| |
Oer skriuwers, boek en útjeften (by de tsiende útjefte)
De skriuwers De bruorren
| |
| |
De Rimen en Teltsjes binne skreaun troch de bruorren Joast en Eeltsje, en foar in hiel lyts part ek troch har broer Tsjalling. Se hienen noch in broer, Binnert (Grou 1795-1847), mar dy rûn der wat út. Neffens Tsjalling wie Binnert ‘hoewol fan Hidde Bakkers [de heit wie bakker en keapman] laach, in from bestindich minske.’ De oare trije wienen ‘bizen,/ Dy har troch flinken en mâl praat/ Soms tjirren as healwizen.’ Binnert skaaide meast út nei de mem, Ruerdsje Binnerts (Grou 1767-1809), de oare trije nei de heit, Hidde (Grou 1756-1809). It ferskil tusken de famyljes fan heite- en memmekant komt skerp (miskien wol wat te skerp) út, as Joast yn 1858 in pear ieuwen famyljeskiednis gearfettet. ‘Men kan de Halbertsma's gene meerdere vaardigheid en snelheid van begrip, gene meerdere handigheid, vlugheid en talent boven de familie van Ruurdje Tjallings ontzeggen; maar wat heeft dit alles hen geholpen tegen de armoede, waarin de meesten vervallen zijn, terwijl de familie van Ruurdje Tjallings tot op den dag van heden ene vrij algemene welvaart in den deftigen burgerstand konden handhaven? Zij misten de ingetogenheid, de behoedzaamheid, het overleg, de kalmte en applicatie bij hun werk; de afkeer van dagelijksche verstrooiing, die uit het goddienstig element van dezen voortvloeiden, en maakten dus van verstrooiing, van kluchten en geestig gezelschap dikwerf het doel des levens, waar zij zich enig op hun bedrijf inspannen en sparen moesten.’ Tsjin de oermacht fan har dy't mei kalm oerlis ryk waarden, sa skriuwt Joast op in oar plak yn deselde kronyk, wisten de Halbertsma's ‘zich niet anders dan door de satire te wreken.’
De mem wie út in foaroansteand Grouster mennistelaach, dat al generaasjes lang foargongers levere hie. De heit, grifformeard fan hûs út, sleat him yn it leauwe by har oan. De mem wie fierders tûk yn saken en sy wie it ek dy't soarge dat de bern learden. Twa fan de jonges gongen nei Amsterdam en Leiden om foar dûmny en dokter te learen, wat yn dy tiid foar doarpsbern ûngewoan wie. De beide oaren, dy't thús en by in omke yn 't doarp yn 't wurk kamen, bouden as bakker anneks keapman yn klaphout (foar bûterfetten) en as bûterkeapman elk de affearen fan heit en omke tige út. Oan de ein fan har libben waarden se sels mei sokke grutte mannen as de Fonteinen fan Harns en Snits, Tromp fan Wâldsein, Wouda fan Snits en Zeper fan Ljouwert lid fan de nije Keamer fan Keaphannel fan Fryslân, dêr't doe earst noch mar tolve lju yn sieten. Joast memorearret yn 1858 grutsk dat Fontein fan Salwert (Harns 1777-1843) hím, en Tjallingii fan Harns (Harns 1783-1857) syn broer Tsjalling neef neamde, omdat se noch hiel fier famylje fan elkoar wêze soenen. Dat wienen doe wol mei fan de foarnaamste mennisten yn Fryslân. De Halbertsma's kamen te hearren by de liberalen, de nij opkommen klasse fan rike boargers en boeren. Se libben yn in tiid dy't tekene waard troch hieltyd mear oerheidssoarch foar ûnderwiis, earmen en iepenbiere wurken, en noch sterker troch de groeiende tsjinstelling tusken proletarisearring fan de hurd tanimmende arbeidersbefolking en opsteapeling fan rykdom by boeren en hannelslju. Har hert gong út nei de goeie âlde tiid, doe't elk himsels noch rêde koe.
Mar it ûnrêstige fan de Halbertsma's hienen se ek yn har. Joast hat him dêr mear as ienris oer útlitten, hieltyd yn deselde geast, sa bygelyks yn de famyljekronyk út 1858: ‘Zij [dat binne de Halbertsma's] hadden geen effen humeur; nu hoog van moed, dan zwaarmoedig en diepgezonken. Uitspattend vrolijk, of slecht gemutst, een engel of een duivel. Daardoor waren zij blootgesteld aan gevaarlijke uitersten. - Ontvlambaar van geest hadden zij aanvallen van blijdschap, liefde en gramschap, bij anderen onbekend. [...] De grootste vijand der Halbertsma's is de jenever.’
De fjouwer bruorren hongen tige oan elkoar, al stie Binnert dan wat mear op himsels. Dat hat miskien wol wat te krijen mei it feit dat se har âlden ferlearen, doe't noch net ien fan har mearderjierrich wie. Yn alle gefallen wienen se jong al op elkoar oanwiisd en letter fielden se it as in mienskiplike opdracht om de âlden ta eare te wêzen: ‘Kom treftige boaikes fan Hidde .../ Lit ús .../ ... tsjûge wat it betsjut,/ Dat Hiddes âlde klûs/ Is 't echte Fryske hûs,’ dichte Eeltsje tusken de bedriuwen troch yn in stil skoftsje op Grouster merke fan 1832, doe't er him moarns betiid waarme by de ûne yn de âld bakkerij der't Binnert doe wenne. In selde ferbining mei it âlderlik hûs sprekt ek út it ‘Hiddes jonges’, dêr't Joast it in pear jier letter yn Oan Eölus (1837) oer hat. Sa koe har skriuwen yn it Frysk
| |
| |
de foldwaning jaan dat se har eigen folk, har âlden yn wêzen holden. Dat op himsels fersterke fansels ek de bân tusken de trije skriuwende bruorren. Doe't op 't lêst allinnich Joast en Eeltsje noch oer wienen, waard foar har en alteast foar Joast dat eigen folk ien mei alle Friezen yn it algemien, sa't te lêzen is yn it wurd foarôf dat Joast yn juny 1854 foar Leed en Wille skreau. De Friezen, dy ‘nommele lânslju’, neamt er dêr freonen, har bernsbern sille him noch tankber wêze dat er de stikjes fan syn broer fandele en útjûn hat, en by beslút mei ‘Ik ha okkerdeis oan Eeltsje sein,’ krekt as koenen de lêzers dy persoanlik en wienen se famylje. Alles wat se oanbiede neamt er Frysk, oant de tinzen ta: ‘Ik ha myn bêst dien, om Fryske aard en tinzen, Fryske begripen en tsjoen-teltsjes, mei Fryske wurden te uterjen.’ Hiddes klûs wie Fryske wurden, wat fan alle tiden, dat troch har wurk bewarre bliuwe soe: ‘As dat - nammentlik it skriuwen oer besteande persoanen fan har eigen tiid - sa wie, soene wy allinne foar de tiid, dêr wy yn libje, skreaun habbe, en dat liket 'er net nei.’
Mar de sterke bân tusken de bruorren hat ek te krijen mei it oanhâld dat Tsjalling foar Binnert en foaral foar Eeltsje wie (alle trije wennen se yn Grou), en mei it ferlet fan Joast yn Dimter om op 'e hichte holden te wurden. Op Binnert nei wienen it trouwe briefskriuwers. Tûzenen brieven binne hinne-en-wer gongen, earst tusken Grou en Dimter en letter, doe't de bern en omkesizzers grutter waarden, rûnom wei. Mei de dea fan Tsjalling (yn 1852) waard de famylje neffens Joast lykwols in ‘verstrooide kudde.’ Dat is miskien wol wat oerdreaun, en der wienen doe troch ferstjerren en ferwidering ek al mear gatten yn de famylje fallen, mar Eeltsje fielde him by de dea fan Tsjalling dochs - sa skreau er oan Joast - as in soldaat dy't syn freon yn de slach neist him fallen sjocht.
| |
Joast Halbertsma (Grou 23-10-1789 - Dimter 27-2-1869)
Joast, dy't te Ljouwert earst in jier op de Frânske skoalle gong en dêrnei fan 1801 oant 1806 de Latynske skoalle folge, keas op oanstean fan syn mem en fan de menniste dûmny Jan Brouwer út Ljouwert foar teology. Hy studearre fan 1807 oant 1813 oan it Doopsgesind Seminary yn Amsterdam, wat ynhold dat er ek kolleezjes oan it Atheneum Illustre dêr folge. Fan 1814 oant 1821 stie er as doopsgesind dûmny te Boalsert en dêrnei fan 1822 oant syn emeritaat yn 1856 te Dimter. Hy troude yn 1816 mei de rike dûmnysdochter Johanna Iskjen Hoekema (Warkum 1794 - Dimter 1847). Troch har waard hy ûnder mear eigener fan de sate Westerein ûnder Warkum, dêr't er simmers mei de húshâlding wol gauris in pear wiken ferkearde, mar oars is hy yn Dimter wenjen bleaun en dêr leit er ek begroeven. Fan de fiif soannen gongen Watse en Binnert op see en waarden Petrus, Hidde en Tsjalling gelearden yn talen of medisinen. By syn libben ferlear de heit yn 1851 Petrus, dy't yn in senuwynrjochting ferstoar, yn 1861 Binnert, en yn 1865 Hidde, dy't sels in ein oan syn libben makke.
Joast Halbertsma. Litho fan E. Desmaîsons.
In belangryk part fan syn geastlike foarming hat er te tankjen oan de freonskiplike omgong mei Jeronimo de Vries yn de tiid dat hy yn Amsterdam studearre. Dat wie in tige ynfloedryk Amsterdamsk keapman, dy't tsjin mear moderne opfettingen as dy fan Hieronymus van Alphen en Johannes Kinker yn, in nasjonale keunst, ynspirearre op de Gouden Ieu, foarstie. Foar Joast betsjutte dat it begjin fan in sterke oriïntaasje op nasjonaal-Fryske idealen, dy't syn hiele libben fierder bepale soenen. Bekend is syn fariaasje op de útspraak fan Seneca imago animi sermo est (de taal is de spegel fan de siel), dat de taal de siel fan de naasje is, ja de naasje sels. Sa formulearre (mar dan yn it Ne- | |
| |
derlânsk) stiet de troch de Dútske filosoof Herder beynfloede opfetting dy't út dy wurden sprekt, tagelyk mei in sitaat fan Bilderdijk as motto sûnt 1864 ferivige yn it WNT, it grutte wurdboek fan de Nederlânske taal. Mei De Vries dielde er syn foarleafde foar Hemsterhuis en de Van Harens, en syn wurdearring foar Bilderdijk.
Doe't er nei syn stúdzjetiid yn Fryslân kaam te wenjen, waard er dêr al gau opnommen yn it heechste kulturele fermidden om de nasjonaal-Frysk tinkende gûverneur I. Aebinga van Humalda hinne. Hy hie yn dy foarname rûnte tagong krigen trochdat Jaap van Leeuwen, in freon út syn Amsterdamske tiid, yn 1813 de rjochterhân wurden wie fan de gelearde en ynfloedrike D.H. Beucker Andreae, griffier fan de Ljouwerter rjochtbank. Troch Andreae sil Halbertsma ek befreone rekke wêze mei H.W. Tydeman, mooglik noch wol foardat dy as heechlearaar yn 1815 Frjentsjer foar Leiden ferwiksele. By Humalda hearde er ferhalen oer foarfaars dy't fan de tulle ôf de gritenij bestjoerden. It byld fan it frije Fryslân mei syn frije Friezen op har eigen hoarnleger hat er syn libben lang foar eagen hân. Dêr telden gjin stânsferskillen. Wa't frij wie yn tinken en dwaan, wie Fries en fan adel. Ut sa'n opfetting sprekt fansels in grut besef fan eigen wearde.
Hy stelde himsels twa doelen. Hy woe it Frysk - dat er yn 1829, ek al wer yn oansluting by in klassike útdrukking (‘épea pterôënta’) - in ‘luchtwezen, vlottende van tong tot oren’ neamde, behâlde troch it op skrift te brûken en der in wurdboek fan oan te lizzen, en hy woe grutte Friezen út it ferline yn it omtinken bringe om har sa ta foarbyld fan de neiteam te stellen. Dat lêste, sa skriuwt er, ‘was een waarachtig genot voor mij, immer gelukkig van mij verplaatst te vinden in die dagen, rijk aan Friesche glorie, toen Aitas en Goslingas de koningen raad gaven, of het lot der volken hielpen afwegen.’ De earste doelstelling makke dat Halbertsma likegoed ek trochkringe woe ta de kennis fan it ienfâldich, deistich libben fan gewoane lju. Oant 1830 ta hie er mei dy by útstek op taal basearre nasjonale doelstelling de tiid mei, mar dêrnei, doe't nasjonaal besef yn steatkundich nasjonalisme feroare, rûnen oaren mei it Frysk en Fryslân net safier mear wei en waard hy in man fan de âlde tiid. Nei 1830 kaam der ek in oar soarte histoaryske taalstúdzje op, dy't net mear basearre wie op yndielingen neffens folken, mar op lûdwetten. Typearjend foar syn útsûnderlik plak op wittenskiplik gebiet is it feit dat hy de earste en iennichste yn ús lân wie dy't foar 1840 út de Beowulf oanhelle en dernei ferwiisde. De belangstelling foar dat Aldingelske helde-epos (dat him foar in part yn Fryslân ôfspilet) wie yn Nederlân dochs al foaral in Fryske saak, want fóar him hie Albert ten Broecke Hoekstra, ek in Fries (of sels in ‘Anglosaks,’ sa't er himsels neamde), dêr stúdzje fan makke, mar dy syn oantekens waarden net publisearre en bedarren nei syn dea by Joast. Nei't dy yn 1852 en 1853 op reizen nei Ingelân,
Skotlân en Ierlân ûnder de yndruk fan it oantal musea en âldheidkundige kabinetten dêr kommen wie, naam er noch yn 1853 it beslút om syn belangrike samling âldheden oan de provinsje Fryslân te jaan om dêr in Kabinet fan Aldheden fan Fryslân fan op te rjochtsjen. It idee fan sokke kabinetten wie neffens him ‘ingegeven door de patriottische zucht om bij het naderend vervloeijen der Europische nationaliteiten er ten minste nog eenige stoffelijke uitdrukkingen en vormen van over te houden.’ In Frysk kabinet koe dan mar oan de tsjintwurdige en takomstige banierdragers fan de frijheid, de Ingelsken en Amerikanen, sjen litte wêr't se weikamen, want sa rôp er ûnder ôfwizing fan de opfetting dat Angelen en Saksen Ingelân befolke hawwe soenen de lêzer ta: ‘Dit zijn uwe colonisten, Friezen!’ Oan de provinsje skonk er, foar in part noch by syn libben, ek syn biblioteek. Dat hat makke dat in filolooch dy't yn de stúdzje fan de Germaanske talen ynteressearre is, net faak fergees yn de Provinsjale Biblioteek te Ljouwert om boeken út de tiid foar 1800 hoecht te sykjen. It earste dêr't guon fan dy boeken oan de ynlizzende papierkes te sjen mooglik foar brûkt binne, hat it Oera Linda Bôk west. Dat moat dan dien wêze troch Eelco Verwijs, dy't doedestiids bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek wie. Der is fierders neat dat net te rimen is mei de ûnderstelling dat Verwijs, sa't er trouwens sels ek sein hat, wier de auteur fan dy ferneamde sabeare âlde kronyk west hat, of it soe wêze moatte dat Joast, oan wa't ek wol as auteur tocht wurdt, dy papierkes der sels noch yn lein hat. Mar ek dan hoecht dat noch net tsjin it auteurskip fan Verwijs te pleitsjen. Dy hat fêst wol stilswijend gegevens dy't er fan Joast
krigen of heard hie, ferwurke, as er him al net iepentlik yn it spul belutsen hat.
