't haad, fermoarde wie, hokke it folk dêr gear.
Brutus, Cassius en in kloft boargers komme op.)
Foldwaning easkje wy, jou ús foldwaning!
Dan, freonen, folgje my en hear nei my.
Jy, Cassius, gean nei d' oare strjitte ta.
Hja dy't my hearre wolle, bliuwe hjir,
Dy't Cassius folgje wolle, gean mei him.
Foar 't lok fan 't hiele folk, sa sil jim blike,
Ik wol nei Brutus harkje.
Ik gean mei Cassius, en dan weage wy
Har grûnen, dy't wy ûnderskieden hearden.
(Cassius giet mei ytlike boargers ôf;
Brutus giet nei de sprekstoel.)
De eale Brutus stiet al boppe. Stiltme!
Bliuw oan 't lêst ta rêstich.
Romeinen, lânslju, en freonen! Harkje nei my by it pleitsjen foar myn saak, en wês stil, dat jimme nammenste better hearre meie. Leauwe my tewille fan myn eare, en nimme myn eare yn acht, dat jimme leauwe meie. Oardielje my nei jimme
| |
| |
wiisheid en skerpje jimme sinnen op, dat jimme nammenste better oardielje meie. As der immen yn dizze gearkomste is, dy't in ynfieren freon fan Caesar wie, dan sis ik tsjin him, dat de leafde fan Brutus foar Caesar net minder wie as sines. En as dy freon dan freget, wêrom Brutus tsjin Caesar opstie, dan is myn andert: Net, dat ik Caesar minder leafhie, mar dat ik Rome mear leave. Hiene jimme leaver, dat Caesar jit libbe en jimme allegear as slaven stoaren, of dat Caesar dea wie en jimme as frije mannen libben?
Om't Caesar my leave, skriem ik om him; omdat it lok him meirûn, ferbliidzje ik my dêr yn; om't hy dapper wie, ferearje ik him, mar omdat hy earsuchtich wie, fersloech ik him. Sa hawwe wy triennen foar syn leafde, blidens om syn lok, eare foar syn dapperens, en dea foar syn earsucht. Wa fielt him hjir sa leech, dat er slaaf wêze woe? Is der immen, lit him dan sprekke, want him haw ik misledige. Wa is hjir sa ûnfoech, dat er gjin Romein wêze woe? Is der immen, lit him dan sprekke, want him haw ik misledige. Wa is hjir sa ferachtlik, dat er syn heitelân net leavje soe? Is der immen, lit him dan sprekke, want him haw ik misledige. Ik wachtsje op in andert.
Dan haw ik nimmen misledige. Ik haw Caesar net mear dien as jimme Brutus dwaan sille. Alles oangeande syn dea is beskreaun op it Kapitoal; syn gloarje, dêr't dy him takaam, is net ferlytse, en syn missetten, dy't hy mei de dea belije moast, binne net ferswierre. Hjir komt syn lyk mei Antonius as roudrager,
(Antonius en oaren komme op mei Caesars lyk.)
dy, alhoewol't hy gjin hân hy yn syn dea, de foardielen ûntfange sil fan syn stjerren, in plak yn it mienebêst. En wa fan jimme sil dat net? Hjirmei wol ik ôfgean: Lyk as ik myn bêste freon fersloech foar it wolwêzen fan Rome haw ik dyselde dolke ree foar mysels, as it myn lân haget, myn dea nedich te hawwen.
| |
| |
Lang libje Brutus! Libje! Libje!
Bring him yn feestlike optocht nei syn wente.
Jou by syn âffaars him in earebyld.
Wurdt no bekroand yn Brutus.
Wy bring' him thús mei lûd gerop en jûchjen.
Stil! Wês rêstich! Brutus sprekt.
Lit my allinnich gean, myn goede lânslju,
En - doch 't om my - bliuw by Antonius
Om Caesars lyk te earjen, - earje ek
Marcus Antonius rede, dy't hy hâldt
Mei ús ferlof ta Caesars eare en rom.
Lit, smeek ik, hjir gjinien fandinne gean
As my, foardat Antonius sprutsen hat.
Hei! Bliuw en lit ús harkje nei Antonius!
Lit him de mienskipssprekstoel dan bestige.
Wy harkje. Eale Antonius, klim omheech.
'k Bin, tank oan Brutus, jimme rju ferbûn.
Wat seit er dêr fan Brutus?
| |
| |
Seit hy, fielt hy him rju oan ús ferbûn.
't Wie ek net bêst, as hy fan Brutus kweaspriek.
De Caesar wie in twangboal.
In lok, dat Rome fan him is ferlost.
Stil! Harkje, wat Antonius hat te sizzen.
Romeinen, freonen, lânslju, lien my 't ear.
Begrave wol ik Caesar, net him priizgje.
't Misdwaan fan minsken libbet nei har dea,
It goede wurdt faak mei har bient' begroeven.
