De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 160] [p. 160] It doke Yn 't bosk wie 't allegearre rêst, De fûgels slepten yn har nêst. Allinne in jonge hôfdo siet Jit yn in beam en song syn liet, Hy fûn 't sa moai syn roekoe-oe, Dat hy noch lang net swije woe. Mar troch it bosk dêr sloep in murd, Hy trape sêft mar rûn dochs hurd. Gau hied er 't doke by de kiel En die der mei in lekker miel. Ja, fûgeltsjes, leau dit mar wis: Sjong noait, as 't tiid fan sliepen is. (Nei it Deensk) Vorige Volgende