Joast stie al ier bekend om syn geleardheid. Ek hjoeddedei wurdt hy sjoen as in figuer fan grut formaat. Verwijs, sels in oarspronklik tin- | |
| |
ker, typearre him nei syn dea sa: ‘Een wakkere geest bij een stalen vlijt, een schitterend vernuft, groote scherpzinnigheid en veelzijdige geleerdheid, kortom een man van den ouden stempel.’ Syn yntree yn de gelearde wrâld hie er yn 1820 makke, doe't syn Amsterdamske learmaster Rinse Koopmans yn in stúdzje oer Gysbert Japix oankondige dat Halbertsma dêr ynkoarten oer skriuwe soe. Tsien jier letter, doe't er ûnderwilens namme makke hie as kenner fan de Germaanske talen, korrespondearre er mei grutten as Rasmus Rask en Jacob Grimm, en noch wer in pear jier letter waard er ta lid beneamd fan gelearde genoatskippen op it gebiet fan taal en skiednis yn Kopenhagen, Berlyn, Athene en Halle-Wittenberg. Halbertsma hie steefêst hope op in heechlearaarskip yn it Nederlânsk, en it hat der ek in pear kear op like, mar it is him troch in kompleks fan oarsaken net wurden. Sa wienen der nei 1830 tefolle gadingmakkers, want doe moast der plak socht wurde foar de heechleararen út it ôfskieden België, en nei 1840 wie der ferlet fan in oar soarte geleardheid, dat mear spesjalisaasje frege. Mar Halbertsma hat ek grif wjerstân oproppen troch syn hege toan yn de beoardieling fan it wurk fan oaren. Sels neamde er dat moed, de moed om sûnder bang foar minsken te wêzen, te sizzen wat er foar wierheid hold. Dat hold ek it frijmoedich by de namme neamen fan de dingen yn, dêr't de bekende Bakhuizen van den Brink fan De Gids him yn 1843 om prize: ‘de raauwheid van een Bilderdijk of Halbertsma is ons bij het behandelen onzer ouden liever dan het jufferachtige van (Matthias) de Vries.’ Hy libbe gauris op de grins fan 'e oerspanning en makke foaral yn 1839 in slimme krisis troch, doe't er op 'en nij
passearre waard. Oan syn hân fan skriuwen te sjen hat er earst rêst fûn yn 'e jierren sechstich, doe't er dus al oer de santich wie, want dan wurdt syn hânskrift ynienen wûnderlik goed lêsber.
Syn libben lang hat er mei syn skerpe geast it middelpunt yn selskippen west. Yn 1820 wurdt fan him sein dat er te Ljouwert op it nasjonaal-Fryske banket ta eare fan de neitins fan J.H. Nieuwold, de Fryske ûnderwiisherfoarmer, ‘met zijn gewone boert en naïviteit smakelijke piquante saus [yn it Frysk!] ten beste gaf’ en in heale ieu letter, as er krekt stoarn is, sizze syn soannen yn har foaropwurd by de Rimen en Teltsjes suver itselde, dat by oant koart foar syn ferstjerren nammentlik ‘nog steeds een geheel gezelschap door zijne geestigheid wist te boeien.’ In foarbyld jout syn jongere freon Eelco Verwijs. Nei tritich jier fertelt dy, hoe't er as jonge Halbertsma kinnen learde. De feiten binne net alhiel krekt, mar dêrom is it ferhaal fansels net minder typearjend foar de yndruk dy't Joast op syn publyk makke. It moat dan neffens Verwijs om 1843 hinne west hawwe dat yn Dimter nei de taspraak by de útrikking fan tekenprizen oan bern it folgjende foarfoel. ‘Een eenigszins gebogen gestalte naderde den catheder. Met een scherpen blik overzag hij zijn gehoor en vertelde zonder eenige inleiding de volgende anecdote. ‘Ik beyond mij eens in een boerenherberg in Friesland. Een boer kwam binnen en zei tot de kasteleinske: ‘Geef mij for en stoer jenever.’ Terzelfder tijd trad een deftig man in de gelagkamer, die de kasteleinske aldus toesprak: ‘Geef mij ook eenEN zoodanIgEN.’ De spreker boog, de bijdrage was uit, en onder een homerisch gelach verliet Joost Halbertsma het spreekgestoelte.’
Hy moat wat hân hawwe fan Bilderdijk, dy't er yn 1831 yn in ferliking mei broer Eeltsje in duvel of in ingel neamt, al nei't men him beskôget. Bilderdijk hie er troch tadwaan fan De Vries foar it earst mei praat yn 1816, doe't er him nei ôfrin fan in lêzing yn 'e kofjekeamer fan Felix Meritis te Amsterdam trof. Dy ‘vloeide,’ sa lei Halbertsma letter foar himsels fêst, ‘over van paradoxen, welke de Amsterdammers met stomme verbazing stonden aan te gapen.’ Yn 1829, doe't se ûnderwilens al in pear jier (sûnt 1825 nammentlik) befreone wienen, skreau Bilderdijk oan syn freon H.W. Tydeman, dat er in tige ynteressante jûn mei Halbertsma hân hie. Se sille it grif oer M. Siegenbeek hân hawwe, de grûnlizzer fan in nije stavering fan it Nederlânsk, dy't se beide net útstean koenen. De ‘S... bende’ yn it fers dat Bilderdijk yn 1826 foar Halbertsma makke en dat dy opnaam yn de Rimen en Teltsjes, slacht op Siegenbeek. Har freonskip moat by direkte herkenning fan gelikensens te krijen hân hawwe mei genialiteit, net mei oerienstimming yn it godstsjinstige teminsten, want Bilderdijk wie it boechbyld fan de ortodoksy en Joast krekt de bestrider.
It eigen literêr wurk nimt yn Joast syn libben net it foarnaamste plak yn. Dat docht syn taalkundich wurk, en dan benammen syn wurdboekwurk. Bûten it Frysk hat er ek amper of net oan literatuer dien, al skynt der wol in Nederlânske ferzy fan Oan Eölus west te hawwen (yn in krante miskien?). Wol hat er der in
| |
| |
sin by hân om mei Eeltsje Frysk wurk te leverjen. Der is gjin tekst fan Eeltsje by De Lange útkommen of Joast hat der ek syn oanpart yn hân, soms allinnich yn de foarm fan oantekens, mar meastal ek troch eigen stikken. Foar alle trije grutte sammelwurken fan har beiden: De Lapekoer (1822, 1829 en 1834), Leed en Wille (1854) en de Rimen en Teltsjes (1871) hat er stikken skreaun. As Eeltsje ris in kear bûten him om by in útjouwer yn Fryslân wat fan himsels útjoech, makke er dêr beswier tsjin. Ien kear hat er ek sels allinnich wat útjûn. Dat wie yn 1837, doe't er Oan Eölus publisearre. Mooglik moat dêryn in oanwizing sjoen wurde, dat er meat woe as in literatuer dy't yn De Lapekoer paste.
| |
Tsjalling Halbertsma (Grou 21-1-1792 - 12-12-1852)
Tsjalling wie in bear fan in fint, dy't yn syn jonge jierren winters yn boarstrok en himd, sûnder doek of hoed op, tsjin in fûle eastewyn yn ried, sûnder dat er dêr ek mar it minste lêst fan hie. Hy koe neffens Joast tige neibauwe, in talint dat er fan syn heit erfd hie: ‘Groter liefhebber van malligheden en grappen dan mijn broeder Tjalling was er niet in geheel Friesland; maar, let wel, altijd in de snipper uren. Als de affaire sprak, hielden alle grappen op, en activiteit, beleid, taaie arbeid en berekeningen van den vroegen morgen tot den laten avond, waren aan de orde van den dag.’ Hy troude yn 1813 mei Tetsje Sjollema (Grou 1793-1836) en in jier nei har dea mei Reinskje van der Goot (Grou 1807-1862). By dat lêste houlik waarden yn Grou 50 flaggen útstutsen en traktearre er de earmen op in fette ko.
Hy waard fermogend. As bûterkeaper begong er as kommisjonêr foar it Amsterdamske hûs Pijnappel, mar letter ferkocht er foar eigen rekken op Londen. Fan 1850 oant syn dea wie er lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy liet him yn 1837 in grut hûs bouwe, dêr't de oare Grouster bruorren wakker fan bearden en hy klaaide him neffens de moade - Eeltsje hat it der yn 1841 sels oer, dat Tsjalling as in dandy út Amsterdam kommen is. ‘In het laatst,’ sa skriuwt Joast lykwols, ‘rekende hij zich droevig mis. In 1848 daalden de effecten ontzettend. Hij kreeg de panic en verkogt ze. Verlies numero één! Hij belegde het geld in rogge, die daalde en niet weder wilde rijzen. Zij teerde meer dan de helft in door intres, pakhuishuur en verdroging. Verlies numero 2! Gereduceerd van 100 mille op 60 mille, was hij gekrenkt in zijn eerzucht en stierf tot mijne bittere smart.’
Tsjalling Halbertsma. Litho fan J. Römer.
Tsjalling syn literêre wurksumheid kin datearre wurde tusken 1817 en 1835. Neitiid hat er ynsidinteel noch oant 1841 ta wurk skreaun. It measte wurk ûntstie yn de jierren om 1830 hinne. It bestiet yn haadsaak út fêsteljûnsrimen foar Harmen post, alias Koekoek, fan Jirnsum (allegearre yn it Nederlânsk), nijjiersrimen en weachbriefkes (sûnt 1837 yn it Frysk, mar earder ek al jierren yn it Nederlânsk), heilingen (fan 1828 - net fan 1824 sa't by fersin wol skreaun is - oant 1831), wiersizzerijbriefkes en miskien ek ulefellerymkes, koartom út stikken dy't yn Grou en omkriten brûkt waarden. Doe't hy mei de nijjiersdichten en weachbriefkes opholden wie, hat Eeltsje se noch in pear jier fan him oernommen. Earder, noch foardat De Lapekoer yn 1822 útkaam, hie Eeltsje ek al foar it Grouster fermidden skreaun. Dat wie foar de sosiëteit dêre, dêr't ek Tsjalling (dy't direkteur wie) wurk foar makke. Wat dat foar sosiëteit wie, is net bekend, mar it hat alle kâns dat it in oerbliuwsel wie fan in saneamde folkssosiëteit út de Frânske tiid, sa't yn 1795 safolle oprjochte wienen. Dy fan Grou hie as spreuk: ‘Tot heil van 't dierbre vaderland/ Is onze bijeenkomst hier geplant.’
Tsjalling wie ek de man fan de almenakken, dêr't er foarsafier't nei te gean is fan 1828 oant
| |
| |
1833 yn publisearre hat. It earste wurk fan him yn in almenak moat Sets en Tsjerk yn Snitser merk west hawwe, dat útkaam yn Suringars almenak foar 1829. Suringar sels hat letter ferklearre dat De bêste freed yn Ljou'ter merke it earste wie, mar dat komt oan de almenakken te sjen net út. Dat fers waard publisearre yn de almenak foar 1833, en omdat dêr ek de skelnammen foar de ynwenners fan guon doarpen yn steane dêr't Joast fan seit dat er se tagelyk mei in werútjefte fan De bêste freed en mei syn eigen In nij liet op Grouster merke útjoech, moat dy útjefte fan 1833 wol in werprinting wêze. It gehiel dat Joast neamt is nammentlik al yn de hjerst fan 1830 útkommen, sa't wy witte út in brief fan Eeltsje oan him. (Eeltsje skriuwt dat hy grif bedoeld wurdt mei de omke út In nij liet dy't it jak al oan hat, mar seit derby dat dat ditkear net it gefal west hat.) Ik nim dêrom oan dat Joast gelyk hat, as er yn 1857 skriuwt dat Tsjalling De bêste freed op eigen kosten los ferspraat hat, ek al woe Suringar him dat dan ûntstride. Dat sil dan mooglik mei Ljouwerter merke fan 1830 west hawwe.
| |
Eeltsje Halbertsma (Grou 8-10-1797 - 22-3-1858)
Eeltsje gong, lykas Joast, in jier nei de Frânske, en dêrnei nei de Latynske skoalle te Ljouwert. Dat wie fan ein 1809 (mooglik krekt in pear wike foar memme dea) oant ein 1814. Hy kaam te Ljouwert yn de kost by in Hawerdink, dy't Joast ek al koe, en dy't har neffens Joast syn sizzen ynwijde yn it alderplatste Stedfrysk. Hy studearre medisinen te Leiden fan ein 1814 oant april 1818, en rekke dêrwei tydlik nei Heidelberg om los te kommen út it rûge studintelibben dêr't er yn fertize wie. Hy hie dêr in moaie tiid, dêr't er by 't âlder wurden graach yn syn wurk op weromkomme mocht. By syn stúdzje dêre lei er him út op 'e ferloskunde en hie er frij, dan song er neffens syn foaropwurd by Minne Jorrits reis út 1851 mei de Burschenschaft fol fjoer en faasje lieten oer ‘die Begeisterung die alle Ketten reisst.’ Yn oktober 1818 wie er werom te Leiden, dêr't er doe promovearre. De oare maitiids waard er dokter te Poarmerein. Oardeljier letter, dus ein 1820 foar 't neist, rekke er siik dêrwei nei Grou ta. Dêr is er dokter bleaun oant in pear jier foar syn dea, doe't er de praktyk oan syn soan Hidde oerdroech. Dy lêste jierren bûn net folle him mear oan Grou. Broer Tsjalling wie stoarn en ek syn dochter Anna (Grou 1832 -1851), de freugde fan syn libben. Hy hie him earder trouwens yn Grou ek wol ferfeeld. Hy rekke oan it sweven by famylje lâns, en kaam letter op himsels yn Ljouwert, mar in pear wike foar syn dea liet er him nei Grou werombringe. Dêr is er stoarn en leit er ek begroeven. It plak fan syn dûbeldjippe grêf, dat neitiid bûten it tsjerkhôf kommen is te lizzen, wurdt oanjûn mei trije reade stientsjes yn it giele paad.
Hy troude yn juny 1823 mei de boargemastersdochter Baukje Fockens (Boalsert 1795 - Grou 1877) út Boalsert, dy't er ein 1822 kinnen leard hie. Se krigen twa jonges en twa famkes. Ruerdsje en Anna stoaren yn 1851, Liuwe yn 1854 en allinne Hidde oerlibbe syn heit. It waard eins al fan it begjin ôf oan gjin lokkich houlik, al wienen der ek wolris riten dat it wat better gong. Hy koe min drank stean litte en sy wie seurderich fan aard en erchtinkend, en smiet him geregeld foar de fuotten dat er fan har jild libbe. Dat bleau net bedutsen, dat ek dêrom sil it wol mei syn eigen libben te krijen hawwe, dat yn mear as ien ferhaal yn de Rimen en Teltsjes it motyf fan in dronken man en in lilke frou nei foaren komt. Op 't lêst, yn 1853, doe't de húshâlding al jierren fertutearzge wie, soargen de bern, yn it bysûnder Liuwe, dat de âlden ûnder kuratele steld waarden. Eeltsje naam letter sels it inisjatyf om ûnder dy fernedering wei te kommen, dy't hy Liuwe net maklik ferjaan koe. It sil dan ek gjin tafal wêze dat der gjin fers op Liuwe syn ferstjerren bekend is, sa't dy der wol binne foar de oare bern dy't by syn libben stoaren. Yn 1857 krige hy wer it behear oer syn eigen besit.
