De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 155] [p. 155] It fersin fan in aldfaam Jan hie no al trije jierren Mei syn Jantsje boaske west. 't Wiene flinke jongeljue En se warden har ek bêst. Mar, hoe skoan ek alles like, Berntsjes kamen der mar net, En se hienen allebeide Dochs har sinnen dêr op set. ‘Wêr 't oan leit,’ sei Jan tsjin Jantsje, ‘'k Wit it sikersonk net mear.’ 't Wyfke skriemde en miende: ‘'t Lei mar Oan de segen fan de Hear.’ ‘No,’ sei Jan, ‘mocht dat sa wêze, Lit ús bidde, leave frou, Dat w' in bern fan boppe krije, As in kroane op ús trou.’ Jantsje tocht: It soe net helpe, 't Bidden fan sa'n sûndich pear. 't Wie al fierstelang fersomme, Nee, har freegjen holp net mear. Mar hja hie in âlde muoike, O, dat wie sa'n frommen ien. Yn de lêste fyftich jierren Hie hja nea gjin sûnde dien. En nea yn har lange libben Hie hja 't each op manlju slein. Ja, sels yn har jonge jierren Wie dat folk by har ferspein. [pagina 156] [p. 156] Alle wrâldske idelheden Hie hja fier op side treaun, Dêrtroch wie hja sûnder sûnde, Mar - ek sûnder sûndaar bleaun. ‘As ús muoike no,’ sei Jantsje, ‘Mar ris foar ús bidde woe, - O, hja kin 't sa dierber sizze, - Licht dat dit noch helpe koe.’ Jan fûn 't goed, en sa teach Jantsje D' oare middeis al op wei. Lekk're druven en in pûdfol Allerhande naam hja mei. En dan hie hja yn har kuorke Jit in flesfol beiewyn. Sok swiet iten, sa'n swiet sûpke Naam 't âld-minske jerne yn. Muoike wie mei Jantsje komste Dan ek danich op 'e trie En troch praat en jitris praten Wist hja gau, hoe 't spultsje stie. Ja, hja koe 't har wol begripe, Wêr oft nicht de stikel stiek, En wat oan it houlikslibben Fan har man en har ûntbriek. En hja woe har fromme krêften Graach foar 't lok fan Jantsje jaan, Want it bidden om in berntsje Wie ek wol in bibelsk dwaan. [pagina 157] [p. 157] 't Swiet petear fan 't âlde wyfke, Jantsje groeide der suver fan. En mei nije moed yn 't herte Gyng 't jongwiif wer nei har man. Muoike naam dy selde jûns noch Mannich gleske fan de wyn, En de druven mei de koekjes Glieden der ek swietwei yn. Dêrtroch fielde hja fan binnen Har sa sillich en sa goed, Dat hja bidde koe foar Jantsje Ut it djipst fan har gemoed: Dat hja gau in lytse harte Yn 'e nane hawwe mocht, Foar syn âlden en foar muoike Ljocht en libben, wille en nocht. Mei dy bea jit op 'e lippen Sonk hja sêftkens yn 'e slom, Mar waard ringen tige woelich, Kearde op 't bed har om en om. En waard einlings kjel tewekker. Mei in eangstgjalp sprong hja op. Hea, wat dreamde hja dêr wûnder, Al mar oer in lytse pop. 't Kaam fan swietekau en druven, Mar... it siet har hjir sa stiif... En it romm'le sa fan binnen, En... hja krig' sa'n pine yn 't liif... [pagina 158] [p. 158] O, it waard har eang om 't herte, En hja tocht sa: ‘Leave sij, Ha 'k wol dúdlik sein wat 'k miende? Is it no ek mis mei... my?’ En hja rôp yn har benaudens: ‘Heare, ha Jo 't goed ferstien? 't Wie foar Jantsje, dat ik frege, Sels hoech ik gjin lytsenien.’ Vorige Volgende