| |
| |
| |
Freark fiskerman
(In teltsje fan de Tsjûkemar)
Freark hie yn syn jonge jierren de divel sjoen.
Hy wenne mei syn âlde mem allinnich yn in lyts húske, dat op in hege pôle flak efter de mardyk stie, wêr't syn heit en syn pake ek wenne hienen. De âldste minsken hienen de klinte noait oars kend as er no wie; mei smoarch-wite muorren, lytse ruten, dy grien en blau en pears skynden fan 't waar, dat der yn siet, en in grienbewoeksen dak, dat oan de iene side hast oan de grûn ta kaam. Op it hiem stie in grutte taantsjettel op mitsele steunders en hongen swarte netten te druien oan fûkstokken. Yn in gloppe fan de mar leinen in aak en in fiskersboat en hongen yn kjetlingen grutte, fjouwerkante kearen. Mar de fartugen wiene meast fuort, want Freark wie mar komselden thús. Hy doarme rûn op it wide wetter en kaam allinnich by honk, om fisk ôf te leverjen of syn mem it jild te bringen, wêr't hja fan libje moast.
Syn mem wie in âld, lyts wyfke, dy't noait fan de pôle kaam. Hja soarge foar in pear skiep en oars siet hja meast te mimerjen of te lêzen. Fan har heit, ien fan dy sûnderlinge, ienlike wysgearen, dy men noch yn efterôfkriten fan Fryslân fynt, hie hja in heap âlde, tsjokke boeken urven, yn perkaminten bannen en mei gothyske letters. It wiene meast godstsjinstige wurken, as fan Brakel, Smytegeld en d'Outreyn, mei wiidweidige tekstútlizzingen, mar der wiene ek boeken by oer de skiednis en mei wûndere ferhalen út âlde tiden. Har heit hie har leard, om dat alles te lêzen, en altyd wiene har tinzen dêr mei dwaande. Mar jûns knibbele hja del foar in âlderwetske knopstoel en bea foar Freark, foar har soan, dy op ferkearde paden gyng.
De feint siet, as der neat te fiskjen wie, meast yn ien fan de herbergen, dy men doe by alle brêgen yn de omkriten fûn, te sûpen en te kaartspyljen. Healdronken socht er yn 'e nacht syn aak wer op om te sliepen, en as er dêr net komme koe, lei er oan 'e dyk. It hindere neat, as er moarns trochwiet
| |
| |
en kâld wie, want hy wie izersterk. Ienkear hie hy de winters in priis wûn mei hurdriden. Dy nachts slepte hy yn de snie tsjin in polderdykje oan, mar de oare moarns knapte hy him op mei jenever en wûn dyselde deis wer in priis. Dochs wie hy mei al syn krêft ferlern gongen, as syn mem net foar him bidden hie.
Op in jûn kaam hy in weardshûs yn, neidat er dy deis al faker as ienkear oanstutsen hie. Trije fan syn minste maten sieten al mei de kaarten op him te wachtsjen.
‘Toe, gau,’ rôp men him ta, ‘dyn stoel stiet al klear.’
‘Mar,’ stammere Freark ferwezen, jimme binne ommers al fjouweresom.’
Ja, hy seach op de fjirde stoel dúdlik immen sitten, en hy seach ek wa it wie. Dy fjirde man stoarre him oan mei gleone eagen, wylst de lôge út de noasters sloech. It hier stie him steil oerein, oft der hoarntsjes ûnder stiken, de giele hûd wie stippelich as einefel, mei hjir en dêr in ûlefearke, en ûnder de tafel tyspele in kowesturt. It wie nimmen oars as de divel sels, dy mei in spul kaarten yn de kloeren, op Freark syn plak siet.
‘Nee, satan! yn der ivichheid net,’ gûlde de feint en fleach de doar út, rjucht op hûs ta, oer stekken en troch sleatten. Mar de kweade liet him sa maklik net los. Hy wie flak efter Freark, en foar him, boppe en ûnder en oan alle siden. Hy griep him oan mei syn kromme klauwieren, hompte en skuorde him hin en wer, sadat de sterke jongfeint slingere en stuite as syn aak by ferheftige twirren op 'e mar. Freark lykwols fûn krêft, om alles troch te stean, want jinsen blonken, giel yn 'e swarte nacht, de finsterkes fan de wente, wêr't syn mem foar him bea. Einliks hie er oerwûn en wie hy by har, en dyselde nachts knibbele hy neist it fromme, âlde wyfke del foar de knopstoel.