Eeltsje wie gau oandien, mar koe ek o sa'n wille meitsje. Neffens Eekhoff, dy't him goed kinnen hat, wie hy altyd gol en siet er fol smoute ferhalen. Yn syn brieven oan Joast lei er syn hiele hert iepen, en dat sil er by freonen ek wol maklik dien hawwe. Dy brieven binne hiel libben en ûnderhâldend. Fan polityk moast er net folle hawwe, sa't er bygelyks yn de tiid fan de Belgyske Opstân oan Joast skreau. Yn selskippen mocht er dêr wol graach oer prate, mar hy hie altyd it foarbyld fan de Patriotten foar eagen - syn eigen heit hie dêrby west - en dêrom die er net mear as dêr't er ta twongen waard. Yn syn studintetiid hie er nei it Deïsme oerhongen, mar dêr hie neffens syn sizzen de grutte Dútske filosoof Herder (1744-1805) him fan ôfbrocht. Hy kaam gau yn ferset as de maatskiplike frijheid oantaast waard, sa't syn fersen oer it grytmanskip (1847), de Hongaarske opstân (1849)
| |
| |
en - yn it Nederlânsk - oer it stimmen fan Fryske Twadde-Keamerleden tsjin ôfskaffing fan de slavernij (1853) sjen litte. Dan wie er fûl: fjoerich en gloeiend, sa't er wêze koe, skreau J. van Loon oan T.R. Dykstra, doe't Eeltsje him Batthyany foarlêzen hie. De frijheidssucht gong by Eeltsje lykwols net safier dat er gjin ûnderskie makke tusken wat er yn 1855 reade demokraten neamde en woltinkenden, de geseten boargers, dêr't er himsels by rekkene. Hy mocht ek graach kleie oer de pleatslike belêstingen, dy't hieltyd mar heger waarden. Dat docht er ek yn de Noarger rún, dêr't trouwens ek oars in soad út syn eigen libben yn stiet, dat yn syn brieven oan Joast werom te finen is.
Eeltsje Halbertsma op in rookstoel, nei in rûzige merkenacht. Tekening fan B.J. Tinga.
Skriuwen koe er net sûnder. ‘De ware dichter,’ sa seit er yn syn Nutslêzing Over originaliteit, ‘wordt slechts geboren, en die dat is, dien treffen de geringste zoowel als de grootste gebeurtenissen en alle zijne levensontmoetingen zoo sterk en levendig, dat hij ze in gebonden of ongebonden stijl uitboezemen moet.’ Dat ferlet waard grutter, doe't er der nei 1830 belang by hie om mei skriuwen maatskiplik oansjen te winnen. Hy mocht sûnt graach op it Nut en yn oare selskippen út syn wurk foarlêze. Stadichoan skreau er ek in protte foar dat doel, benammen proaza, mar dêrneist hold ek de mear persoanlike utering oant de ein ta har plak.
| |
It boek
Untstean fan it wurk
De Rimen en Teltsjes binne de logyske fuortsetting fan wat yn 1822 mei De Lape koer begongen wie. It hie miskien oars rûn as Joast net hieltyd besoarger west hie fan it wurk fan Eeltsje, mar no wienen dy twa fan it begjin ôf oan oaninoar keppele. Se hawwe ek doelbewust har wurk tegearre útjûn. Doe't yn 1827 yn it fermidden fan it Friesch Genootschap plannen makke waarden om in Frysktalige almenak út te jaan, frege Joast fuort by de Ljouwerter útjouwer H.C. Schetsberg oft dy miskien in almenak fan him útjaan woe, en doe't sûnt 1828 ienkear de almenak fan it Genoatskip in feit wie, wurken de Halbertsma's dêr amper oan mei, net mear as dat mei goed fatsoen net oars koe. Sels moatte se doe ôfsjoen hawwe fan in almenakfoarm, want sy kamen it oare jiers mei in nije Lapekoer.
Net alles wat Eeltsje skreau wie foar De Lapekoer bedoeld. Sa neamt er yn 1831 De âld kies fan Pibomme winliken mar almenaklektuer, en stelt er datselde jiers Joast gerêst dat syn omballingen yn proaza by De Fryske hurdsiler, dy't er yn de Leeuwarder Courant pleatst hie, mar ‘ornementen van localen aard’ binne, net gaadlik foar De Lapekoer. Om deselde reden dat it te ‘locaal’ of te ‘topisch’ wie, fûn er mear as ienkear Tsjalling syn wurk minder gaadlik foar publikaasje. Grif binne by it wurk fan Eeltsje dat no yn dizze útjefte út it hânskrift wei publisearre wurdt, ek wol stikken dy't hysels om dy reden net printsje litten hat.
Dat jildt yn alle gefallen grif foar de stikken dy't er foar 't neist yn 1821 en letter foar de Grouster sosiëteit makke hat: Soe ik net in wurdsje sizze? en Grouster freonen! Dy binne yn in hiel oare geast skreaun as de lieten en gedichten út deselde tiid dy't yn De Lape koer kamen. Dêrom kin it noait mear as de heale wierheid wêze as Joast skriuwt hoe't Eeltsje him oan de strjitlieten yn ús lân steurde doe't er út Heidelberg weromkaam, en dêrom sels betteren dêrfoar yn 't plak makke. Dat soe sels it begjin fan syn dichterlike wurksumheid west hawwe: ‘voor de eerste maal ontwikkelde hij het sluimerend talent der poëzie met het opstellen van eenige liedjes in den smaak des volks.’ Yn tsjinspraak dêrmei foeget er dêr trouwens fuort ek al oan ta: ‘Hij leende ze eerst aan de vrouwen en meisjes der familie, die ze uit den
| |
| |
treuren zongen en onder hare kennissen verspreiden.’ Eeltsje woe krekt foar syn freonen út Hollân sokke fersen meitsje, sa't yn in brief fan him oan Joast út 1823 nei foaren komt. Tichter by de wierheid is Joast grif wannear't er earne oars skriuwt dat Eeltsje troch it útjaan fan it wurk fan Gysbert Japix ta syn earste fersen ynspirearre is. Yn dat iere wurk sine in soad wjerlûden út Gysbert Japix. Dochs blykt út it fers Hollân en Fryslân, dat wol út de Poarmereiner tiid datearje moat, dat Eeltsje ek foar 1822 al literêre ambysje hie.
Ien kear hawwe de trije bruorren besocht om mei elkoar in stik te skriuwen. Dat wie yn De skearwinkel I. (It begjin oant ‘(Wopke) De divel, Joute!’ is fan Eeltsje, dêrwei oant ‘Buorkerij en Keapmanskip’ fan Joast, dan oant ‘De opsichter Hoarnstra stjit de doar op’ fan Tsjalling, dan oant ‘(Boer) Mar wat soeste’ is wer fan Joast, dêrwei oant ‘(Hoarnstra) Mar no moat ik’ wer fan Tsjalling en it oare fan Joast.) Se hienen neffens Joast niget oan de Frânskman Eugène Scribe, dy't tusken 1815 en 1850 mei syn meiwurkers sa'n 370 toanielstikken en ek noch sa'n 60 operateksten skreaun hat, mar har - sa seit Joast - gong it fabryksmjittich skriuwen net goed ôf, omdat se elk tefolle har eigen trant hienen.
| |
Wurdearring
De Rimen en Teltsjes binne al fan foar't se bondele waarden it klassike wurk fan de Fryske literatuer. It wurdt lêzen troch heech en leech, troch geleard en ûngeleard, miskien ek noch wol troch Frysk en ûnfrysk. Dat hat net altyd sa west. Joast skriuwt yn 1863 oan syn omkesizzer Hidde hoe't dat sa kommen is. ‘Te schrijven in een provinciaal dialect voor een aantal liefhebbers in die provincie is altoos een armzalig werk vergeleken met dat van den auteur, die in het Hollandsch voor milloenen schrijft. Ons meest beroemd stuk, de grote Lapekoer, had 20 jaren werk voordat hij uitverkogt werd, hoewel de oplage niet zeer groot was; van mijne verguisde Doopsgezinden en hunne herkomst in het Hollandsch werden in de eerste weken meer getrokken. En toch heb ik nog geen berouw van al mijn geworm, omdat het doel dat uw vader en ik zich altijd voorstelden, namelijk de verheffing van het Friesche element bereikt is. Toen wij voor 40 jaar begonnen was het Friesch nergens goed voor dan voor een almanaksklucht, en de aanzienlijken verachtten het. In December 1822 verscheen het eerste Lapekoerke, het embryontje, netjes gedrukt, met zorg gespeld en geheel met een klassisch aanzien om het vooroordeel der groten te beschamen. Ik gaf het ding echter niet publiek uit, omdat de menschen het heetst zijn op 't geen ze niet krijgen kunnen; ik gaf de gansche oplage ten getale van 200 exemplaren op mijne kosten present en verspreide die onder mijne kennissen aan alle oorden van Friesland. Die eerste slag was een driegulden waard. De liefhebbers, die geen exemplaar kregen, schreeuwden er om als magere varkens, en de weg was gebaand voor al de stukjes, die gevolgd zijn.’
Wat Halbertsma hjir net neamt, is dat ek de ienfâldige, net bestudearre lju ta it lêzen fan Frysk brocht wurde moasten. Oft se dat fuort al mei De Lapekoer rekke wienen, falt noch te besjen, mar wol is wis dat it slagge mei de heilingen, dy't tusken 1828 en 1831 útkamen en dêr't yn koarte tiid 34.000 fan ferkocht waarden. Alteast de boeren hearden yn 1869 ek al ta de fêste lêzers fan de Halbertsma's, want Eekhoff skriuwt dan oer ‘de groote belangstelling en bijval, welke ook deze uitgaaf, vooral onder den boerenstand, mogt ten deel vallen.’ De populariteit fan de Halbertsma's ûnder de lju fan it plattelân sprekt hjir ek wol út, dat It Lieteboek fan 1876 oanprize waard mei de meidieling dat alle lieten fan Eeltsje dêryn opnommen wurde soenen. Mar ek by studinten om utens en by lju fan de boargerstân moat de belangstelling grut west hawwe. Colmjon seit yn 1881 teminsten dat it boek in protte yn hannen komt fan lju dy't gjin Frysk prate.
Yn de tiid fan 'e Jongfriezen waarden de Rimen en Teltsjes fûl fersmiten. Dat moast ek wol, want it wie it boek dat de generaasje dêr't sy har tsjin ôfsetten, just hiel heech hie. Obe Postma, dy't wol foar wurdfierder fan dy generaasje trochgean kin, fûn der it lok fan ferfleine stûnen yn, it eigene, in taal sa't pake praat hie, koartom: in libben dat foarby is, mar dochs ek ‘wat yn herten bliuwt bedutsen.’ Douwe Kalma lykwols woe oars net as ‘persoanlike’ keunst. Hoewol't er it der net planút by sei, is wol dúdlik dat by op Wumkes - ek ien fan de âlde garde - reagearret as er yn syn beoardieling fan de nije útjefte skriuwt, dat it boek ‘op 'e ûntjowing fen it Fryske siele-libben net oars hawwe kin as in ûngaedlike en ûnginstige útwirking.’ Wumkes hie syn ynlieding nammentlik besletten mei de karakteristyk: ‘dit boek bliuwt it monumint fen in stik folkslibben, dat de Fryske siele opropt ta ljeafde for syn eigen
| |
| |
aerd en wêzen.’ Kalma meat, seker yn dy tiid (en yn oerienstimming mei de opfettingen fan syn tiid), literêre wearde ôf oan it gehalte oan libbenstragyk, en de Rimen en Teltsjes wienen neffens him mei har saneamde humor (neffens Kalma yn werklikheid neat oars as in ‘plat bernegeniet’) in ‘wrede bispotting’ fan dy tragyk. It boek hie ‘tûzenen minsken geastlik formoarde.’ In ‘monumint fen konservatisme’ wie it, en dêr wurken no de tekeningen fan Ids Wiersma ek oan mei. It iennichste dat foar him literêre wearde hie, wie it satiryske proaza fan Joast. E.B. Folkertsma, dy't gjin tragyk, mar wat tradisjoneler mystyk mist, tinkt der krekt sa oer. Mar wol nimt dy nei de populêre foarstelling fan syn dagen oan dat de skriuwers ‘de skientme skôge en field [habbe] fen hwet men hjoeddeis “folksdichting” neamt,’ dêr't er mei op de Midsieuwen doelt. Dy leafde foar de folkskeunst fan de Midsieuwen soe har befrijd hawwe kinne fan it achttjinde-ieuske klassisisme, mar dat is him neffens Folkertsma net wurden, want ek hy fynt, lykas Kalma, de geast dy't út it boek sprekt ferstanlik.
It ferskil yn wurdearring dat hjir nei foaren kommen is, sit by alle tiidsbûnens fan it oardiel dochs djipper as ien tinke mocht dy't mient dat it allinne mar om in generaasjekleau giet. Yn it wurk fan Obe Postma klinke noch gâns wjerlûden fan de Rimen en Teltsjes troch, en dat is neidrukliker, minder trochfield soe 'k wol sizze, ek it gefal yn it wurk fan Piter Jelles, mar by de dichters fan nei 1915 is dêr net folie mear fan te fernimmen, ôfsjoen dan fan mear distânsjearre ferwurkjen yn 'e foarm fan taspilingen, sitaten of parodyen, en ôfsjoen fansels fan folksdichters.
Oant no ta ha ik it boek as ien gehiel nommen. Dat wurdt ek faak dien. Dochs is der wol ferskil tusken de skriuwers te meitsjen. It hat al bliken dien dat Douwe Kalma allinnich yn it wurk fan Joast noch wol wat te wurdearjen fûn, en yn dy foarkar stiet er net alhiel allinnich. Tsjalling hat it yn in reaksje op De Lape koer yn 1822 nammentlik oer ‘de gulden spreuken van Gabe die nog al bij de liefhebbers een voornaam gedeelte van het Boekske uitmaken.’ Oaren nimme lykwols Eeltsje sines foar kar. Dat komt al út yn de besprekken fan de ûnderskate útjeften fan De Lapekoer en ek yn it oardiel oer de bydragen fan de bruorren oan it Friesch Jierboeckjen (1828-1835). Joast wurdt dan te skerp fûn, mar Eeltsje wurdt prize om syn útbylding fan wat echt Frysk, dat is ienfâldich en natuerlik hjit. A. Winkler Prins neamt Eeltsje yn 1860 ‘meer dan iemand ter wereld een dichter in den waren zin des woords, - een dichter in proza en poëzij, die vaak de fijnste snaren in beweging wist te brengen.’ Foar him is gefoelichheid it kritearium.
As hûndert jier letter Anne Wadman yn in besprek fan in nije útjefte fan de Rimen en Teltsjes op ‘zuiver literaire schoonheid’ komt, dan neamt ek hy wurk fan Eeltsje. Foar him binne dat guodden fan net mei namme neamde fersen, dêr't er grif sokken as It marke en Geales sliepke mei bedoelt, deselden dy't J.H. Brouwer yn 1958 neamt as er it bêste fan Eeltsje oantsjut. Beide stelle dy fersen boppe it wurk fan Tollens, dêr't Wadman Bilderdijk en Da Costa noch oan taheakket, dat dy komt ta it oardiel dat men om de gelikensen fan dy fersen ‘in de tijd van ontstaan, 1820-'30, in de Nederlandse literatuur lang zou moeten zoeken.’ Ek by har giet it wer om de natuerlikheid. Oft Y. Poortinga yn 1969 spesjaal oan har tinkt as er seit dat Joast syn betsjutting as skriuwer yn fergeliking mei Eeltsje wolris te leech oanslein wurdt, is net dúdlik, mar hy komt by alle ynfielende wurdearring foar Joast dochs ek net fierder as dat dy de earste Fryske essayist en de earste Fryske biograaf wie. Eeltsje dêrfoaroer ‘hie as lyrikus gâns mear yn 'e marse en wie fruchtberder forteller.’
