inkelen op side, wiisde mei har toarre finger op ien fan de liken en sei: ‘Dat is kening Harald!’ Doe sonk hja dea op ierde.
De leaf de hie har laat. Neier ûndersyk brocht oan it ljocht, dat hja nei wierheid de kening oanwiisd hie.
Dit foarfal, wêr't Heinrich Heine in moai gedicht oer makke hat, dat fan De Génestet yn 't Hollânsk lilk bedoarn is, komt jin fansels yn 't sin, as men lêst oer it wûnder, dat yn 1546 te Frjentsjer bard is.
De âlde deagraver op it hôf by de St. Martenstsjerke, Bokke Piers, hie oansizzing krigen, dat er de oare deis in grêf dolle moast foar in manspersoan. Bokke, dy't al mear as fyftich jier syn baantsje waarnommen hie, ûntfong sokke boadskippen sa faak, dat hy him der hast net mear om feroare. Hy die, wat er altyd die, skodde syn âld holstik efkes en bromde syn gewoane wurden: ‘Al wer ien.’ De jûns naam er syn boek, dat er syn register neamde, en wêr't hast gjinien behalve hysels wiis út wurde koe, om nei te sjen, wêr't it grêf komme moast. Al gau fûn er it geskikte plak. ‘Hjirre,’ sei er, ‘hjir hat Gysbert Ens no twa en tritich jier rêst. Hy mei no wol ris plak meitsje foar in oaren.’
De oare moarns begûn de âlde man al bytiids te dollen. It begjin meitsje koe er noch mei syn krom lichem dat ek al tige nei de lodde begûn te rûken, mar as de kûle safier kaam, dat de modder omheech smiten wurde moast, dan dienen de feint, dy't men him al foar jierren ta help jûn hie, en syn soan it wurk. De âlde bleau boppe en samle de bonken op, om dy nei de bientsjekou te bringen. Sa stie er no ek wer by de râne fan it grêf, alhoewol hy net ferwachte, dat der folle fan Gysbert Ens oerbleaun wêze soe. Yniens waard er lykwols tige kjel, want der waard út 'e kûle mei in ferheard lûd skreaud:
‘Heit, - baas, sjoch hjir ris.’
Hy bûgde him foaroer, en dêr seach er yn 'e kiste, wêrfan it heal ferrotte lid ôfrekke wie, in lyk lizzen, net inkele bonken, mar in lyk yn syn folle hear en fear. De jonge mannen wienen dêr sa fan út 'e skroeven, dat se sa hurd as se koenen nei