| |
| |
| |
In dochter fan radboud
It wie yn it jier 700, doe't de Frankyske biskop Vulfrannus, nei't de kroniken sizze, dêrta oantrune troch in dream, nei Fryslân teach om de aartsbiskop Willebrord te helpen by de bekearing fan de heidenske Friezen ta it Kristendom. Dit wie wol nedich, want ûnder de godleaze kening Radboud kearden de Friezen al mear en mear ta har âlde brûkmen werom. Vulfrannus lykwols wie iverich, sêft fan gemoed en dochs noait bang, en dêrby sa glêd fan tonge, dat it Kristendom him wer mear en mear útbreide en einliks de boaze kening sels oerhelle waard, him dope te litten. Doe barde it yn Medemblik, dat Radboud syn iene foet al yn 't doopfont hie, mar dy tebek loek, omdat hy leaver by al syn foarâlden yn 'e hel as by it lytse heapke Kristenen yn 'e himel wêze woe.
De learden fan letter tiid, dy't der altyd op út binne, it moaiste út de skiednis wei te nimmen, hawwe útmakke, dat der fan dit ferhaal neat wier is, of teminsten, dat der neat gjin fêstichheid fan bestiet. Lit dat sa mar wêze. Dit lytse teltsje jout ús dochs better begryp fan wat dy âlde Friezen om 't hert lei, as it tsjokste en leardste boek oait dwaan kin. En no mei Radboud it fertsjinne hawwe, dat er yn de kroniken altyd de boaze, godleaze, ôffallige kening bleaun is, de Friezen fan letter tiid koenen dochs jit altyd wol sa goed mei him meifiele, dat se dit ferhaaltsje fan de mislokte doperij jimmer ûnthâlden hawwe, al hienen se oars har hiele skiednis fergetten.
Dêrom sil it har wol nocht dwaan te hearen, dat der jit in dochter fan dy stege âld-kening ûnder har libbet. Hjirmei wurdt fansels Eyla net miend, dy't foar tolvehûndert jier op 't Rea-Klif siet te sjongen en doe de wize fan de Loreley al koe, mar in jongfaam út dizze tiid, dy't lykwols blyk jûn hat, dat it bloed fan Radboud noch yn har ieren streamt. Hja hjit Boukje, mar wurdt leafst Bouwina neamd, en hat noch leaver, dat men juffrou tsjin har seit. Dêrom giet hja sa
| |
| |
graach nei de stêd, want dêr is it juffrou foar en nei. De winkellju sjogge danige gau, dat it der mei de faam wol oansit, en wolle graach wat juffroukje foar in pear fan de pompierkes, dy't yn har moai en djoer taske sitte, destemear, omdat de juffrou har sa maklik wat nijs en keapsjochs oanprate lit.
Bouk har heit wie earen Sjoerd Winkelman en har mem wie Sjoerde Kekke, mar de heit fan juffrou Bouwina is yn de oarlochstiid in man fan kaptaal wurden, en har mem is no frou, en soe ek wol juffrou wêze kinne, as hja net te ienfâldich fan aard en te âld west hie, om mei de tiid mei te gean. Mei har heit is it krektsa. Hy is in betûft keapman bleaun, dy't oppast, dat wat er troch bûtenwenstich lok wûn hat, net wer troch spikkelearjen ferlern giet, en syn kaptaal troch solide handel no steviger makket en fergruttet.
De weelde moast lykwols op de iene of oare wize dochs in útwei fine en blinke foar de eagen fan de wrâld, en hjirfoar moast de iennichste dochter tsjinst dwaan. Heit en mem hâlden dêr foar harsels net fan, mar Boukje mocht de minsken de eagen útstrike en as 't har betrof, seach de keapman op gjin jild. Lokkich woe Bouwina har hjir wol yn skikke, en hja wie dêr ek wol geskikt foar. Hja wie in kein jongfaam, grut en krêftich fan bou - wat al te grut en al te krêftich, tocht hja sels wol ris, as hja de porsleinen moadepopkes yn 'e stêd seach - reafallich fan útsicht, mar mei kleare, bliere, brune eagen en prachtich swart hier ... wat al te reafallich hie hja yn 't earst tocht, mar it treaste har, doe't hja yn 'e krante lies, dat de dames tsjinwurdich har bêst dogge om in brune skouwing te krijen.