Wat my yn it wurk fan Eeltsje as it meast eigene treft is weemoed om wat west hat en niget oan wat om him hinne is. Brouwer, dy't by syn karakteristyk fan de skriuwer wol sawat itselde seit, sjocht dêryn in utering fan de Romantyk, mar ik hâld it earder foar wat persoanliks fan Eeltsje sels, dat him ferbynt mei Obe Postma.
Eeltsje is yn it deistich libben fan syn tiid krûpt. Hy jout in tiidsbyld. Joast is abstrakter, by him giet it mear om ideeën. Hy beskriuwt mear fan bûten ôf minsken yn har tinken en fielen, har stribjen en har konflikten en dat binne by him dan meast grutte fielings en ideeën. Hy mingt him mei syn gearfetsjende aforismen en sprekwurden sels ek mear yn syn ferhalen.
As ik dan ta beslút de balâns opmeitsje fan wat ús neffens my noch oansprekt yn de Rimen en Teltsjes, dan soe ik sizze dat wy der gjin tragyk of mystyk mear yn sykje, of wat ús no optheden mar dwaande hâldt. Stylkeunst en taalrykdom stean foar elk bûten kiif, grif ek foar Kalma, mar wat ús foar 't neist foaral oansprekt en hieltyd wol mear dwaan sil nei't wy der fierder yn tiid fan ôfreitsje, is it byld dat jûn wurdt fan in libben dat foarby is. Grutte parten fan de
| |
| |
Rimen en Teltsjes binne in spegel fan it iere njoggentjinde-ieuske Fryslân. In klassyk boek sil it dêrom wol bliuwe salang't der Friezen binne, omdat it giet oer wat har folk west hat, oer hiel Fryslân mei hast al syn doarpen en stêden, mei syn boeren, dûmnys en studinten, syn arbeiders, ambachtslju en stedsjers.
En dochs, al fine wy net sa maklik mear as de earste lêzers it frisse fan de aktuele ferwizings en kin ús dêrtroch noch wolris wat fan dat folk ûntkomme, it mist net dat wy úteinlik likegoed as dy eardere lêzers in oar aspekt noch mear wurdearje. Dat is, dat hert en geast yn de Rimen en Teltsjes sprekke. It ynlike yn toan en stimming fan Eeltsje, it golle fan Tsjalling en it skerpe en iroanyske fan Joast sizze as 't der op oankomt mear as dat it oer it njoggentjindeieuske Fryslân giet.
| |
Oplagen, prizen en ferkeap
Dit is de tsiende útjefte yn 125 jier. Yn it algemien kin sein wurde dat der troch de jierren hinne altyd in frij konstante fraach nei it boek west hat. De werprintingen folgen altyd rillegau nei't de foargeande útjefte útferkocht wie, behalven dan yn 1958, want doe hie de foarige útjefte (fan 1944) al net mear te besetten west fan itselde stuit ôf dat dy ferskynd wie. Mei elkoar sille der oant no ta, dat is oant en mei't de útjefte fan 1978, sa'n 15000 eksimplaren fan makke wêze. Fierwei de grutste fraach wie der yn 1944, doe't de oplage fan 2500 trije kear oertekene waard.
Oer de oplagen fan de útjeften tusken 1871 en 1918 is oars neat bekend, as dat der fan dy út 1895 noch 532 oer wienen doe't Van der Velde yn 1904 de foarrie fan De Lange oernaam, en dat dy útferkocht rekken yn 1916, nei't der yn 1911 noch goed twahûndert fan west hienen. Op grûn fan dy sifers mei oannommen wurde dat de oplage fan 1895 minstens 1000 west hat. Miskien moat ek oan in 1000 eksimplaren tocht wurde foar de oplage fan 1881, dêr't yn 1887 dan faaks it restant as nije útjefte fan op 'e merk brocht waard.
Fan de earste útjefte stiet fêst dat dêr 1000 fan makke binne. Hiel hurd gongen se net fuort, want de yntekening stie hast oardeljier iepen. De Lange hie it boek útbrocht as in goedkeape edysje. Der wie by him nammentlik, sa't er yn it Prospectus meidielt, ‘nog een aanzienlijk getal exemplaren voorhanden van de Friesche werkjes der gebroeders Halbertsma.’ Hy moast dus besykje it publyk op 'en nij te ynteressearjen. Alles skynt er lykwols net mear hân te hawwen, want yn 1863 wienen neffens syn meidieling oan Joast de Twigen en de grutte Lapekoer (dat is dy fan 1834) útferkocht.
It boek koste fan oktober 1868 oant maart 1870 by yntekening heechút f 3,90, te beteljen yn parten by it ferskinen fan de ôfleveringen. As der mear as trettjin ôfleveringen komme soenen, wienen dy fergees. Nei't de yntekentermyn sletten wie, koste in ôflevering 35 sinten. By guon eksimplaren fan de âldste útjeften is it portret ynbûn, dat D.J. Sluyter fan Joast gravearre hat. Utjouwer De Lange hie it fuort by de earste printing meitsje litten. Yntekeners koenen it foar f 0,75 krije, oaren moasten f 1,25 betelje. Proefdrukken op grut papier kosten f 2,50. By de earste printing koste in ynbûn eksimplaar mei it portret fan Joast f 6,10. De twadde printing waard yn novimber 1881, doe't dy folslein wie, ferkocht foar f 3,25. It moast doe dus wol goedkeap.
Oer de oplagen sûnt 1918 binne wy better ynljochte. Dy wienen efter elkoar 2400 gewoane (foar f 6,90 it stik) en 500 lúkse (f 12,50) yn 1918, 2500 yn 1944 (dêr't lykwols wol trije kear sa'n grutte fraach nei wie!), ek 2500 (by yntekening foar f 22,- of f 18,- mei losse bân, nei ferskinen f 25,-) yn 1958, en 1500 yn 1969. Hoefolle oft yn 1978 printe binne, is net bekend, mar it sille wol 1000 west hawwe, omdat by dat tal de subsydzje prosintueel heger waard, of heechút 1500. Dizze tsiende útjefte hat in oplaach fan 3000 eksimplaren.
| |
Karakter
Goethe hat fan de Allemannische Gedichte (1803) fan Johann Peter Hebei sein, dat dêryn it ‘Universum auf die naivste, anmutigste Weise verbauert’ wie. It universum ferboerkje, dat soe men ek sizze kinne dat de skriuwers fan de Rimen en Teltsjes dien hawwe as men har wurk op 'en koartsten en yn haadsaak gearfetsje moast. Hoe't it koe dat yn it begjin fan de njoggentjinde ieu literatuer skreaun waard dêr't soks fan sein wurde koe, en wat foar literatuer dat yn it gefal fan de Halbertsma's wie, sil ik hjirnei besykje te beskriuwen, mar earst wol ik noch wat sizze oer de titel fan it boek.
De titel fan de Rimen en Teltsjes fan 1871 is: ‘Rimen ind Teltsjes fen de broárren Halbertsma.’ It ‘Rimen en Teltsjes’ hie al hiel lang by de bruorren yn gebrûk west, want yn 1836 skreau Tsjalling oan Joast dat ‘dokter’ op 't snjit
| |
| |
wie mei de útjefte fan de Rimen en Teltsjes. Dêr moatte dan de Noarger rún en De Treemter mei bedoeld wêze, hoewol't dêr oars net folle rimen yn steane. Sa't liket moat de namme dus yn alle gefallen weromgean oant 1829, doe't er tapast wurde koe op De Lapekoer. It kin hast net misse, of der sit yn dy titel in ferwizing nei de Kinder- und Haus-Märchen. Gesammelt durch die Brüder Grimm (Berlyn 1812). Jacob Grimm sels hie Joast yn 1834 al skreaun, dat yn de Lapekoer in protte ‘über friesische sitten, gebräuche und überlieferungen’ siet (al stie er der op oan dat Joast dêr in apart boek oer makke), en dy wurden sil Joast grif net fergetten west hawwe doe't er yn 1868 as oantsjutting fan de auteurs foar ‘de broárren Halbertsma’ keas.
It soe trouwens wolris wêze kinne dat Joast ek earder al oan Grimm syn wurden tocht hat. Yn 1855 skriuwt er him teminsten: ‘In it hexers hol heb ik ene menigte bijgelovigheden opgenomen, welke ik in het meest nationaal geblevene deel van Friesland heb aangetroffen. Het zal hier en daar het grote artikel uwer Mythologie kunnen aanvullen, namelijk Aberglaube.’
| |
De figuer fan Gabe Skroar
Gabe Skroar, de jong ferstoarne skriuwer út earder tiid, is foar 't neist in skepping fan Eeltsje. Doe't Joast ienkear it plan opfette hie om noch yn 1822 mei in Frysk boekje mei de sankjes en rymkes fan Eeltsje te kommen, ha se it blykber better fûn om dat net ûnder eigen namme te dwaan. It soe wêze kinne dat se dat net woenen, omdat Joast sels ek in ynbring yn it boekje hie en it foar sa'n lyts boekje wol wat nuver oandwaan soe wannear't it útjûn wurden wie as it wurk fan mar leafst twa auteurs. Dêr komt noch by dat it al in hiel âld literêr gebrûk wie om in fiktyf auteur op te jaan. Yn it bysûnder om 1800 hinne wie dy topos tige populêr. Oft it byld fan in lapekoer noch in spesjaal plak yn dy tradysje hat, soe nochris neigongen wurde kinne. Hoe't Gabe oan syn namme kommen is, wit ik net. Gabe Pibes heart oars wol wat as Gysbert Japix, en dat hoecht net tafallich te wêzen, want dy is skoan werom te finen yn útdrukkingen yn it wurd foarôf, likegoed as trouwens yn guon fan de sangen fierderop yn it boekje.
De figuer fan Gabe hat fan it begjin ôf oan twaslachtich west, wat gearhinget mei it dûbelde auteurskip. It begjin fan it wurdsje foarôf yn De Lape koer fan 1822 is skreaun troch Eeltsje, dy't dêryn Gabe as in boeresoan mei oanlis foar rymkjen tekent, mar Joast foeget dêr in stikje oan ta dat meast giet oer de ymplisyt as geletterde lju beskreaune besoargers en dy har literêre oanstriden. Giet it yn 1822 om wurk fan Gabe en oer Gabe, yn 1829 en 1834 is Gabe in figuer yn de stikken wurden. De neamer dêr't dy twa yn 1830 noch ûnder byinoar brocht wurde koenen (ferienige is net it goeie wurd), wie yn de wurden fan Eeltsje dy fan ‘zeer geletterde friesche boeren’, mar op 'en doer wie Gabe net mear te brûken. Dat lei him foaral oan Joast, want by Eeltsje bleau Gabe in gewoane jonge. Mei om syn fêsthâlden oan Gabe (de oare reden wie dat er him net oan polityk baarne woe) fielde Eeltsje yn 1832 net foar it idee fan Joast om yn de tredde edysje fan De Lapekoer, dy't doe yn tarieding wie, it aktuele Fêsteljûnpraatsje op te nimmen dat hjir no yn de Neirisping foar it earst útjûn wurdt. Hy woe De Lapekoer it karakter fan ‘Nachhallen aus der Vorzeit’ hâlde litte. Yn 1839 moast er Joast lykwols tajaan dat it gjin doel mear hie om har wurk noch langer út te jaan ûnder de namme fan Lapekoer fan Gabe Skroar: ‘Het is waar de illusie is van Gabe scroor geweken en het thema is afgezaagd.’ Dat ha se ek net mear dien, mar Gabe wie wol ôfgryslik populêr by it publyk, sa't wy witte út meidielingen fan Eekhoff (dy ferkocht om dy reden Leed ind Wille (1854) as ‘de nije Lapekoer’) en sa't wy wol ôfliede kinne út it feit dat Eeltsje foar syn foardrachten (lykas
Oer swarte minsken) noch oant de jierren fyftich ta op Gabe weromfoel.
| |
Foar wa skreaun?
Sa iepen as de figuer fan Gabe fan it begjin ôf oan west hie, sa iepen binne de oare oarderingen fan it tinken bleaun. Karakteristyk binne wol begripen út titels fan sammelbondels as ‘skearwinkel’ en ‘twigen.’ Sa jouwe de Rimen en Teltsjes in bûnt ferskaat fan fersen en ferhalen. Joast hat yn 1861 in yndruk fan de ynhâld jûn mei dizze wurden: ‘Zo bont nu de mengeling van alle die standen is [dêr't se neffens him foar skriuwe woenen], behoorde ook de reeks der onderwerpen te zijn, welke wij behandelden, opdat ieder iets van zijne gading mogt vinden. Rijm en onrijm, deftig en koddig, dichterlijk gevoel en prosa, het verhaal en de oorsprong van het geld, de kunst om met menschen om te gaan en de grote vragen, de dronkenschap en de loterij, de twee verfoeisels en brandmerken van Nederland, dit alles door elkander geworpen, maakte al licht dat ieder,
| |
| |
welken zijn rang of de maat zijner kennis mogt zijn, er iets in vond dat zijne aandacht boeide.’
Dit is in gearfetting efterôf. Yn werklikheid moat it dochs wat oars gongen wêze. De Lape koer fan 1822 waard tastjoerd oan freonen en kunden fan de skriuwers (wol meast dy fan Joast, dy't alles regele), en al is dan gjin list mei nammen fan de lju oerlevere oan wa't de twahûndert eksimplaren omparte waarden, dêr hawwe grif net folle gewoane lju by west. Wol waard it yn it boekje sels sa foarsteld dat it út boerefermidden kaam, mar dat hat earder te krijen mei it feit dat it yn it Frysk skreaun wie as dat it oer en foar boeren wêze soe. De lykstelling fan Frysk en boersk, dy't trouwens op himsels al hiel âld wie, appellearre oan de grutte wurdearring dy't der yn it begjin fan de njoggentjinde ieu foar de kultuer fan it ‘folk’ wie.
Dêr komt noch by dat de beide bruorren ek net itselde publyk op it each hienen. Eeltsje hat lang oan boeren fêstholden, miskien syn hiele libben wol, net as iennichste, mar dan dochs wol as mooglike lêzers. Neffens him wienen boeren de bêste rjochters as it derom gong in oardiel te jaan oer de fraach oft se yn har wurk de wiere geast (fan dyselde boeren) troffen hienen. Joast hat, krektoarsom, eins fan it begjin ôf oan in mear belêzen publyk op it each hân. Hiel dúdlik sprekt syn oriïntaasje wol út Oan Eölus (1837), dat in lang en ûnfertaald sitaat út Vergilius as motto hat.
| |
Eigen libben
Allinnich al oan alle dûmnys, dokters en wûnderdokters is wol te sjen dat de Rimen en Teltsjes faak oer it libben fan de skriuwers sels gean. Benammen yn it wurk fan Eeltsje sit in soad fan eigen libben. Op oare plakken yn dit neiwurd neam ik dêr al foarbylden fan en dy soenen noch wol út te wreidzjen wêze. In kostlik gefal binne de rigels yn Minne Jorrits reis dêr't yn beskreaun wurdt hoe't it yn de sosiëteiten fan de Patriotten om-en-ta gong. Dat is, ôfsjoen fan de fiertaai, frij wol wurdlik gelyk oan wat Eeltsje yn de tiid fan de Belgyske Opstân oan Joast skriuwt oer de wize sa't hy en Tsjalling, dy't alle jûnen farske berjochten krijt, yn de jeneverhuzen te Grou optrede: ‘Wanneer Tjalling gaat zitten (om foar te lêzen) dan roep ik: Stilte Burgers! Hoeden af, klompen uit, pruimen uit de bek, eene uitroeping uit de voormalige hoogstnuttige boerenpatriotte klubs.’ De bêste tsjûgen fan syn dichtsjen en skriuwen oer dingen dy't him persoanlik rekken, binne fansels alle fersen dy't er op syn bern en oare famylje makke hat. In oar ûnderwerp dêr't syn poëzy faak oer giet, binne blommen, en dat kin ek mei syn persoanlike foarkar yn ferbân brocht wurde, want neffens Joast wie Eeltsje in botanist.