Sa mei it Caesar gean. De eale Brutus
Hat jimme sein, dat hy earsuchtich wie.
As dit sa wie, wie 't wis in swier fergryp,
En swier moast Caesar dêr foar boete dwaan.
Hjir, mei ferlof fan Brutus en syn oanhing, -
Want Brutus is in achteneare man,
Dat bin hja allegearre: achteneare, -
Kom ik by Caesar's lyktsjinst om te sprekken.
Hy wie myn freon, yn wierheid en mei rjucht,
Mar Brutus seit, dat hy earsuchtich wie,
En Brutus is in achteneare man.
Wat brocht hy tal fan finzenen nei Rome,
Har losjild makke Rome's skatkist' fol.
Kin dat in blyk fan Caesar's earsucht hjitte?
As earme minsken gûlden, skriemde Caesar.
De earsucht is trochstrings fan hurder stof.
| |
| |
Mar Brutus seit, dat hy earsuchtich wie,
En Brutus is in achteneare man.
Elts hat it sjoen, hoe't op 't Lupercusfeest
Ik trij'ris him de keningskroane bea,
En trij'ris weeg're hy. Wie dit syn earsucht?
Mar Brutus seit, dat hy earsuchtich wie,
En, wis, hy is in achteneare man.
Ik sprek hjir net, om Brutus tsjin te sprekken,
Mar inkeld om te sizzen, wat ik wit.
Elts hie him ienris leaf, net sûnder reden,
Wat reden soe dan lette om him te roujen?
O! 't Oardiel socht ûntwyk by 't gloade diert',
En minsken waarden sinleas, -
Myn herte is by Caesar op de bier,
En wachtsje moat ik, oant it hjir wer komt.
Der leit, tinkt my, wol reden yn syn sizzen.
Ja, as men 't goed beskôget, hat men Caesar
Ik noedzje foar in slimmer yn syn plak.
Haww' jimme 't heard: Hy naam de kroan net oan;
Dan blykt dochs, dat hy net earsuchtich wie.
As 't wier is, sille ink'len 't swier belije.
Och, earme siel', syn each is read fan 't gûlen.
Gjin ealer man yn Rome as Antonius.
Slaan him goed acht, no't hy op 'nij begjint.
Noch juster koe in inkeld wurd fan Caesar
| |
| |
De hiele wrâld wjerstean. No leit er dêr,
En d' earme sels bringt him gjin hulde mear.
O, mannen, wie 'k fan sin om jimme herten
Ta razernij en oproer oan te hysjen,
Dan die ik Brutus ûnrjucht, Cassius ûnrjucht,
Dy't, jimme witte it, achteneare binne.
'k Wol har gjin ûnrjucht dwaan, leaver doch ik
De deade ûnrjucht, en mysels, en jimme,
As ûnrjucht dwaan sokke achteneare mannen.
Mar hjir 's in parkemint mei Caesar's sigel;
'k Fûn 't yn syn keamer, 't is syn lêste wil.
As 't miene folk dit testamint fernaam,
Dat ik, ferjou 't my, hjir lêze sil,
Dan kamen hja en patten Caesar's wûnen,
Har doeken dipten s' yn syn hillich bloed,
Ja, smeekten om in hier fan him ta hûg'nis,
En neamden 't stjerrend yn har testamint,
En lieten 't as in kostbere erfenis
Har bern en berns-bern nei.
Marcus Antonius, lês it testamint.
It testamint! It testamint fan Caesar!
Myn freonen, haww' geduld. Ik mei 't net lêze.
Wit leaver net, hoe't Caesar jimme leave.
Gjin hout of stien, mar minsken binne jimme,
En, minsken, by 't ferstean fan Caesar's wil,
Soe 't jimme yn lôge sette, breinroer meitsje.
't Net-witten, dat jimm' him beërve, is 't bêst,
Want wat soe net fan 't witten komme kinne!
Lês 't ús tefoar; it testamint fan Caesar.
Lês 't testamint! Antonius, wy wolle 't hearre.
Wol!' jimme rêstich bliuwe en efkes toevje?
| |
| |
'k Haw my foarby praat, doe't ik dêrfan spriek.
't Ferûngelike achteneare mannen,
Waans dolken Caesar stieken. Ja, dat eangj' ik.
Ferrieders wiene it! Hja achteneare?
De lêste wil! It testamint!
It wienen smychten, moardners! It testamint, lês ús it foar!
Dus jimme twinge my it stik te lêzen?
Sa meitsje dan in romte om 't lyk fan Caesar,
En 'k toan jim him, waans lêste wil dit wie.
Sil 'k ûnder komme? Litte jimme 't ta?
(Antonius komt fan de tribune.)
Yn 't rûn! Stean yn it rûn!
Romte om de bier, stean fierder fan it lyk!
Plak foar Antonius, de rju eabele Antonius.
Nee, kring sa net, stean fierder fan my ôf!