De jonge fiskerman wie bekeard, mar fan dy tiid ôf, wie hy ek minskeskou. Men seach him net mear yn it doarp. Hy swalke rûn op de grutte mar, mar as in skipper of in boer him foarby kaam en in praatsje meitsje woe, wie Freark sa stom as de fisken, dy't er fong. Jûns siet er meast stil by syn mem
| |
| |
te nettebreidzjen, en it wie dizze tiid, dat hja him learde te lêzen yn har âlde boeken. En hja fertelde him lústerjend bûtenwenstige dingen fan himel en ierde, fan divels en ingels, fan geasten en spoeken, dingen, dy't hja sels net wist, wêr't hja se wei hie. Freark syn ferbylding waard fol fan dy wûndere teltsjes mei de skynsels, dy no oeral yn de natoer foar him begûnen te libjen, en ringen wist hy ek te fertellen fan folle bjusterbaarliks, dat him oerkomd wie by syn omdoarmjen yn ûnbefieme romten. Ticht by elkoar sieten it âlde wyfke en de jongfeint yn de healtsjustere keamer elkoar har geastesgeheimenissen yn de earen te lústerjen, en foaral waard har ferbylding wekker, as de stoarmwyn oer de mar gûlde en op har lytse wente oanfoel, sadat it spatwetter as heilstiennen tsjin de ruten klettere en de skomflokken as wite ûnwaarsfûgels oer it tek fleagen. Dan wisten hja súntsjes te fertellen, wat de stem fan de stoarm har bolderjend sei.
Mar ek by ljochtskyndei ferlieten de drôgbylden har net. Faak sieten se op de dyk, hja as in ferskrompele heapke klean, wêr in minske-antlit út weikipe, hy grut, foars, de holle mei it swiere burd rjuchtop. Hja seagen nei de weagen, dy út it westen oanrôlen en as bûljend skom yn it reid ferrûnen, of nei de wolkens heech yn 'e loft. Dêryn seagen se wûnderlike minsken en bisten, dy't se elkoar oanwiisden, en hast altyd koenen se itselde sjen. It like, oft hja hielendal ien wurden wiene troch it wûnderbaarlike, dat mei har geast yn de grutte iensumheid fan loft en wetter ferwoeksen wie. Loft en wetter - dat wie har hiele wrâld, want oan de lânkant hiene se mar in stikje sompich bûtlân en dan waard it útsicht ôfsnien troch de tichtbegroeide strjitwei.
Freark lykwols kaam linkendewei wer safier, dat er him soms ûnder de minsken joech, mar hy sei noait folle en wie altyd like earnstich. Doe syn âlde mem einlings stoarn wie, rêde er alles sels, en mear as tritich jier oanien hat er hielendal allinnich de brekfallige klinte efter de dyk bewenne.
En dochs skynde hy it hast net te merkbiten, dat it âlde minske by him weinommen wie. Har geast wie jit altyd om en by him. Jûns yn de healtsjustere keamer fielde hy, dat hja
| |
| |
der ek wie en hy hearde dúdlik har nuvere teltsjes. As hy yn ien fan de tsjokke boeken lies, seach hja oer syn skouder en makke him dúdlik, wat hy net sa gau fette.
