De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 159] [p. 159] Widzesankje It moskje sjongt yn 't hege reid, It sjongt foar 't lytse berntsje. It lurkje yn 'e wolkens geit Syn liet foar 't lytse berntsje. It roaske kipet troch it glês, It sjucht nei 't lytse berntsje. It wyntsje sûzet troch it gers, 't Fertelt fan 't lytse berntsje. It sintsje blierket heech omheech It skynt foar 't lytse berntsje. It marke leit yn' slom omleech, It droomt fan 't lytse berntsje. De poes sit drôgjend by de hurd En spint foar 't lytse berntsje. It hûntsje tyspelt mei de sturt, En past op 't lytse berntsje. Strak wurdt it nacht, mar ha gjin noed Foar 't lok fan 't lytse berntsje, Dan saaie der ingels del, sa goed, En weitsje foar ús berntsje. Vorige Volgende