Eeltsje hat him ek wol útlitten oer it ferbân tusken wurk en libben. Yn 1842 bygelyks skriuwt er oan syn omkesizzer Petrus, dy't dan op stúdzje yn Dútslân is: ‘pure fixie is altijd moeilijk, ik geloof niet dat ze ooit zuiver is, er moet altijd iets werkelijks ten grondslag zijn.’ En dat syn fersen persoanlik trochlibbe wêze moatte, sprekt er mear as ien kear yn syn brieven út, bygelyks yn 1834 oan Joast: ‘ik heb te veel in mijn hoofd dat er uit moet, dat behoefte is voor het hart’, of yn 1831, ek oan Joast: ‘ik ben niet als Van der Aa (bedoeld is grif Robidé van der Aa), van Lochum (in Dimter dichter) en consorten, mijne verzen komen niet uit de maag of endeldarm maar ex pectore (út it hert).’
| |
It Fryske folk
Fan fierwei it grutste part fan de Rimen en Teltsjes kin sein wurde dat dêryn it Fryske folk beskreaun wurdt of mei idealisearjen yn wêzen roppen. Yn de tiid dat de skriuwers libben, wie yn Europa in folk de drager fan kultuer, net mear de gelearde stân mei syn klassike foarstellingen lykas oant 1770, en noch net it yndividu lykas nei 1830. It folk waard field as in yndividualiteit, dat mei oare folken foarm jaan koe oan universele wearden. It wie ek hiel âld: ‘Het nationale leven is taai; de volksbegrippen, vereenigd met het karakter en de taal der natie, zijn langer tegen den knagenden tand des tijds bestand dan paleizen en kastelen van graniet, die bestemd waren om het geweld der eeuwen te trotseren,’ sa oardiele Joast yn 1865. Dat jildt dan yn it bysûnder foar de âlde Friezen.
Alle deugden wurde taskreaun oan de Friezen - en oan de Ingelsken dy't fan har ôfstamme soenen. Wat neffens Joast dy twa as Germaansk beskate folken foaral ferieniget is de niget oan hyperboal, satire en byleauwe. Hollân wurdt gauris as tsjinpoal brûkt, benammen yn kombinaasje mei it nije ûnderwiis, dêr't net in goed wurd fan sein wurdt. Ek op oare plakken komt wol út dat Joast yn 'e tsjinstelling fan Hollân en Fryslân tocht. Ien dy't ds. Rinse Posthumus, sa skriuwt er yn 1859 oan de Maatschappij voor Nederlandsche letterkunde, nei it libben tekenet, sil ‘noch aan de theologen,
| |
| |
noch aan de politici, noch aan de literatoren van de Provincie Holland bevallen.’ By de idealisearring fan Friezen en it Fryske folk wurket er gauris op it wy-gefoel fan de lêzers as Friezen. It is Joast foaral ek dy't hieltyd op it nasjonale fielen komt. Tekenjend foar it ferskil tusken him en Eeltsje is de ynfoeging fan histoarysk-nasjonale stof yn it fers De Fryske hurdsiler. Dat wie in fleurich lietsje oer ien dy't fan silen hâldt, mar Joast woe dêr Tsjerk Hiddes by yn hawwe.
De stof wurdt oars gauris ûntliend oan bûtenlânske lektuer. Joast bewurke foaral histoaryske boarnen, lykas Frânske fabliaux út 'e Midsieuwen of Ingelske folkslektuer út de achttjinde ieu, Eeltsje lieten en dialektteksten út it eigentiidske Dútslân. Ferhalen út de Fryske skiednis binne der wol, mar skiednis wie dochs net wat de bruorren alderearst ynteressearre. It gong har mear om minsken op harsels, en dan foaral om lju út it folk. Eeltsje fûn dy bygelyks yn Grübels Gedichte in Nürnberger Mundart, dy't er om 1830 hinne te Frankfurt am Main kocht hie. ‘Deze burgerman levert ons huisselijke tafrelen, allerhande potzierlijke ondervindingen uit zijn eigen dagelijksch leven, kortom alles wat zijn stad aardigs, snedigs, zonderlings en kortswijligs oplevert, in een allergemaklijkst rijm, maar in een moeilijk te verstaan dialekt voor. Dit dialekt doet, dat hij niet in plaats van op denkbeelden, ons vergast op dichterlijke rodomontades, op uitstapjes boven de dampkring dezer bewoonde aardkloot, omdat dit dialekt onbedorven voortlevende in de mond van burgermenschen, onzin nog bedorven smaak toelaat.’ Joast hat it dêr grif mei iens west. Yn 1851 soe er nei oanlieding fan byldzjende útdrukkings skriuwe: ‘Dit hoort men niet in de salons; maar daar is het volk ook niet. Het volk is onder de kleine burgers, die spreken uit het algemeene Germaansche en bijzondere nationale instinct.’
Hoewol't se beide op har eigen wize ôfstân fan de minsken hâlde dy't se beskriuwe, skriuwe Joast en Eeltsje dochs wol op de smaak fan har lêzers ta. Dat komt goed út yn wat ús no as foaroardielen treft. It slimste foarbyld dêrfan is har hâlding foar joaden oer.
| |
It naïve
Om 1770 hinne kaam yn de literatuer it naïve yn 'e swang. Dêr waard eale ienfâld fan de klassike Griken ûnder ferstien, om de wurden fan Winckelmann te brûken. Dy klonken noch lang nei, ek yn de Rimen en Teltsjes, lykas yn Joast syn kommentaar op Eeltsje syn fers Oan Petrus doe er doctor waard. It naïve hie de smaak fan it nije en frisse, it natuerlike, dat foar it bestjurre klassisisme oer steld waard. Yn it begjin fan de njoggentjinde ieu krige it tydlik in algemiene byfal yn de hiele westerske wrâld, dy't de wurdearring foar it Frysk en it Fryske folk tige yn 'e kaart wierre. Frysk en natuerlik wienen doe suver synonimen. In gongbere, en fanwegen syn dúdlike periodisearring ek wol gaadlike term foar de naïve literatuer, en trouwens foar de keunst fan it begjin fan de njoggentjinde ieu yn it algemien, is Biedermeier.
In part fan Eeltsje syn wurk lit him goed beskriuwe as nayf. It giet dan yn it bysûnder om lyryske fersen yn de trant fan Hölty, Hebel en Matthias Claudius, lykas It marke, Geales sliepke en De iere maaimoarne en de minske, mar ek om ferheljende lykas Ald Janom en De Likeblommen, en likegoed ek om syn proaza. As in weromfallen op de naïveteit fan syn earste skriuwersjierren kin De jonkerboer opfette wurde, en datselde jildt foar De Quickborn, de oersetting nei Klaus Groth. Beide binne se út de lêste jierren. As er yn 1856 de bondel fan Groth yn hannen kriget, skriuwt er Joast oer de ‘allerliefste versjes in dezelfde geest geschreven waarin ik mijne eerste versjes in de Lapekoer schreef.’ Joast hie him oars yn 1844 al skreaun dat er te weak waard foar teare poëzy. Dêr wie er it wol mei iens: ‘mijne aangeborene hilariteit komt boven als ik bij de menschen ben, maar als ik alleen ben dan ben ik verpletterd en een droesem van naargeestigheid zit op de bodem van mijn ziel.’
It gefoelige dat eigen is oan it naïve, wie oars yn letter jierren, dat is dus foaral yn Leed en Wille, ek gauris mei it filosofyske of religieuze - as men wol: it redenearjende - mongen. In foarbyld is In trien. Ek de elegyen, faak op eigen famyljeleden, binne mear filosofysk as nayf.
Nayf wurk betsjut fansels net dat de skriuwer sels nayf wie. Eeltsje hie hege noarmen. Sa hjit it yn in brief oan Joast út 1829: ‘dat men met al het vernuft dat men aan den dag legt tog een stumper bij de antiquen blijft.’ Hy besocht just tige mei sin it naïve te suggerearjen. It sil yn 1823 west hawwe dat er Joast skreau: ‘De aanmerking die men op mijne verzen zal kunnen maken is deze: dat dezelve hoewel in eenen boerschen trant geschreven meest echter hoogernstige [onderwerpen?] of fijne satyres ten on- | |
| |
derwerp hebben en dus meer fijne idées, als kleuren opleveren.’
| |
It sublime
Yn hokker ramt soe men it wurk fan Joast literêr-teoretysk it bêste ferklearje kinne? Klassisistysk en Romantysk binne de beide gongbere oerkoepeljende oantsjuttingen foar de literatuer tusken 1750 en 1850, mar dy binne wol wat rom; boppedat wurket it hantearjen fan in tsjinstelling as yndielingskritearium yn 'e hân, dat der socht wurdt om eleminten fan beiden en dat it wurk sels dêrtroch net sa goed yn byld komt. Better is it om rekken te hâlden mei de literatueropfettingen dy't de skriuwer sels hie, en dy te formulearjen yn konsepsjes dy't eigen binne oan de literêre teory fan syn tiid. As útgongspunt foar it foarmjen fan in oardiel oer it karakter fan it wurk soe men in tekst nimme moatte dy't karakteristyk foar mear fan syn wurk liket, mar dy't tagelyk ek it meast ekstreem de mienskiplike trekken sjen lit.
Sa'n tekst liket my Oan Eölus ta. Poortinga hat it wurk fan Joast yn genres yndield en bliuwt dan sitten mei Oan Eölus en mei Eölus syn antwurd, dat er lykwols gewoaner fynt. Hy neamt Halbertsma yn dy beide stikken op syn bêst. It binne neffens him uteringen fan in romantysk foarmgefoel, dêr't er mei bedoelt dat Joast ferskate genres yn ien wurk ferienige hat. Hy mient dat yn Oan Eölus it wylde yn de natuer harmoniearret mei it wylde yn de skriuwer sels. Minsklik en maatskiplik lek en brek, no en yn it ferline, alles komt neffens Poortinga te praat. Alles wat Joast oan beskriuwingskeunst yn him hie, komt der hjir út. Poortinga wiist yn dat ferbân op it dichterlike (en folksaardige) fan de bylden.
Om no Oan Eölus te ferklearjen soe ik it sublime as ramtwurk nimme wolle. Dat sublime giet as ûnderskieding werom op in anonime ferhanneling út de tiid fan de klassiken, dy't fanâlds op namme set is fan de Gryk Longinus. It idee fan it sublime slút oan by in âldere yndieling fan de styl yn trijen: heech, gewoan en leech. It ‘genus grande’, it hege, wurdt dan by Longinus it sublime. Sûnt de twadde helte fan de santjinde ieu wurdt it sublime in belangrike kategoary yn it tinken oer literatuer. Om 1770 hinne groeit it út ta in kaaibegryp yn de Romantyske poëtika, oant it om 1840 hinne ferfongen wurdt troch skildereftigens. Neffens Edmund Burke ûndergiet in lêzer it sublime, karakterisearre troch grutheid, ferhevenheid, hichte, djipte, tsjuster, ljocht, krêft ensafuorthinne, as skrik en eangst. Kant ferbynt it sublime eksklusyf oan natuerlike objekten, los fan dingen dy't troch minsken makke binne. De estetyske nocht oan it sublime bestiet neffens him út de sensaasje fan it frjemde, fan dat wat bûten bedoeling of boadskip leit. De ideeën fan Kant en foaral fan Burke wurde literêr-teoretysk ferwurke troch Hugo Blair. Blair makket in ûnderskie tusken it ferhevene (sa't it sublime ek wol hjit) yn objekten en yn literêr wurk. Hy is it net mei Burke iens dat skrik en eangst de oarsprong fan de sensaasje fan it ferhevene binne. Hy hâldt it op grutte krêft. As foarbylden fan grutte krêft neamt er natuerferskynsels as in orkaan en in machtich opsette rivier. Betingst om de lêzer it ferhevene fiele te litten is neffens him dat de skriuwer sels dertroch roerd is. Fierders komt it oan op koartheid, ienfâld en foaral wer krêft. As foarbylden by útstek neamt er it tweintichste boek fan de Ilias, dêr't Homerus de goaden de natuer yn beweging
sette lit, en Vergilius syn beskriuwing fan in stoarmeftige oerstreaming yn de Georgica. In grut skriuwer ûnderskiedt him troch beskriuwing of skildering, it proefstik fan ferbyldingskrêft.
It is no wol dúdlik dat Oan Eölus - dêr't in protte fan de neamde eleminten yn te finen binne - adekwaat ynterpretearre wurde kin as in foarbyld fan it sublime. It opnimmen fan it motto oer Eölus, de god fan 'e wyn, soe sels útlein wurde kinne as in teken dat Joast wediverje wollen hat mei de klassiken. It is ûntliend oan Vergilius' Aeneis (1.50-63). Yn dit ferbân soe ik noch opmerke wolle dat er faaks ek oan Gysbert Japix tocht hat, dy't er trouwens ek oanhellet: ‘Ik learde doe (doe't er nammentlik Eölus om toer en tsjerke hinne oangean hearde) earst de krêft fan Gysbert-oms wurden as er fan de stoarm sjongt, dat dy Guwlt in boppe tonger beert.’ It soe grif de muoite leanje om Oan Eölus neier yn syn literêre tradysje te setten.
Der binne wol mear stikken dy't har begripe litte as uteringen fan it stribjen om it sublime út te byldzjen. Ik nim wer Poortinga as gids, dy't opmurken hat hoe't Joast jin yn 'e tsjoen fan geheimsinnige machten en krêften wit te bringen yn It Heksershol, dat fol leauwe en foaral byleauwe sit, yn It ingelgereaunt op Schiermontseich mei syn boadskip út in ûnsichtbere wrâld oan in bern, en yn Jûntiids weemoed mei syn mankelyk meitsjend kosmysk fielen. It sublime uteret him neffens Blair nammentlik ek
| |
| |
yn it boppenatuerlike, dêr't er it byleauwe spesjaal by neamt.
Fansels is it sa, dat de literatuer fan de Halbertsma's en fan Joast yn it bysûnder yn tsjinst stiet fan nasjonalistyske bedoelingen, mar men moat dochs omkeard likegoed ek sizze dat Joast syn typearjen fan de Friezen as in folk fol deugden in funksje fan literatuer is, omdat dat no ienkear yn literêr wurk bart, en dan is it ferhearlikjen fan it eigen folk hiel goed binnen it sublime te pleatsen. Blair neamt ûnder de ferheven objekten nammentlik ek seedlike gruttens, dy't dêrút bestiet dat in eale bedoeling in minske boppe foaroardiel, eigenbelang, gefaar of dea úttilt, en dat jildt dúdlik foar de Friezen, sa't Joast se de lêzer foar eagen stelt. Mar der is noch om oare dingen reden om de ferhearliking fan de Friezen yn ferbân te bringen mei it tinken yn de kategoary fan it sublime. Joast stelt it nammentlik sa foar as sit troch de woartels fan de âldste Fryske deugden it byleauwe hinne. Boppedat neamt er de hyperboal nasjonaal-Frysk, en kin men by it byleauwe op himsels noch oan in ûnôfhinklike oerienkomst tinke, yn kombinaasje mei sa'n opfetting fan de hyperboal wurdt it dochs wol hiel ferliedlik om ferbân mei Blair (of dy syn boarnen) te lizzen. Dy skriuwt nammentlik (ik helje him hjir oan yn de oersetting fan Bosscha): ‘Deze Hyperbolische toeren zullen meer of minder in ene taal de overhand hebben, naarmate de verbeelding der Natie, welke die taal spreekt, levendig is. [...] Meer ondervinding, en ene beschaafder maatschappy doven het vuur der verbeelding, en zuiveren de manier van uitdrukking.’