Neidat heit ryk wurden is, is der fan de tsjeppe Bouk net folle oerbleaun, mar de pronkemoaie juffer Bouwina is derfoar yn 't plak komd. Dy draacht no koarte jûpen, sidene hoazzen, bûnte bloezen, jumpers en jerseys, en as hja fuortgiet in read manteltsje by in griene kostúmrok, of hja is fan top ta tean yn it wyt, as hja op de glinsterjende nije fyts nei de stêd rydt. Sneins is hja eptiger, want dan giet hja yn in donker ‘telermeed’ kostúm nei tsjerke.
| |
| |
Dy moaie klean foegje har wol. Hja hat der wol lea foar, om wat mear sjen en riede te litten as de âlde wyfkes earber achten. Mar hja hat altyd lêst fan dy hege hakjes ûnder de skuon. Dêr kin hja wakkere mâl op omstrampelje. Op 'e redens hat hja noait lêst hân fan sloppens yn 'e ankels, mar op dy learskes mei stelthakken swikt hja om 'e tsien stappen fansiden.
Rink hat al ris pleagjend tsjin har sein, dat hja wis noch hurder foarútkomme koe op har memme toffels as op dy nijerwetske frouljusskuon, alhoewol it drafkjen ek net meifalt as men net folle om 'e hakken hat.
Rink wie de feint fan Bouk, mar moast him letter treastgje de ‘hear’ fan Bouwina te wêzen. As feint wie hy in boppenste bêste en Boukje hâlde in boel fan him, lyk as hy fan har. Mar as hear foldocht er sa goed net mear. Hy waard as boeresoan alear yn stân in bytsje boppe syn faam steld, alhoewol hy sels dat net die, mar sont Sjoerd winkelman sa'n grut keapman wurden is, begjint Bouwina wat op har frijer del te sjen. Net dat er him net goed foardocht, mar hy lit wat tefolle blike, dat Boukje him leaver is as de útwrydske klaaiing fan Bouwina, en mear dan iens skynt hy it net iens te merkbiten, as hja wer wat nijs oan hat. Dat stikelt har tige, benammen as er it narjen hast net litte kin, lyk as mei de toffels fan mem.
De juffer, dy't Boukje as in lyts diveltsje yn beslach nommen hat, tinkt der wol ris oer, dat hja Rink wol kwyt woe, as hja mar in oare, echte hear foar him yn't plak hie. Mar oan de oare kant is der in ingeltsje yn har, dy't har talústert, dat Rink en hja altyd safolle fan inoar hâlden hawwe, en dat hja mei him ek har libbenslok ferstjitte soe. Of soe it al te let wêze? Soe it diveltsje de striid al wûn hawwe? Hja wit sels net rjucht, wat hja dêrfan tinke moat, mar wier is it, dat hja en Rink justerjûn wurden hân hawwe, en dat hy har wurden bêst sa opfetsje koe, oft alles tusken har beiden út wie.
Bouwina wie útfanhûs frege by in omke en muoike, noch al eptige lju yn 'e stêd, wêr't hja sa lang bliuwe koe as hja woe. Dêr hie hja tige smucht op, want hja koe noait better
| |
| |
gelegenheid fine om de manieren fan de stêdsjuffers ôf te sjen en sels altyd in juffrou te wêzen. Rink sei, dat hy dit net sa tige nedich fûn. As se trouden, soenen se fansels dochs yn in doarp, of as 't slim kaam, midden yn 't fjild, húshâlde moatte, en wat soe hy mei in fine juffrou yn 'e buorkerij dwaan? Dêr hie hja tsjin ynlein, en op 't lêst wie 't har ûntfallen, dat hja mei har slompe jild gjin boerinne hoegde te wêzen. Op it slimst soe men har yn 'e buorren Rinke Bouk neame. Nee, as Rink net wat heger op woe, moast it mar út wêze. Hja gong nei Ljouwert en it koe wol moannen duorje foar't hja weromkaam. As hja dêr immen krije koe út de foarname stân, soe hja it net litte.