Mar ek bûten syn mem fielde hy him noait allinnich. Alles om him hinne waard bewenne fan libbene wezens, waans skouwing yn siele wjerspegele en waans swietlûdige sangen hy hearde, by nacht en by dei. Yn 'e ierde, de loft en it wetter húsmannen de geasten, dy Freark allegear koe en dy er wûnderlike nammen joech, nammen út syn boeken of dy er sels betocht. As er yn 'e dykside lei te sintsjen, kamen der lytse pjutten fan geasten as mûskes op út 'e grûn. Hja piepen freonlik mei fine stimmen en aaiken him sêft oer de hannen en yn 't antlit. Dat wienen deselde hummeltsjes, dy him yn 't foarjier nei de nêsten mei bûnte aaien fierden, dy Freark folle mear fûn as in oar. En it rûzjende reid, dat oan de marsiggen en yn de opfearten altyd om en by him wie, wie fol leaflike wezens, dy him har swiete lieten songen, as er mei syn boat stil tusken de lizen en doeren lei. Mar foaral yn it wetter wennen de geasten. As it stil wie en in wite dauwe oer de mar teach, seach hy se yn lange, slepende kleden sêft foarby gliden. Hy knikte se freonlik ta, en it sûzjen fan de keabele weachjes wie it swiete reauntsjen fan har andert. As it hurder waaide, seach er boartsjende geasten ûnder wetter djoeien. Hja laken en geiden en no en dan seach hy se boppe kommen mei wite hollen en hannen. Mar by in stoarm wiene se freeslik en earnstich. Dan spriek tsjin Freark de geweldige stimme Gods, dy't oer de wetters wie. Mar bang wie hy net, want alle geasten holpen him. Hja wiirden him de nêsten fan de wylde fûgels en de plakken, wêr't hy syn lysterstrikken sette moast yn de beamkes by de dyk. In goede wettergeast holp him by it dobber-útsmiten, it fûke-setten en it skeakeljen, en nimmen fong mear as hy.
Ja, alles soe goed west hawwe, as der soms ek gjin tsjoede geasten op him loslitten waarden. Dan wienen de eardskes út 'e grûn swarte bisten dy tsjin him opklauden en him oeral bieten en knypten. Se sieten him efternei en har skril lûd pinige syn harsens. Yn 't rûzjen fan it reid en it sûzjen fan de
| |
| |
weagen hearde hy grousume flokwurden en skeldnammen. Falsk gnyskjende gesichten en drigende fûsten seach er opkommen út de tsjustere mar. Nearne fûn hy rêst, en syn grutste tsjinstander, de opperste satan, Sammaël, siet yn de groukoppige, ferwoeksene wylgen tusken it reid.
Dan, poerrazend, wraksele hy yn wanhoop mei syn fijân. Mei fûsten en fuotten sloech en skopte er sa fûleindich as er koe, tsjin de beamstobbe, ont it bloed him by de hanhen delrûn en hy einlings sûnder besef, dwyljend delfoel, mei it brûs op de mûle en de stoarjende eagen wiid iepen. As er dan wer by kaam, wie de set oer, mar hielendal better waard hy earst as hy wer bidde koe.
Want Freark wie tige from, en mannichien út de omkriten seach him oan foar in profeet, wêr't hy op syn âlde dei mei syn lang, griis burd en de ljochte eagen, heal ferskûle efter tsjokke wynbrauwen, dan ek in bulte op like. Hy bleau altyd like sterk. Syn grut, bienbitich lichem hâlde him rjucht-op en syn senen stienen spand as stieltrie ûnder it taande fel. Faak waard hy om foarbidding fersocht by slimme siken, en mannichien skreau syn genêzing ta oan Freark fiskerman.
Ek hie er folle dingen, dy't letter barden, al fan tefoaren sein. Of hie hy lang foar de oarloch gjin kloften ferwoaste mannen sjoen, dy't fjuchten yn 'e loft, en hie er net sprutsen fan in bloedrein dy't út reade gleone wolkens foel? Fan syn libben yn de ienlike hut waarden allerhande wûnders ferteld. Der waard sein, dat er skatten jild besiet, en hie hy him ek net útlitten, dat der in leaflike jongfaam by him ynwenne? It wie ek sa, dat yn in hoeke, ûnder in heap netten in blikken sigarekistje stie mei jild, hoefolle wist Freark sels net. En in leafste hie er ek.
Hy wie ris mei syn boat stjitten op in grou stik hout, dat tusken wetter en wyn dreau. Hy hie dit meinommen, want de mar ferskafte him ek syn branje, en op 'e pôle tsjin in ferskrompele apelbeam te druien set. Doe't er in pear dagen letter by tsjuster thúskaam, seach er de peal oan alle kanten glinsterjen en gloeien, en yniens stie it him foar, dat yn dat hout de ljochte geast fan in leaflike, blanke jongfaam wenne,
| |
| |
dy de earmen nei him útstiek en bea om ferlossing. Want hy seach har yn de macht fan de swarte wrigge yn 'e apelbeam, wêr't hy al faak mei wraksele hie. No griep er de bile en earst, doe de beam kreakjend op side foel, fielde hy him oerwinner en koe er syn ljochte breid mei him yn de hut fiere. Yn 'e nacht fûn hy har namme, dy Pallabra wie. Hja libbe no altyd by him en ferballe de geast fan syn mem. Oerdei brocht Freark syn peal yn 't sinneljocht en jûns siet er lang mei syn leafste te praten. Yn syn boat doarst er har net meinimme, mar as er op it wetter omtoarke, wiene syn tinzen altyd by har.