Grif kin ek Joast syn foarkar foar it beskriuwen fan grutte gefoelens en hertstochten yn it ramt fan it sublime ferklearre wurde. Ik tink net allinnich oan dingen as it sluten fan in oerienkomst mei de duvel troch Gosse Knop yn It heksershol, it ferhevene yn it fielen fan de net-sivilisearre Abenaki yn Eölus syn antwurd, en de konfrontaasje tusken heit en soan yn De twadde jûn, mar ek oan de beskriuwing fan it libben fan de dichter Salverda. Ek yn it gefal fan Salverda is ien oan it wurd dy't besiele is fan frijmeitsjende seedlike gruttens. Syn foarbyld wie Horace Walpole, de skepper fan de ‘gothic novel’. Under ferwizing nei Reminiscenses II 63 skriuwt er: ‘Ik meitsje in portrait ta foetten uwt. Nin buste. Want as de sciednis der doekjes om wynt, is se dochs nin flint wirdich?’. Salverda sels trouwens wurdt ek as seedlik grut tekene, likegoed as letter Rinse Posthumus, en fan beiden wurdt mei klam sein dat it Friezen binne.
Wêr't Joast neat fan hawwe moast wie it ûnnatuerlike en ûnwierskynlike dat oare skriuwers brûkten om it sublime mei te suggerearjen. As er yn 1824 Gysbert Japix ferliket mei guodden dêr't Tollens en Scott mei bedoeld wêze moatte, dan skriuwt er: ‘Bij hem brommen de beren niet op Novazembla, noch rammelen de zware ketens der ridderkastelen, noch zwemmen de serafs in éterluchten.’ Wat dat oangiet, wienen hy en Eeltsje it dus wol iens, mar dy socht it net yn it sublime, mar yn it naïve.
Net alle wurk fan Joast lit him yn it ramt fan it sublime begripe. Dêrneist past in protte binnen de satire. Mar it is in misferstân om te tinken dat Joast in folksskriuwer wie.
| |
Satire
Yn de Rimen en Teltsjes sit in sterk satirysk elemint. ‘Grote moeite,’ sa skriuwt Joast yn 1829 yn it neiwurd by de twadde útjefte fan De Lapekoer, ‘hebben wij ons gegeven tot ene waardige behandeling van het hekelschrift. De satire, die de ontdekking van het menschelijk hart, de opruiming van vooroordeelen en de verbetering der zeden ten oogmerk heeft, wordt hier te lande ongelukkig verward met bouffonnerie, die niets hogers bedoelt dan een ijdel lachen. [...] In de deftigste kerkrede en in het kluchtigste hekelschrift zijn doel en waarheid één; de omhulsels verschillen slechts.’ Hjir sprekke Rabener en Boileau, mei wa't ek Eeltsje fertroud wie. It foarbyld dat Joast yn it bysûnder foar eagen hie wie Arend Fokke Simonsz., dy't er as studint te Amsterdam sels heard hie: ‘Met een hoofd opgepropte vol geleerdheid laat hij burgerluidjes in hunne eigene taal met eene onnavolgbare waarheid spreken, en hij is de enigste die van de Hollandsche spreektaal een juist denkbeeld geeft. Onze deftige, maar niet zeer critische natie houdt Focke voor een boufon, maar zal daarover door een schranderder nageslacht worden uitgelachen,’ hjit ityn 1865. G.N. Visser hat yn It jild, de lêzing dy't Joast (wol yn it Nederlânsk) om 1818 hinne op it Boalserter Nut hold, ynfloeden fan Rabener en Fokke oanwiisd. Fokke wurdt amper mear achtslein, mar G. Kalff hat yn syn literatuerskiednis fan it Nederlânsk de Halbertsma's om har humor (dy't nau ferbân hâldt mei har satiryske ynslach) yn ien ferbân behannele mei Jacob Vosmaer en Jacob Geel, en har allegearre meiïnoar yn 'e tradysje fan Jean Paul en Lawrence Sterne set.
| |
| |
Hoewol't it satirysk elemint nei 1828 tanimt, hie it fan it begjin ôf oan al yn it wurk fan de bruorren sitten. Dat kin ek maklik omdat satire by literatuer heart dy't nau by de maatskippij oanslút en dat dogge in protte stikken yn de Rimen en Teltsjes. De satirikus behannelet problemen maatskiplik. Dy konfrontaasje fan ferheven doelstellingen en praktyske útwurking hat maklik in grotesk of burlesk effekt - wurden dy't de Halbertsma's gauris brûke om it karakter fan har wurk mei oan te tsjutten. In goed foarbyld is De ljuwe fan de pomp, dêr't grutte maatskiplike fraachstikken fan de tiid as de dranksucht en it lotsjen, troch in bûnt selskip yn ferhakstûke wurde.
Men kin by de Halbertsma's hiel dúdlik de beide grûnhâldingen foar de maatskippij oer ûnderskiede, dy't yn it algemien karakteristyk binne foar satirisi: ien dy't ûndeugden bestriidt en in oaren dy't laket om de dwaasheden fan de minsken. Joast hinget dúdlik nei it earste oer, Eeltsje nei it twadde, en Tsjalling sit der wat tuskenyn. De ûndeugden, dy't meast oan net-Friezen of oan ferbastere Friezen fan de eigen tiid taskreaun wurde, wurde ôfmetten oan in idealisearjende foarstelling fan it Fryske folk, mar de dwaasheden hearre by de gewoane, sljochtwei Friezen fan aldendei, yn it bysûnder by aparte typen. De earste soarte satire is skerp, de oare mear goedmoedich.
By Joast foaral en by Tsjalling leit it satiryske der frijwat boppe-op, mar Eeltsje woe it ferbergje. Doe't er yn de simmer fan 1829 begongen wie oan ‘de zamenstelling van Friesche zamenspraken, meest al van eene bijtende ja zomtijds kaustiken aard’ (De skearwinkel fan Joutebaas woe er dy neame), doe woe er Joast dêr noch net fuort by hawwe: ‘ik wil eerst natuur en dan kunst te baat nemen.’ Hy woe no ris in ‘boere comedie’ yn proaza meitsje en dêryn ‘de satire meer in de zaak zelfs als door eene geniestreich ontwikkelen.’ Hy hie ek net sa wiis west mei Joast syn sarkastysk kommentaar yn De Lape koer fan 1822, en frege him yn 1829 by de tarieding fan in nije útjefte om Gabe gjin bearefel oan te lûken. Oars as Eeltsje reagearre Tsjalling. Dy skreau Joast yn 1822 dat er him noch wol wat ideeën oan de hân dwaan kinnen hie.
In probleem fan satiryske literatuer is, dat foar lettere lêzers de taspilingen net mear fuort dúdlik binne. In goed foarbyld is De Brune en de Bles fan Tsjalling. Neffens in brief fan him oan Joast giet it ‘over de dwaze Bazen van een oud paard [dat fan dat hynder hie er faaks fan Eeltsje, dy't yn 1828 der al oer tocht om in biografy fan in âld hynder te skriuwen]. Deze loopt over een Wargaster boer die veel gezwaai heeft, Jurjen Blok, Nat. Mebius, Van Oppen [deselde dêr't ek it earste nûmer fan it satiryske blêd De Roeker oer giet], en meester Wolf. [...] De bankeroetiers moeten er verdomd van hebben.’ Wy fine De Brune en de Bles no wol in aardich stikje, mar de lêzers fan doe rûnen der fier mei, sa't wy út in oare brief fan Tsjalling oan Joast witte: ‘De Brune en de bles zijn een span gezogte paarden door het heele land heen. Smeding verhaalde mij gister dat verleden Vrijdag op de nutsvergadering toen Mebius in de zaal kwam er van de spreeuwen gezegd wierd, “daar komt bleske ook aan man, het beest ziet er goed uut!!”.
| |
Styl
Yn de styl fan de bruorren wurdt troch de jierren hinne altyd de natuerlikheid romme. Wat dat krekt ynhâldt, hat Worp van Peyma yn 1829 goed ûnder wurden brocht. It komt der neffens him mar op oan dat se yn in ferhaal de by-omstannichheden yn oerienstimming mei de haadomstannichheden jouwe. ‘De geest van den lezer wordt op die wijze telkens door gepaste nieuwigheden tot aandacht geboeid en vind gedurig stof om zijne verbeelding in eene aaneengeschakelde overeenstemming met het onderwerp te onderhouden.’
Dat natuerlike slacht oars meast op Eeltsje. Op Eeltsje hat ek betrekking it floeiende fan syn fersen. De anonime resinsint fan de Vaderlandsche Letteroefeningen prizet yn 1833 beide eigenskippen yn Ybel en Jelke, in frije neifolging (fan Tollens) dy't neffens him alhiel it wêzen fan oarspronklikheid hat: ‘Alles is hier Friesch, landelijk Friesch, het vers vloeijend, de maat juist gepast voor het onderwerp, en het locale zeer goed in acht genomen.’ Neffens Joast komt dat troch de feriening fan muzyk en taal by Eeltsje. Dêroan tankje wy ‘de harmonieuse afwisseling der vocalen en de opeenvolgende syllaben, den bevalligen en gemakkelijken gang der rede als die der gratien, en bovenal ook den harmonieusen cadans zijner versmaten, waardoor hij zich aan het gehoor des lezers aanbeveelt, terwijl hij hunne ziel als de naive dichter der natuur boeit of door zijn ongekunsteld gevoel wegsleept en roert.’
Eeltsje op syn bar fûn dat Tsjalling folle better as hy wie yn it meitsjen fan ‘wendingen’ yn
| |
| |
in ferhaal. Wat dy ‘wendingen’ oangiet, yn Eeltsje syn ferheljende fersen hat men der soms ek wol oan om de yntrige fuort te fetsjen. 't Is krekt of hat er dy mei sin wat ferburgen holden.
Joast hat him wol holden oan syn eigen devys, dat ‘iemand, die schrijft, zich altijd moet voorstellen, dat hij spreekt tot een ander. Daardoor alleen zal zijn stijl dien toedrang en levendigheid verkrijgen, die de aandacht van den lezer boeien.’ Dêryn ûnderskiedt er him lykwols net fan syn bruorren. It ferskil sit earder yn it stânpunt fan wêr't er út wei sprekt. Tsjalling en Eeltsje stelle har tusken har figueren op, Joast wiist se mear oan.
| |
De útjeften
Op de fotografyske werprintingen fan 1969 en 1978 nei binne de Rimen en Teltsjes alle kearen yn ôfleveringen ferskynd. Sa duorre it altyd langer as in jier, en soms mear as twa jier, ear't it boek kompleet wie. Meastal waard der dan mei yntekening wurke. Dit is dus de earste nije útjefte dy't yn ien kear op de merk komt.
| |
De útjefte fan 1871
De Rimen en Teltsjes, sa't dy út 1871 oerlevere binne, is yn it earste plak it wurk fan de útjouwer, J. de Lange te Dimter. Dy prate yn 1863 mei Joast ôf, dat er in sammelútjefte meitsje soe fan it wurk fan 'e bruorren dat los by him ferskynd wie. Folle haast makke hy der lykwols net mei, en dat sil wol te krijen hân hawwe mei it feit dat it measte fan dat los útjûne wurk noch yn foarrie wie. Ik tink dan ek net dat it inisjatyf fan De Lange útgongen is. Faaks hat dat wol by soan Hidde fan Eeltsje lein, want dy hie it der dy simmers mei Joast oer hân, en it soe my ek gjin nij dwaan as Eekhoff Hidde wer oan west hie, mooglik wol om sels it wurk út te jaan. Eekhoff hie troch de jierren hinne al besocht om útjouwer fan de Halbertsma's te wurden, mar Joast hie dat ôfholden. Nei't Eekhoff yn 1858 bûten him om De jonkerboer útj^un hie en yn de ynlieding dingen skreaun hie dy't him steurden, wie de ferhâlding fan Joast syn kant boppedat net wer sa wurden as foartiids. Mar Joast sels hat mooglik ek wol mei it plan fan in sammeljefte omrûn. Yn maart 1859, rillegau nei de dea fan Eeltsje dus, wie er al dwaande mei in stik oer dy syn oanlis en karakter, dêr't er ek wurk fan Eeltsje by útjaan woe.
Doe't De Lange ein 1867 einlings út 'e rie wie, liet Joast alles oan him oer, al hie er him wol oanret om de stikjes gronologysk efterinoar te printsjen (‘dan kan een critische lezer daaruit de ontwikkeling van 't talent volgen’) en soe er ek wol rie jaan wolle ‘over den vorm der letteren, de elegantie in de plaats der regelen, enz.’ Hy woe him der fierders net mei bemuoie, ‘waartoe mij trouwens ook de tijd ontbreekt, wanneer ik de weinige lust en uren, welke mij mijne duizend en een ongemakken mij overlaten, nog aan mijn Friesch-Latijnsch woordenboek wijden zal.’
Dochs hat Joast noch wol wat mear dien. Ut it Prospectus dat De Lange yn septimber 1868 de wrâld ynstjoerde, docht bliken dat it gean soe om in werútjefte fan de boeken en boekjes dy't by him foar de iepenbiere ferkeap útkommen wienen, mar dan fermeardere mei de proazastikjes fan Joast út De Lape koer fan 1822 en de twa-trije berjochten, ek fan Joast, oer de oarsprong fan guon stikken dy't allinnich oan freonen stjoerd wienen, en fierders mei It grouwe pak en it stik dat De harkers op it Boalserter Nut wurden is. ‘Of Z.E. verder deze editie hier en daar met eene aanstipping wegens personen en zaken zal verrijken, moet afhangen van zijne gezondheid en lust. Ook is 't niet onmogelijk, dat hij uit zijne portefeuilles iets opschommelt, wat hier te pas kan komen,’ hjit it fierder. Joast, dy't him dêrmei net oan syn eardere rie hold om gronologysk te wurk te gean, skode yn it part dat hysels noch fersoarge hat yndied noch wat nije stikken tusken de Lapekoer-stikken yn. De bear op reis en De fûgel fan Bearn Poep soenen wolris op har gronologysk plak tuskenfoege wêze kinne, mar oaren, dy't er ek tuskenskode, binne folle jonger as De Lapekoer. Dat binne dy oer syn ferstoarne soan Petrus (1817-1852) en De geboarteleppel. Ien fan de fersen op Petrus is it Blomke op it grêf, dat Eeltsje op fersyk fan Joast ein 1855, dus mear as trije jier nei it ferstjerren fan Petrus, makke hie. Dat fersyk is wis in teken dat er Petrus ferivigje woe, en men soe dêrom tinke kinne dat er mei it foartidich tuskenskowen it wisse foar it ûnwisse nommen hat foar it gefal dat de dea himsels oer it mad komme mocht.