Tebek! Jou romte! Efterút!
Haww' jimme triennen, lit se no dan streame.
In elts ken dizze mantel, 't Hûcht my jit,
Dat Caesar foar de earste kear him droech.
't Wie op in simmerjûn en yn syn tinte, -
Hy hie dy deis de Nerviërs ferslein.
| |
| |
Loaits, op dit plak glied Cassius' dolk der troch,
Sjuch, wat in skuor de nyd'ge Casca makke,
En hjir stiek Brutus troch, dy't hy sa leave,
En doe't dy syn flokwurdich stiel weromloek,
Merk op, hoe't doe it bloed fan Caesar 't efterfolge
En ta de doar útfleach, om wis te wêzen,
Dat wierlik Brutus sa grimmitich kloppe;
Want Brutus, as elts wit, wie Caesar's ingel,
Oardielje, goaden, hoe't him Caesar leave!
Dat wie de fûlste stek fan allegear.
Doe't d' eale Caesar seach, dat Brutus stiek,
Smiet ûntank, sterker as ferriedershân,
Him hookstrooks del. Doe briek syn machtich hert',
En yn syn toga syn gesicht betroljend,
Flak by it fuotstik fan Pompejus' byld,
Dêr't bloed ôfdripte, foel de grutte Caesar.
O, lânslju, wat in swiere fal wie dat!
Want jimme en ik, wy allen foelen dêr,
Wylst bluodderich ferrie, ús hunend geide.
No skrieme jimme, 'k merk de krêft fan dearnis,
Dy't jimme fiele. Dat binne eable drippen.
O, nolke herten, jimme skrieme en sjugge
Oars net as 't wûne klaad fan Caesar. Loaits!
Hjir is hy sels, skeind, sjuch it, troch ferrieders.
O, skobberts en ferrieders!
O, alderbloedichst skouspul!
| |
| |
Wrek! Oan 't wurk! Sykje! Baarne!
Yn ljochte lôge! Deadzje! Moardzje!
Lit gjin ferrieder mear yn 't libben!
Wês rêstich dêre. Hear de eable Antonius.
Wy wolle nei him harkje, him folgje,
Myn freonen, bêste freonen, 'k wol jim net
Oanpoene ta sa'n rimpen stream fan opstân.
Dy 't stik bedreauwen, binne achteneare.
Wat elts foar eigen wrek hie, dy't him dreau,
Ik wit it net. Mar, wiis en achteneare,
Jouw' hja foar fêst wol reden fan har dwaan.
Ik stean hjir net, om jimme hert te stellen;
Ik bin gjin reed'ner lyk as Brutus is,
Mar nei't men wit, in sljucht ienfâldich man,
Dy't hâlde fan syn freon. Dit wisten hja,
Dy yn 't publyk my fan him sprekke lieten.
Ik haw gjin geast, gjin wurden, gjin ûntsach,
Gebearten, foardracht, noch de krêft fan sprekken
Om 't bloed te stikeljen; ik praat rjuchtút,
Fertel oars neat as wat eltsien wol wit.
'k Toan goede Caesar's wûnen, stomme mûlen,
Dy 'k bid foar my te sprekken. Wie ik Brutus,
Brutus Antonius, dan wie 't in Antonius,
Dy't jimme geast ferbjustere, en in tonge
Oan eltse wûn' fan Caesar joech, - de stiennen
Fan Rome's strjitten fergje soe ta opstân.
| |
| |
Foarút dan! Kom! De smurkerts oeral nei!
Mar hear dochs, lânslju, harkje nei wat 'k sis.
Stil dan, en harkje nei ús eale Antonius.
Jim, freonen, wolle wat en witte neat.
Wêrtroch fertsjinne Caesar jimme leafde?
Och, jimme witte it net, ik diel 't dus mei.
It testamint! Fergeaten jimme dat?
't Is wier: it testamint! Bliuw hjir en harkje.
Hjir is it testamint mei Caesar's sigel:
Oan elts fan Rome's boargers makket hy
In som fan fiif en santich drachma's ta.
Rju eale Caesar! Wreke wy syn dea!
Hy lit jimme al syn wandelleanen nei,
Dêrby syn bosk en nij-oanplante hôven
Oan dizz' kant fan de Tiber. Dy behearre
Foar ivich jimme en jim neiteam, om dêr
Jim te fertraapjen, wille en tier te finen.
Sa wie ús Caesar. Komt ea syn gelikens?
Nee, nea, nea, nea. Kom, fuort hjirwei.
Op 't hillich plein ferbrâne wy syn lyk,
En mei de gleone koallen bringe wy
It fjoer yn de ferriederswenten. Draach it lyk.
| |
| |
Ferwoastgje stuollen, finsters, alle dingen!
(Boargers ôf mei it lyk.)
Lit it no wurkje. Unk, dû bist op gong,
Ge an no dyn wei sa'st wolst.
|
|