De wylde boerinne en oar wurk
(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 151]
| |
Poëzij | |
[pagina 153]
| |
Drylts (Ijlst)Ga naar voetnoot1In skip sûnder roerGa naar voetnoot2,
In stêd sûnder stjoer.
Sa leech ha se alearen âld-Drylts wolris lein,
Mar no hat de Boazumer Dokter ús seinGa naar voetnoot3
Hoe 't einlik wol wie mei dat skip sûnder roer,
En dêrmei is 't smeulen en húnjen fêst oer.
Doe't de Wimerts jit streamde en de kromme Himdyk
Jit de skied wie fan 't lâtunus syn rykGa naar voetnoot4,
Doe't jit wetter en sompe en bosk wie, wêr't no
Yn 'e mieden it gers waakst foar skiep en foar ko,
Doe kamen ús heidenske foarfaars hjir gear,
As har Kening ferstoarn wie, en joegen him ear,
En lein' him te rêst yn in skip sûnder roer
As blyk fan betrouwen op 't Godd'lik BestjoerGa naar voetnoot5.
De Dryltsers fan no binn' wol tankber foar de ear.
Mar oan keen'gen dy't dea binne ha se neat mear.
Hja moatte it no mear fan 'e reedriders ha -
Fan libbene, mien 'k (ja, leafst libben foar twa).
Is 't iis der en fleane de riders der oer:
De redens fan Drylts jouw' har fuortgong en stjoer,
En fleane se ús hantsjefol stêd wat te nei,
Dan moat der in pûde fol kypmantsjes mei!Ga naar voetnoot6
|
|