Mar der is ek in oare mooglikheid. It soe wol wêze kinne dat alteast dit part fan de kopij al langer op folchoarder lein hat. Joast hie nammentlik fuort yn 1863, doe't De Lange ta in werútjefte besletten hie, der wurk fan makke om kopij by elkoar te krijen, sa't te lêzen is yn in brief oan Hidde Eeltsjes Halbertsma fan no
| |
| |
vimber dat jiers. Miskien hat er mei it each op in nije útjefte doe yn 1863 ek wol nije stikken makke. Ien dêrfan soe De geboarteleppel wêze kinne, want dêr stiet yn dat er in âlde Fryske geboarteleppel sjoen hat dy't op leppels út Ingelân liket, en dat kin net foar ein 1862 west hawwe. Yn in brief fan desimber 1862 oan W. Eekhoff skriuwt er nammentlik dat er krektlyn sa'n leppel (fuort by Grou) ûntdutsen hie. In oar nij stik út 1863 soe It grouwe pak wêze kinne, want dat hat staveringseigenaardichheden dy't tusken 1858 en 1868 te datearjen binne. Ien dêrfan is it lidwurd ‘di’ ynstee fan ús ‘de’, dat Joast yn 1858 yn syn oersetting fan it evangely fan Mattheus foar it earst brûkte, mar dat er sa te sjen al wer ôfskaft hie doe't er yn 1868 de printkladden neiseach, want yn de Rimen en Teltsjes komt it fierders eins allinnich noch ferdwaald foar yn stikken dy't er by it tarieden fan in nije útjefte tafoege hawwe moat.
Bûten de beide earste ôfleveringen dy't Joast sels noch fersoarge hat, is neist it yn it Prospectus al neamde Grouwe pak net folle nijs mear opnommen. Yn de tredde, dêr't fan bekend is dat G. Colmjon dy al neisjoen hat, wiist neat derop dat Joast dêr de hân noch yn hân hat, al moat ik sûnder neier ûndersyk in foarbehâld meitsje foar wat de taal oangiet, sa't noch blike sil. Dy ôflevering jout gewoan wat yn De Lapekoer fan 1834 folget op it plak dêr't de twadde ôflevering oan ta kommen wie. Dat jildt trouwens foar alles wat fierder oan Ybel en Jelke ta folget. Dat bestiet yn gronologyske folchoarder út wat yn losse bondels ferskynd wie, mei útsûndering allinnich fan Dokter Eeltsjes letterke en Skipper Hylke, mei It grouwe pak de iennichsten nei de twadde ôflevering dy't net earder publisearre wienen. Dy soenen dus noch út de portefúlje ‘opskommele’ wêze kinne. It earste stik hat Joast grif yn of om 1863 hinne makke, foar 't neist mei 't each op útjefte yn de Rimen en Teltsjes, it oare kin 'k oars net fan sizze as dat dêr ûnder Colmjon syn stikken yn ferbân mei de Rimen en Teltsjes in ôfskrift yn in my ûnbekende hân fan bewarre is, dat mooglik as kopij tsjinne hat.
Colmjon hat lykwols dochs ek sels noch stikken tafoege. Neffens de brief oan Hidde Eeltsjes nammentlik siet De jonkerboer izerfêst yn 'e hannen fan Eekhoff, en dat stik stiet dochs yn 'e Rimen en Teltsjes, wylst it noch net yn it Prospectus neamd wie, likemin as De foarname útfanhûzers, dat ek opnommen is en dat earder ek by Eekhoff útjûn wie. Fan Eekhoff sels is trouwens ek in koarte ynlieding oer libben en wurk fan de bruorren opnommen dy't net yn it Prospectus neamd wurdt. Der moat yn twadde ynstânsje besletten wêze om fan de Rimen en Teltsjes gjin werútjefte te meitsjen fan it wurk dat by De Lange ferskynd wie, mar in rommere sammelbondel. Eekhoff hat it yn in noat by De jonkerboer der sels oer, dat dat stik no ‘op veler verlangen’ ûnder de ‘verzamelde geschriften’ fan de bruorren opnommen wurdt.
It tafoegjen begjint by Ybel en Jelke, dat is nei De blide berntsjes, it lêste stik út Leed en Wille. Der kinne twa of trije fazen yn ûnderskieden wurde. Wat dêrwei folget oant Minne Jorrits reis ta is net allinnich earder útjûn troch Eekhoff, mar ek gronologysk oardere, fan 1833 oant 1858. Dan komme noch in útjefte fan Van Druten en Bleeker út 1851 (Minne Jorrits reis) en - mooglik as opfolling fan in ôflevering - stikjes út it Friesch Jierboeckjen út de jierren tritich dy't noch net earder op 'en nij útjûn wienen. Hielendal oan de ein stiet dan noch Batthyany's dea út 1851, dat Joast der yn ha woe, mar dat Colmjon (of Eekhoff?) fansels ek net misse wollen hat as er net fan Joast syn winsk op 'e hichte west hawwe soe.
Oars as Eekhoff skriuwt, liket it der net op dat de Rimen en Teltsjes it sammele wurk fan de bruorren binne. It hat wol kâns dat der in ôfweaging west hat tusken oanfolling mei wurk fan Eeltsje en fan Tsjalling. De soannen fan Joast skriuwe nammentlik yn har wurd foarôf, dat de Rimen en Teltsjes de útjeften fan De Lange jouwe, ‘vermeerderd met eenige grootere en kleinere stukken van laatstgenoemde [dat is Eeltsje] en onzen oom Tjalling, welke bij andere uitgevers zijn uitgekomen.’ Hoe moat dy útspraak ommers oars rime wurde mei it feit dat de tafoegingen - op Myn reis mei parsop nei - út neat oars besteane as út wurk fan Eeltsje? De jonkerboer, De foarname útfanhûzers, Minne Jorrits reis en noch wat lytsere stikjes gongen blykber foar boppe De wiersizzerij fan Maaike Jakkeles. Miskien hat lykwols de útjouwer op 't lêst ek wol sein dat der net mear by koe, want hy joech mei wat der no yn de Rimen en Teltsjes stiet, dochs al in healen mear as de taseine trettjin ôfleveringen (fan elk 32 siden). Dêr soe op wize kinne dat yn it Selskipsargyf ôfskriften yn de hân fan Colmjon sitte fan Foeke Skutter, Grouster merke 1839, Grouster merke 1840, De Grouster weachmasters oan de merkegasten 1841 en fan de Grouster rattelwachts nijjierswinsk (foar 1843), allegearre stikken dy't
| |
| |
net yn de Rimen en Teltsjes kommen binne.
In oare mooglikheid is dat úteinlik bûten alle ôfweagjen om besletten is allinnich wurk fan Joast en Eeltsje út te jaan. Der stiet dan wol in stik fan Tsjalling yn (Myn reis mei parsop), mar dat dat fan him wie, wist Colmjon net, want dy joech alle trije bruorren mei elkoar as auteurs op. Wy tinke no wol dat mei it ‘bruorren’ fan Rimen ind Teltsjes fen de broárren Halbertsma Joast, Eeltsje en Tsjalling bedoeld binne, mar dat is net sa. Tsjalling heart der earst sûnt de útjefte fan 1918 by. Earder wisten de lêzers ek wol oars, sa't bygelyks blike kin út it: ‘O nommel bruorrepear!’ út it fers fan Obe Postma op de Rimen en Teltsjes, dat fan 1902 is. Hoewol't Eekhoff yn syn ynlieding Tsjalling wol even neamt, is dúdlik dat dy mei de Halbertsma's fan de Rimen en Teltsjes ek Joast en Eeltsje bedoelt. Joast sels, dy't de titel fêststeld hawwe moat, omdat dy al yn it Prospectus neamd wurdt, kin ek net oan ien oars as him en Eeltsje tocht hawwe. It hie ek al salang allinnich Joast en Eeltsje west!
Oer de eigentlike tekstbesoarging fan de earste útjefte binne wy ynljochte troch wat Colmjon dêr yn it tydskrift Forjit my net! fan 1875 fan seit: ‘Hia gîngen oan 't oerprintjen nei de âlde ûtjeften sa ûngelîk boekstavere as dy wieren, sûnder dat er foarût eat în foroare wier. Den krige Halbertsma de proeven, en dêr makke er sîn foroaringen în. Nou is 't foarearst hast al ûndwaenlik om în in drûkproef sa folle to foroarjen as nedich wêst habbe scoe om alles hwet de spelling oangiet krekt en allîk to kryen; mar bûtendat wier Halbertsma în sîn leste libbensdagen - mar in lîts deel wier der ôfprinte, do er kaem to forstjerren - en it stiet er dos wol fen to thinken, dat sîn geast net mear sa helder wier as it wol moatten hie, om dat wirk nei eask to forriuchtjen. Ek hie Halbertsma oangeande sîn nye spelrigels neat op 't pompier brocht, sa 't wol liket, as allinne it jinge me fînth op it omslach fen de earste jefte, hwertroch it den ek for sîn opfolger riu slim wier om to witten, ho't er egentlik boekstaverje woe, sadat - hab ik as correktor fen 't forfolch dêr ek al hwet mear ienheid în brocht - ik koe dat dochs, sa în ienen der în fallende, en hwer yet by kaem dat, lîk as ik al sei, alle foroaringen în 'e drukproef makke wirde moasten, net sa goed dwaen as ik wol wollen hie.’
It is net sa maklik om út te meitsjen oft Colmjon ek nei eigen ynsjoch feroare hat yn de stavering fan de teksten sa't er dy krigen hawwe moat. Hy feroare wol, mar dat hat Joast yn syn part ek dien, en in diel fan 'e feroaringen hat er ek makke om ûngelikense staveringen fan itselde wurd lyk te striken. Sa op it each sit der lykwols net folle ferskil tusken de soarte feroaringen fan beide. Colmjon sil him wol holden hawwe oan de regels dy't Joast spesjaal foar de Rimen en Teltsjes opsteld hie en dy't yn it Bericht wegens de spelling op it omslach fan de earste ôflevering fêstlein wienen. Sa'n omslach, dêr't de biblioteek fan 'e UvA in eksimplaar fan hân hat en dêr't al earder om 'e nocht om socht is, ha ik spitigernôch net opspoare kinnen. Yn it wurd dat Watse en Tsjalling Halbertsma oan de Rimen en Teltsjes fan 1871 foarôfgean litte, wurdt trouwens mei safolle wurden ek sein, dat Colmjon de regels fan Joast folge. Behalve de stavering hat Joast faaks ek de taal feroare. Ferlike by de teksten yn de eardere Lapekoer-útjeften is bygelyks de ferlytsingsútgong -tsje feroare yn -ke. In selde argaisearringstendins is ek waar te nimmen yn de staveringsferoaring fan ‘uet’ yn ‘uwt’.
Colmjon hat de teksten frij trou en sekuer útjûn. Der sit hiel inkeld fansels wolris in printflater yn syn wurk, en der is him ek wolris in wurdmannich ûntkommen dat by 't oerprintsjen oerslein wie. Unbedoeld jouwe ek de steanbleaune ‘di’ 's foar ‘de’ in yndruk fan syn krektens, want ferliking mei de printerskopij fan It grouwe pak (in autograaf fan Joast) wiist út, dat er dy derút helje wollen hat, sa't Joast dat sels miskien ek al dien hie yn de kopij dy't dy noch neisjoen hie.
Bûten de stavering binne de ferskillen mei de kopij fan It grouwe pak mar lyts. Der is troch J.P. Wiersma al op wiisd, dat Colmjon de titel feroare hat (dy wie It moale pak). Dat moat wol mei sin dien wêze, mar oars binne de measten fan de dochs al net sa machtige (en ek ûnbetsjuttende) ferskillen earder op te fetsjen as fersinnen. Ik kin dan op grûn fan myn ûnderfiningen ek net sizze dat Colmjon sa eigenmachtich te wurk gongen is as dat út Wiersma syn beoardieling liket te folgjen, al moat ik derby sizze dat ik mar in bytsje neigongen ha. In part fan de feroaringen dy't Wiersma op rekken fan Colmjon set, moat boppedat by Joast weikommen wêze. Oft Colmjon ferantwurdlik is foar it weilitten fan: ‘it is goed der de Domenys fen flocke in der de soldaten fen bidde’, dat oan de ein fan de oarspronklike útjefte fan De Grouster weachmasters fan drank sein wurdt,
| |
| |
wit ik net, mar ik tink hast fan net, want op in oar plak yn de Rimen en Teltsjes is de útdrukking nammentlik wol stean bleaun. Yn dit gefal stiet dêr lykwols: ‘ha hjoed wille safolle as jimme opkinne, mar lis it sa oan, dat jimme moarn gjin berou hawwe.’ It ‘fen hoerkjen en moardsjen’ út 'e brief fan Eeltsje yn Dokter Eeltsjes letterke, dat ik ek noch oantekene, kin mei wissichheid fan sein wurde dat Joast it feroare hat (yn ‘fan meiden en moardzjen’). Dat witte wy no tafallich, omdat ek fan dy tekst, lykas fan It grouwe pak, fanwegen it hânskriftlik karakter de printerskopij bewarre bleaun is, mar wa sil sizze oft Joast ek yn de oare, earder printe, mar net mear bewarre kopij al net ferbettere hie. Dat soe noch wolris neigongen wurde kinne, bygelyks oan de hollannismen yn it wurk fan Eeltsje. It muoide Joast yn 1861 nammentlik dat er dy earder stean litten hie.
Colmjon, de besoarger, wie oanwiisd troch Joast sels (grif fia de útjouwer, dy't him ek betelle: fjouwer gûne de sechstjin siden), mar hoe't Eekhoff, dy't it libbensberjocht skreaun hat, yn it wurk behelle is, wit ik net. Fanwegen it feit dat hysels yn stee fan Colmjon in noat oan De jonkerboer tafoege, soe men tinke kinne dat er himsels oanbean hat. As de soannen fan Joast him frege hienen, soe men trouwens ferwachte hawwe dat se him yn har foaropwurd neamd hienen. It oereidzjen fan libben en publikaasjes wie him oars wol tabetroud, want hy hie Joast en Eeltsje beide lange jierren goed kinnen en oer beide ek in libbensberjocht publisearre. De bân mei it Fryske folk kriget by him apart omtinken: de iene wenne as dokter te Grou midden yn dat folk, de oare sette as gelearde der alles by op. Oan styl en ynhâld te sjen hat er in healjier nei it ferskinen ek noch anonym in tige oanpriizjende resinsje fan it boek yn de Leeuwarder Courant publisearre. Hy wie fansels ek boekhanneler.
| |
Werútjeften
Hjirûnder besprek ik de werútjeften stik foar stik. Om de oersichtlikens doch ik lykwols taal en stavering, en kar en oardering fan eardere werútjeften net hieltyd apart, mar jou ik dêr yn ien kear in oersjoch fan.
| |
Taal en stavering
Sûnt 1881, doe't Colmjon de twadde printinge besoarge, hawwe de besoargers amper of net mear nei de útjefte fan 1871 omsjoen. Dat is te sjen oan it oernimmen fan flaters, lykas it weifallen fan wurden, sinnen of in hiel inkelde kear ek in langer stik, en oan it ûngemurken ferfoarmjen, lykas ‘oafwaerzichheit,’ dat fia ‘ôfwerzichheid’ yn 1895 yn 1918 ‘ôfwêzichheid’ wurden is en sûnt bleaun. Wurd foar wurd ferlykje mei de teksten dy't as kopij tsjinne hawwe moatte foar de útjefte fan 1871, hat nimmen neitiid mear dien. Wol kin fêststeld wurde dat Colmjon dat dien hat yn dy gefallen dat de tekst fan 1871 ûnbegryplik wie. Net alles, mar dan dochs in protte hat lykwols Wiersma yn 1944 mei de boarnen ferlike, sa't te sjen is oan syn ferbetteringen fan weilittingen.