Mar de leaf de soe syn ferdjer wurde. Op in jûn lei er mei syn aak oan de westkant fan de mar. Hy hie him deljûn op in heap netten en seach omheech nei de stjerren, dy ek geasten wiene foar him, mar sa heech, dat hy net wist oft se goed of tsjoed wiene. Hy rekke yn de slom en murk net it wolkje as in manshân, dat opkaam oan de kirnen. Hy seach net, hoe dat wolkje grutter en grutter waard, ont de hiele westerhimel swart wie mei smoarchgrize streken en koppen der tusken. Jit lei de mar stil, it wetter wie as raand lead, en de reidplommen stienen rjuchtop. Mar hommels die in wynpûst de weagen opstowen en it reid bûgde de holle oatmoedich del op it swarte wetter. De aak skodde, júst as woe er de fisker warskôgje, en ringen stie Freark oerein. Swart en tsjuster wie it om him hinne, en hy fielde yniens, dat foar him it eagenblik kommen wie, om de swierste striid fan syn libben te striden.
Hy seach de boaze geasten, dy oanstrûsden út it westen, de hollen yn 't swurk, de lange mantels slepend op de ierde, mei útsprate earmen, wêrfan de wide mouwen leech delhongen. Hy fielde, hoe har wiete klean him yn 't oansicht sloegen, en hy hearde har wyld gûlen troch it túch fan syn aak. In amerij stie er ferwezen, mar doe foar him in twirre yn 't wetter sloech, sadat it wite skom heech opstode, seach er opiens har, seach er Pallabra. Doe ferstie er it húnjend gegei fan de tsjoede nachtgrimen, dy't om him hinne gierden, en dêr tusken hearde hy in akelike needgjalp. It wie Pallabra,
| |
| |
dy't om help rôp. ‘Hja is uzes, uzes...’, krieten de geasten. ‘Help my, Freark!’ rôp syn leafste.
Ja, hy moast har rêde, no hja yn hannen wie fan de tsjoede machten. Syn fingers fûnen ek yn 't tsjuster elk toutsje, en ringen hie er de aak los en it seil omheeeh. It trouwe fartúch skodde fan ûnderen ta boppen en batste dan mei de brede kop swier yn de wylde weagen. Mar it fielde de hân fan syn master oan 't roer en foarút gyng it troch it skolprige wiet, dat it wite skom heech opbrûsde foar de boech. Underweis moast Freark in pôltsje foarby, wêr't in ienlike wyleh no heal yn 't wetter stie. Syn tûken sieten fol skom, en fan de lijkant rûn in lange stream fan wite bûlen út syn stam. Dêr seach de âlde man yniens syn blanke leafste yn de ferfijlike earmen fan de ferflokte Sammaël.
‘Pallabra, ik kom,’ rôp er mei in stim, dy't boppe de stoarm útklonk. Hy liet it roer los en stie der oerein as in reus yn de tsjustere nacht. Hy stiek de earmen omheeeh en mei in lêste rop fan syn breid, sprong er yn de swarte ôfgrûn fan de mar, wêr't er fuortdalik wei waard. It like, oft al de tsjoede wettergrimen klear stien hienen, om mei kromme klauwen it lichem fan de fiskerman te gripen en nei de djipte te slepen. In skriklik gûlen en geien en roppen fan oerwinning klonk troch de loft en út it wetter.
De oare deis fûn men de lege aak op side, mei ôfbrutsen mêst oan legerwâl fan de mar. Net fier dêr fandinne, tichtby syn âlde wente, waard Freark ophelle. Troch syn swiere wetterlearzen stie er rjucht oerein, mei it oansicht nei syn hut. Syn lang, wyt burd driuwke op it wetter, dat jit hime fan wurgens nei it wylde nachtfeest, en syn earmen rikten nei de dyk, nei Pallabra. Syn útsicht lykwols wie fredich, want hy wie fertige mei it byld fan syn leafste foar eagen.
|
|