Dat alles hat hja sein sûnder it júst sa earnstich te mienen. Hoe soe Rink it opnommen hawwe? Hy hat har sûnder antwurd te jaan ferlitten. In bytsje spyt hat hja wol. Mar alles goed besjoen, tinkt hja, is it sa dochs mar it bêste. Hja is no frij. Docht him yn Ljouwert wat tige goeds op yn de foarm fan in hear, dan kin hja tapakke, en oars, - no dan komt hja werom, en mei in freonlik glimke en in gleone loaits út har brune eagen kin hja Rink altyd wol wer nei har talûke.
Dus mar gjin soargen foar de tiid. Fan 'e middei giet hja op reis. De klean, dy't hja oan ha moat, lizze op in stoel klear, en de spullen, dy't hja yn Ljouwert brûke moat, pakt hja yn in grutte, reiden koffer. Dat is foar in frommis in wurkje om alle beswieren by te ferjitten.
Einlings lykwols wachtet har noch in dreech kerwei. Hja moat har fuotten jit waskje, want dat sil nimmen fersomje, dy't útfanhûs sil. It kin ommers barre, dat men by oaren yn deselde keamer sliepe moat! Yn de koken stiet in tobke mei lij wetter klear, dêrneist de kop mei griene sjippe en in hândoek. De faam giet dêr op in stoel by sitten, en lûkt ien skoen en ien hoas út.
It waskjen wie wol nedich. It is sa fêst al in hiele toarn lyn, sont Boukje útfanhûs west hat.
Hja begjint de foet ryklik mei sjippe te bestriken, stekt him yn 't wetter en giet dan oan 't rossen. Hja heart, dat der
| |
| |
skille wurdt en in eagenblik letter komt mem yn 'e koken mei in brief yn 'e hân.
In brief foar dy fanke, seit hja. Wat dat betsjut, begryp ik net, mar ik woe him net iepenmeitsje.
Boukje wurdt efkes kjel. Hja tinkt allerearst oan Rink. Soe dy skreaun hawwe? Dan, dat fettet hja wol, is it om it foar goed tusken har beiden út te meitsjen. Dat soe har dochs spite. Hja woe, as it yn 'e stêd mislearre, Rink sa graach efter 'e hân hâlden hawwe, foar 't gefal, dat de need oan 'e man kaam. Mar nee, it stimpel is fan Ljouwert. Altyd noch mei de iene foet yn 't wetter skuort Boukje it slûfke iepen. Hja lêst. Och hearken, dat is noch slimmer as dat Rink skreaun hie. Muoike is siik wurden, skriuwt omke, en it lit him oansjen, dat it wol ris in langduerich fertrek wurde kin. Nicht moat der dus mar net op rekkenje, dat hja yn de earste tiid komme kin.
Boukje frommelt it pompier yn elkoar, wurdt fjoerread om 't gesicht, en dan begjint it bloed fan Radboud yn har ieren te brûzen en te sieden.
As ik dan net útfanhûs kin, ropt hja krankyl, hoech ik myn fuotten ek net te waskjen! En nei dizze histoaryske wurden utere te hawwen, lûkt hja de iene foet tebek ût it doopfont, - út it wasktobke fansels, droeget dy ôf en lûkt har hoas en skoen wer oan.
En sa rint dizze wurdige ôfstammeling fan de gruthertige Fryske kening no rûn mei ien swarte en ien healwosken foet. Beide lykwols binne ferskûle ûnder sidene hoazzen en brune of wite learskes. Mar ûnder de lêste sitte hege stelthakken en Bouwina mist foar goed de stipe fan Rink syn sterke earm op har hobbelich libbenspaad.
|
|