De wylde boerinne en oar wurk
(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 80]
| |
It spoek fan de ald-skattingGa naar voetnoot*Fan Draaisterhuzen by Nijesyl nei Osingahuzen ûnder Heech, yn Wymbritseradiel, liedt in wei fan in goed healoere, dy bekend is ûnder de namme fan de Ald-Skatting. Dizze wei, op koarte ôfstân fan it grutte farwetter De Wymerts, soe in moaie en profitelike ferbining wêze tusken de âlde Himdyk en de strjitwei Ljouwert-Lemmer, as er it grutste diel fan it jier hast net ûnbegeanber wie. Geandefoets mei men der noch sawat lâns skarrelje kinne, mar foar rydtugen, fytsen en auto's is it hast gjin dwaan. It is in smelle, lege modderdyk tusken twa lânsleatten, foar in botanist wol belangryk, omdat dêr noch al ris planten groeie, dy't men oars yn de omkriten net fynt. Yn droege tiden leit de dyk bedobbe ûnder in laach moude fan in foech foet heech, by reinich waar is er fersonken yn modder en weaze, yn 'e winter soms oerstreamd, en it hiele jier troch is er fol gatten en guilen en greppels, yn de tiid fan it houkjen boppedien opgnist mei heapen leikemodder en rottich reid. Sawat op healwei stiet in boerepleats tsjinoer in hûs oan 'e Wymerts, dat alear it swarte hok neamd waard. Tichtby de pleats rint de skatting yn in dûbele heakse bocht, en flak derneist - wa't it wit kin 't noch wol sjen - hat earen wetter west, dêr't op âlde kaarten ‘Kromme Jeltspoeltje’ by stiet, mar dat no al lang tichtgroeid is. Dy bocht yn 'e dyk hjit noch Kromme Jelte, en dy namme waard ek jûn oan in ferskromfele wyljenbeam, dy't dêr foar ytlike jierren jit yn 'e ûnderwâl stie, mei syn tsjûke, ferwoeksene stamme en syn | |
[pagina 81]
| |
kronkelige tûken, dy't elkoar omklammen as minske-earmen yn deadseangstme. De echte Kromme Jelte hawwe lykwols mar inkelen sjoen. Lit ús hoopje, dat er mei gauwens foar ivich rêst fine mei. Rin by nacht en ûntiid, as de wylde wyn de swarte wolkens de loft lâns jaget, of ek wol, as de belutsene moanne op de wite dauwe skynt, tusken tolve en ienen hielendal allinnich de Ald-Skatting lâns, dan is der kâns, dat jy him sjogge. Dan kin it barre, dat jy ynienen in fieling krije, oft jy net mear allinnich binne, oft der immen efter jo rint, alhoewol jy neat heare. Sjoch dan om, as jy doare! Dan dwaalt dêr, swarter as de swarte nacht, in aaklik skynsel rûn oer de greiden en lâns de bermen. It liket in swierboude man yn âlderwetske klaaiïng. Mar syn lichem is yn 't krus foaroer knikt en syn knibbels binne trochsakke, sadat it lange burd oer 'e grûn sleept. Mei syn bienbitige hannen omklammet hy in grouwe kneppel. Unrêstich doarmet hy om. No en dan bliuwt er stean en wrot mei syn stôk yn 'e weake grûn. Mar hy skodhollet en strampelt fierder, deawurch sa 't liket, want syn swiere siken klinke near yn 'e nachtstiltme, mar syn gleone eagen flikkerje yn 't tsjuster en hy siket wer oare plakken om te dollen. Mannichien, dy't it spoek fan de Skatting met hat, is derfoar op 'e rin gongen en hat him letter skamme deroer te praten. Inkelen lykwols hawwe de drystens hân, it skynsel oan te sprekken en te freegjen wêrom it net rêste koe. Andert hawwe se net krigen, kwea hawwe se net ûnderfûn, mar kjel binne se wurden, doe it lytse, kromme mantsje him foar in amerij heech oprjuchte en dêr stie as in moaie, grutte, eptige, foarse man, mei in lang swart burd streamend oer syn breed boarst. Trijeris stampte hy mei syn stôk op 'e grûn, dat it dreunde, en dan wie er ferdwûn, fersonken yn 'e ierde. Wat dit alles betsjut? Harige mar nei it âlde ferhaal. Lang ferlyn wie Jelte in fiskerman, dy't mei syn âlde mem yn it swarte hok oan 'e Wymerts wenne. Gnapper, sterker jongkearel as Jelte wie, hat der nea op 'e Fryske wetters | |
[pagina 82]
| |
