stap nei de stêd. Mei de iene hân hâlde hy it hoarntou fêst, wêroan de ko bûn wie, yn de oare hied er in tichtbûne sek, dy soms rare maneuvels makke. It wie dúdlik, dat der wat libbens yn siet.
Hy hie noch net lang mei syn ko merke, of der kaam al in keapman op los, want it wie in gaadlik bistke. Wat de boer frege?
‘Ja man,’ sei Klemmer, ‘ik haw hjoed wat in nuvere handel. Ik haw in ko en ik haw in fet knyn. En no haw ik myn wiif fersein, dat ik it iene bist net sûnder it oare ferkeapje sil. Wa't de ko keapet, moat it knyn ek nimme, en it knyn giet net fuort sûnder de ko.’
De feekeapman lake. Hy hie hielendal gjin knyn nedich, mar as er de ko om skik krije koe, woe er it knyn der wol by nimme, al soe er it dan oan in jonge weijaan.
‘En wat freegje jy foar beide bisten?’
‘De ko kinne jo krije foar twa kwartsjes en it knyn foar twa hûndert en tsien gûne.’
‘Op de ko wol ik net tingje,’ andere de keapman, ‘mar it knyn is my te djoer. Ik bied der hûndert fiif en tachtich gûne foar.’
Doe gyng it op in hantsjeplakken, en it eintsjebeslút wie, dat de keapman de ko kocht foar twa kwartsjes en it fette knyn foar twa hûndert gûne.
Der is wis op 'e merk noait gjin goedkeaper ko en gjin djoerder knyn ferkocht. Boer Klemmer lake yn syn fûstke. Hy kocht in gleske brandewyn mei sûker mear as oars, naam foar syn wiif in fine koeke mei en stapte woltemoede nei hûs. No en dan bleau er efkes stean en glimke sa fernoege, dat syn mûle hast fan it iene ear ta it oare rikte. Mar dan waard er earnstich en tocht by himsels:
‘Dy earme keapman! Wat sil er in stik jild op dat knyn sitte litte.’
Doe't er thúskaam, makke er syn wiif wiis, dat de ko hûndert fiif en njuggentich gûne opbrocht hie - hy moast dochs ek wat bûsjild hâlde - en hja burch, ek wol foldien, it jild yn 't kammenet.