klear, en alhoewol it neat gjin bliken die, dat er syn praat moai meitsje woe, koe men alles wat er sei, sa wol op 't pompier sette.
Dy man wie Gerben Goasses. Hoe 'k letter neier mei him yn 'e kunde kaam, docht der no net ta, mar 'k haw him faak opsocht en lang mei him praten yn syn grutte studearkeamer, dy't hast wol foar in prefessor tsjinje koe. De iene side wie hielendal beset mei in boekekas, dy't fol stie mei de bêste skriften op allerlei gebiet en yn ûnderskieden talen. Op in tafeltsje stie in grutte globe. Fierder foel dalik it each op in baas fierkiker en op allerhande wûndere ynstruminten, dy't men oars by in boer net sa lyk sykje soe. It wie al gau te sjen, dat yn dy keamer in man arbeide, dy't wat mear wie as sljuchtwei.
Troch allerlei wederweardichheden kaam der letter in hiele tiid, dat ik Gerben Goasses noait mear spriek en ûnferwachts lies ik yn de krante, dat er dea wie. Oars hearde ik der yn 't earst neat fan, mar gâns in skoft dêrnei krige ik in grou pak pompier thús stjoerd mei in brief fan in notaris. Yn dat pak sieten skriften fan Gerben Goasses. Yn 't brief stie, dat it pak fûn wie mei myn adres dêr op en 't fersyk fan Gerben Goasses om it nei syn dea oan my te stjoeren. Dat hie lykwols al efkes hapere, trochdat in pear neven, dy't der op rekkene hiene alles te krijen, it lang net iens wiene mei omke syn wize fan testamintsjen. Hja hienen it pak iepenskuord en de pompieren troch inoar smiten. Mooglik tochten se wol, dat der bankbiljetten tusken sieten. Earst doe't hja seagen, dat der neat by wie, wat wearde hie foar harren, mocht notaris it fuortstjoere.
Ik fûn yn 't grouwe pak: koarte ferhalen, it opset fan grutter stikken, toanielstikken of it rûge plan derfan, oersettingen út frjemde talen, fersen, koarte rymkes en in boekje fol oertinksels, ynfallen, sechjes, grappige stikjes, alles troch inoar. Fierder skriften fol oantekeningen en ek wol wysgearige en natoerkundige stikken. Folle fan wat dêr yn siet wie net ôf of allinnich mar mei grutte halen oanjûn. Ek wie de foarm faak net fyn beslipe en meast de potsige