skeakele, dobbers útsmiten of fûken fandele. Hy stiek in holle boppe al syn maten út en koe as 't wêze moast twa fan harren tille. Dêrby hie er in tsjeppe troanje en moaie brune eagen, en koe goed syn wurd dwaan. Mannich glinsterjend fammeeach seach him dan ek mei langstme nei as er yn syn boat foarby roeide of skode. Hy hie kar út hûndert, mar skynde tefolle fan allegear te hâlden, om der ien út te kiezen. Freonen hied er oeral by de rûs en trochdat wat grutskens wol yn syn aard lei, gyng er folle om mei boeresoannen en oaren, wêr't hy, earme fiskerman, net tsjin tarre koe. Dochs woe hy ek ûnder har graach de foarste wêze, en sa kaam it, dat er soms slim yn 'e jildpine siet. Dat stikele him tige en sa kaam er ta in ding, dat him ivich rouwe soe. De boer op 'e pleats oan 'e Skatting wie tige ryk. Doe't er ferstoar, liet er al syn jild nei oan syn ienichste dochter, dy't al oer 'e tritich, mar jit net troud wie. Dat wie no net sa'n grut wûnder, want hja wie in lyts, ûnsjuch skepsel mei in kromme rêch en tige lêbich yn har praat. As Jelte har lykwols soms in soadsje fisk brocht, wie hja tsjin him tige fluensk en moai en sa kaam er as fansels op it betinken, dat er ek ta útfier brocht, om har te freegjen syn wiif te wurden. Hja woe graach en sy boasken. It wie Jelte om it jild te dwaan en no hie er jild by hopen. Hy wie de rykste man fan 't gea, ek de feardichste, mar syn iibben waard in hel. Syn wiif wie in duvelinne, tige grutsk op har keine man, mar sa jaloersk, dat hja him gjin stap ûnder har eagen wei fertroude. Hy dêrtsjinoer woe leafst altyd mar útgean en as er net op merken en by hurddraverijen wie, siet er al folle yn it kroechje te Osingahuzen, ‘De Sleutel fan Heeg’. Earst hied er noch wat mijen west tsjin syn wiif, mar al gau kaam it safier, dat hy har útskold foar kromme hispel en alles wat mar mâl wie, en as hja net om lyk woe, fielde se syn sterke fûsten, mar har gûlen hearde nimmen dêr op 'e romte. Dêrby moast hja it oansjen, dat de buorkerij troch Jelte syn misdwaan hurd efterút gong, en benammen dit naam se har | |
[pagina 83]
| |
sa nei, dat se einlings har sels ferdie. Op in moarn bongele hja oan de hege wyljenbeam op 'e Skatting. Jelte wie yn syn hert bliid, mar it kaam oars út as er tochte. Doe't er de boel neiseach, die 't bliken, dat der gjin sint mear yn 'e hûs wie en gjin inkeld ding fan wearde. It wiif hie alles weitôge en op beskûl brocht. Wêrsanne? Yn it poeltsje bruid? Yn 'e grûn bedobbe? Jelte hie gjin rês tich eagenblik mear. By dei en by nacht wie hy op 'e siik nei de ferlerne skat. Hy fiske alles ôf en dolde alles om, mar 't wie fergees. En no seach men twa dingen. De hege wyljenbeam op 'e dyk skromfele alle jierren mear yn elkoar, en Jelte, sa proastich op syn krêft en grutte, knikten de knibbels, en syn rêch groeide krom. Hy doarst him nearne mear sjen litte, mar nachts doarme hy rûn op 'e Skatting en lâns it poeltsje. Hy socht en socht, mar fûn neat. Faak like it him ta, dat syn ferstoarn wiif by him wie, en dat hja spytgnyskjend oan syn side meitippele. Lang koe er dit libben net folhâlde. Op in moarntiid nei in nacht fol ûnrêst ferdronk er him yn it poeltsje. Mar dêrmei hat er gjin rêst fûn. As in lyts, krom, ferwoeksen mantsje spoeket er lâns de Skatting en siket nei jild yn moude en modder, yn smodze en sompe, al hûnderten jierren lang. Sil hy nea rêst fine? Freegje himsels. Dan giet er rjuchtop stean yn syn folle langte, en stampt trijeris mei syn kneppel op 'e grûn. Mannen, dy't it oangiet foar 't algemien of persoanlik belang, harkje nei wat Kromme Jelte sizze wol: - Meitsje fan de Ald-Skatting in behoarlike púndyk, dan hat de spoekerij dien en Jelte kin syn holle rêstich dellizze. Jimme fine it jild derfoar wol en dan hoecht hy it net mear te siikjen. |
|