By de alfde útjefte
It is de muoite wurdich dat sa gau al nei it útkommen fan de tsiende útjefte in nijen nedich is. Sa komme yn in goed healjier tiid meiïnoar 3000 eksimplaren op 'e merk, want de oplaach fan dizze alfde útjefte is 1000.
Nijs wie op sa'n koarte termyn net te ferwachtsjen en oan it letter foar letter trochnimmen fan de tekst is it noch net takommen, dat foar dizze nije útjefte is folstien mei it ferbetterjen fan de flaters dêr't it each op foel. Folle wienen dat net. Om de kosten koe Eölus, grewa fan stoarm en onwaar net op in nije bledside set wurde. Dat is oars hieltyd dien by teksten lykas dizze dy't oarspronklik as losse útjeften ferskynd binne.
Ljouwert, maart 1994
Ph.H. Breuker