Mar Wiersma hat dêrneist folle mear as syn foargongers nei eigen ynsjoch feroare. Der hienen ek earder al lju west dy't de taal hjir en dêr ‘beskave’ woenen, sa't blykt út de ferantwurding fan Sytstra yn 1918. Dy hie dêr doe neffens syn sizzen lykwols wjerstân oan bean. Mar Wiersma stie útdruklik op it stânpunt dat de tekst oanpast hearde te wurden oan de eigentiidske gebrûkstaal. Om in yndruk te jaan fan elk syn oanpart yn dat feroarjen ha ik in stikmannich losse gefallen en noch trije stikjes tekst, ferspraat oer it hiele boek, neisjoen op feroaringen yn taal ferlike by de útjefte fan 1871. It docht dan bliken dat Colmjon op dat stik fan saken yn 1881 neat feroare hat. De Vries feroare ‘as soe’ yn ‘al soe’, ‘het’ yn ‘hat’ en ‘sonder’ yn ‘sûnder’; Sytstra ‘skoan (foldien)’ yn ‘goed’, ‘jieren’ yn ‘jaren’, ‘onderste’ yn ‘ûnderste’ en ‘er’ yn ‘der’; Wiersma (1944) ‘(dealske) tosken’ om it rymwurd ‘pleagen’ yn ‘eagen’ (mar dat stiet ek yn de oarspronklike útjefte út 1829; ‘tosken’ stiet yn de werútjefte fan 1837, dy't dus as printerskopij foar de Rimen en Teltsjes fan 1871 brûkt wêze moat), ‘frette’ yn ‘ite’, ‘molkenkeamer’ yn ‘boarsten’, ‘(dat) 'er de flarden (nei stauwen)’ yn ‘de hierren der’, ‘(sa earm as in) sweal’ yn ‘mier’ en Wiersma (1958) ‘siktaris’ yn ‘sekretaris’, ‘-tarringe’ en ‘einlinge’ yn ‘-tarring’ en ‘einling’, ‘koenen’ yn ‘koene’,
‘hynzers’ yn ‘hynders’, ‘doaiter’ yn ‘dochter’, ‘rinten’ yn ‘rinte’, ‘lilts’ yn ‘lilk’, ‘meltsjen’ yn ‘melken’, ‘tinzende’ yn ‘tinkende’, ‘stauwen’ yn ‘stood’ en ‘habbe’ yn ‘hawwe’. Net Colmjon, sa't Wiersma seit, hat it snoeimes hantearre, mar Wiersma sels, en it pinset dat hy himsels taparte, past better by Colmjon.
As men wit dat neist dizze feroaringen yn wurdfoarm, wurdgebrûk en útspraak, sûnt De
| |
| |
Vries (1895) ek noch de stavering hieltyd oanpast is, dan kin men de tekstbehanneling gearfetsje as tanimmende normalisaasje, en sûnt Wiersma (1944) boppedat as aktualisearring. It resultaat hat west, dat de Rimen en Teltsjes in oergroeide boel wurden binne.
| |
Kar en oardering fan teksten
Oan de ynhâld is oant 1918 ta neat feroare. Fan doe ôf oan is der hieltyd wer ekspearimentearre mei de folchoarder fan de stikken út de oarspronklike Rimen en Teltsjes, en binne ek teksten tafoege en letter soms ek wer weilitten. Dat lêste die Wiersma mei It evangely fan Mattheus, De stûke en It libben fan J.C.P. Salverda, dy't er yn 1944 opnaam, mar yn 1958 wer ferfalle liet. In belangrike útwreiding wie De wiersizzerij fan Maaike Jakkeles, dat sûnt 1918 yn de Rimen en Teltsjes stiet, en dêr't einlings Tsjalling mei sichtber waard.
Al dy feroaringen hawwe fan de gearstalling fan de âlde Rimen en Teltsjes nei folle oer litten. Boppedat is de oanfolling sûnder doel bard. It hat der it measte fan dat mar tafoege is, wat oait ris publisearre wie. Undersyk nei de skriftlike neilittenskip liket nea dien te wêzen. Wit men dan ek noch dat der ek teksten yn kommen binne, dy't net fan de Halbertsma's binne, dan kin it boek, sa't it ûnder de hannen fan Wiersma úteinlik wurden is, ek om de opbou en de ynhâld in oergroeide boel hjitte.
| |
1881
Op it titelblêd fan de twadde útjefte stiet hiel neidruklik ‘op 'e ny neisjoen, ind forbettere, throch G. Colmjon,’ krekt as mankearde der hiel wat oan syn earste útjefte. Dat is net it gefal. Hy hat in pear taljochtsjende noaten oan de tekst tafoege (op it titelblêd fan de tredde útjefte stiet: ‘(mei de kântteikeningen fen G. Colmjon út de oarde)’, as soe it om witwat gean), mar wat er foaral dien hat is in beskate ienheid bringe yn de oantsjutting fan de lûden en bylûden. Dêrby is er lykwols hiel ticht bleaun by de stavering fan de earste printing. Dat kin jin faaks nij dwaan, omdat Colmjon krekt de man wie op wa syn oanstean en gesach oft in nije stavering foar it Frysk ynfierd wie. Dat wie bard yn it foarjier fan 1879, noch ear't er ein maaie it fersyk fan De Lange oannommen hie om in twadde printing te fersoargjen. Miskien hat it te krijen mei opfettingen fan Tsjalling Halbertsma, de soan fan Joast dy't it kontakt mei Colmjon ûnderhold. In belangryk ferskil mei de Selskipsstavering sit him nammentlik hjiryn, dat de brekking yn de Rimen en Teltsjes út 1881 al, en yn de Selskipsstavering net oanjûn wurdt, en Tsjalling hie him yn 1877 witte litten dat er tsjin de plannen fan it Selskip op it stik fan de brekking wie. Ut in brief fan maart 1879, dy't Ph. van Blom oan Colmjon stjoerde, is ôf te lieden dat de brekking oan it lêst ta in hyt hangizer yn de kommisje foar de nije stavering west hat. Van Blom skreau, dat er yndertiid miskien wol sterker foar it ûnderskieden fan de brekking ivere hawwe soe as er it stik fan Joast yn De Taalgids fan 1867 oer de útspraak lêzen hie.
Colmjon hat sekuer ferantwurde wat de feroaringen binne, dy't er yn 1881 trochfierde. ‘Bij deze 2de uitgave is [...] het geheele boek voordat het ter perse ging door mij nagezien en de spelling zoo gewijzigd als ik, na eene opzettelijke bestudeering van die in de oorspronkelijke uitgaven en vooral in Halbertsma's vertaling van het Evangelie van Mattheus gevolgd, meende dat hij die wenschte. - Moge mijn werk ook nu nog niet zonder gebreken zijn, zij die het Friesch kennen zullen bemerken, dat het mijn streven is geweest, ieder geluid der taal steeds met dezelfde letterteekens aan te geven.’ De feroaringen hâlde neffens eigen sizzen yn: in stomme r wurdt ynfoege as der in a foar stiet dy't as a fan bak útsprutsen wurdt; it rutsen i-lûd wurdt as ii stavere; uet, ues ensafh. wurde mei uw skreaun; ae en ea wurde konsekwint ûnderskieden; yn wurden as widze, lizze en wize wurdt gjin s mear skreaun; de âlde th wurdt net mear as tsj skreaun en de brekking fan de oe wurdt oanjûn mei uó.
‘Verder,’ sa hjit it, ‘heb ik mijne bemoeiing niet uitgestrekt: de verscheidenheid der uitspraak heb ik getrouw bewaard; zoover ik mij bewust ben, heb ik die volkomen onaangeroerd gelaten.’ It liket derop dat er op dit stik fan saken fan gedachten feroare is (of op oare gedachten brocht is), want yn it al oanhelle Forjit my net! fan 1875 hie er oer de Rimen en Teltsjes skreaun: ‘Wy mette der dochs in forskaet fen klankfoarstellingen en lûdoansiuttingen, dat me der suver in fortîse scoe, as me der ûtlidzing fen dwaen woe; in sîkjen, sa 't liket, om de tael în al hir dyalektiske forskiedenheid, ja, de tael fen elts individu, ho bidoarn as er de wirden ek ûtbrocht, mei de measte krektens în 't skrift nei to mâlkjen.’ En yn in noat heakket er dêr feroardieljend oan ta: ‘Foarbîlden dêrfen fînde wy în: dissimber, Rîmen ind Teltsjes, 33b, Sint-Neklaes 33b,
| |
| |
fejoele 34a, koerakter 36b. Is dat tael, ef is dat it dyalekt fen it iene eft oare dorp sels? Né, dat is de bidoarne ûtspraek fen 't iene eft oare ûnwittend minske, dat de wirden net forstiet, wîlst hir ef sîn bûrwîf se mûlk wer hiel oars ûtsprekt, yet de helte moayer ef mâlder.’ It sil gjin tafal wêze dat al dy foarbylden út de earste 64 bledsiden komme, dy't hy de earste kears noch net neisjoen hie. Mar wa't no tinke mocht dat er sokke wurden as dy't er oanhellet, ek wier feroare, hat it mis, want yn 1881 is it likegoed noch: dissimber, Sint-Neklaes en koerakter, en allinnich fejoele is feroare (yn fyoele). Dit stikje typearret meiïens treflik it bysûndere fan de taalopfetting fan Joast Halbertsma, dêr't wy him no tankber foar binne, omdat er dêrtroch de libbene taal fan de njoggentjinde ieu bewarre hat. It skynt oars dat Colmjon it hjir foaral op tekoartkommingen fan de âlderdom skoot, want justjes fierder merkt er op, dat er heech rint ‘mei it ûtstekkend taelgenie fen Joast Halbertsma, ho wîld en ho biusterbaerlik him dat în 't lest ek tierge het.’
‘Eéne nieuwigheid,’ sa skriuwt er op in oar plak, ‘heb ik mij veroorloofd; of neen, eene nieuwigheid is 't niet, want enkele voorbeelden van 'tgeen ik bedoel, hoewel zeer zeldzaam, vindt men in de eerste geschriften der Halbertsma's. Ik heb nl. den klank in woorden als roâk, hoâf, kroâde (lees, doch met gerekte o: rok, hof, krodde) onderscheiden van dien als in ik roak, ik hoaf (lees bijna ik rook, ik hoof), kroade (lees kroode), door den eerste als oâ te schrijven. Ik heb gemeend dat die onderscheiding in dit boek, dat toch zoo veelvuldig in handen komt van dezulken, die het Friesch niet spreken, volstrekt noodig is.’
| |
1887
Dit is gjin nije útjefte, mar in werprintinge fan it setsel fan 1881, of mooglik - dat soe nochris sekuer besjoen wurde moatte - ek wol it restant fan de oplage fan 1881. Allinnich de beide earste katernen, dy't it foarwurk útmeitsje, binne nij set.
| |
1891
Fan de útjefte dy't G.M. Merckelbach te Boalsert him foarnommen hie om út te jaan, binne oars net as in proeffel mei ynhâldsopjefte fan it hiele boek en acht bledsiden tekst ferskynd. Oan dy tekst te sjen hie it in werprinting fan 1887 (of 1881) wurde sillen. Hy hie fuort nei it útkommen in brief fan J. van Loon krigen, dat it wurk der troch de brutsen letters min útseach, dat er in bettere korrektor nimme moast, dat it boek yn de nije stavering moast wannear't er mei syn guodkeape werprintinge noch wat fertsjinje wolle soe, en dat hy der alles wat fierders noch gaadlik wie, oan tafoegje moast: de Wiersizzerij, it Spjeldeboek, de weachbriefkes, guon fersen ûnder heilingen (de Hûn, Mallejan) en sa mear, en faaks ek it ien en oar út de Quickborn en út de Teltsjes fan Esonstêd. Op fersyk fan Merckelbach hie Van Loon neitiid in korrektor frege om him mei de ûtjouwer yn ferbining te stellen, mar letter hie er der neat mear fan heard, sa skriuwt er oan Buitenrust Hettema.
| |
1892
Oan de krekt ek al neamde brief fan Van Loon te sjen, hat F. Buitenrust Hettema yn it begjin fan 1892 it plan hân om in nije, en dan diplomatyske útjefte gear te stallen, mei oanfollingen en gebrûk fan brieven, mar Van Loon rette him sa'n utjefte ôf: ‘Werden de R. ind T. in de oorspronkelijke spelling uitgegeven - 3 edities van de Lapkr., Leed en Wille, de Jonkerboer enz. - gij kreegt een staalkaart van spellingen.’
| |
1895
Dizze útjefte fan de Dimter Boek- en Stiendrukkerij (‘vroeger firma J. de Lange’) is besoarge troch W.P. de Vries, deselde fan wa't ûnder it ferskinen fan de ôfleveringen in boekje mei wurd- en saakferklearring by de útjouwer útkaam. Hy hat de tekst omset yn de Selskipsstavering fan 1879.
It boek hat krekt deselde opmaak as de útjeften fan 1881 en 1887, wat makket dat de rigels ûnrêstich binne, want troch de omstavering is it tal letters op in rigel net gelyk bleaun, wylst wol deselde wurden op in rigel stean bleaun binne.
| |
1918
Dizze útjefte is by't de foarige yn gâns opsichten feroare. Utjouwer wie R. van der Velde te Ljouwert, dy't yn 1904 de rjochten en de foarrie fan de opfolgers fan De Lange oerkocht hie. Doe't er yn 1916 troch dy foarrie hinne wie, frege er syn freon Ids Wiersma om tekeningen foar in nije útjefte te meitsjen. Wiersma wurke dêr fan 1916 oant 1919 by tuskentiden oan, en waard betelle troch de famylje Halbertsma. Syn stribjen wie om ‘het tot vergetelheid gedoemde, karakteristieke Friese’ yn byld te bringen.
| |
| |
Ut syn brieven oan Hylke Halbertsma en Van der Velde, dy't op it FLMD bewarre wurde, is goed nei te gean wêr't de tekeningen makke binne. Wiersma hat stêd en lân ôfreizge om mar âlde plakjes en dingen fêst te lizzen. De plaatsjes binne net altyd like goed slagge, en se meitsje fan de wrâld fan de Halbertsma's ek wol wat in museum (dy't it alhiel net wie), mar oan de oare kant helpe se ek om jin in byld fan de tiid te foarmjen. Der waard moai fyn papier brûkt, dêr't se goed op útkomme. Hepkema op 't Fean printe it boek.
Troch tadwaan fan Hylke Halbertsma waard ds. G.A. Wumkes frege foar de ynlieding. Dy koe dêrta gebrûk meitsje fan de famyljebrieven fan de bruorren. It is in erudyt en libben stik wurden, dat ticht oanslutend by de boarnen in skerp byld jout fan it libben fan Joast, Eeltsje en Tsjalling en ek wol fan aard en belang fan har wurk, al bliuwt de behanneling dêrfan wat ympressionistysk en oerhearskjend frysknasjonaal. Hy skreau dy ynlieding yn it Frysk. Eekhoff sines (yn it Nederlânsk) kaam te ferfallen. O.H. Sytstra fersoarge de tekstútjefte, en joech yn 't koart yn in (Frysk) foarwurd rekkenskip fan de tekstbesoarging. It wurd foarôf fan de beide soannen fan Joast, dat yn it Nederlânsk steld wie, waard weilitten, lykas ek de Nederlânsktalige ferhanneling fan Joast oer de stavering, en it gedicht fan Bilderdijk op Joast. Sa wie it hiele boek Frysk wurden.
Ek de gearstalling fan it boek feroare. In pear fan de lêste stikjes út de Rimen en Teltsjes waarden mei in pear nije, meast fan Tsjalling, yn in Taheakke ûnderbrocht. By dy nije wie ek De wiersizzerij fan Maaike Jakkeles. De yntroduksje fan Tsjalling yn de Rimen en Teltsjes moat it wurk fan Wumkes west hawwe. Wumkes jout him yn de ynlieding in folweardich plak, en neffens it foaropwurd fan Sytstra, de tekstbesoarger, hat dy him by it oanfoljen mei nije teksten liede litten troch it wurk dat yn dy ynlieding neamd wurdt. Wumkes hat op syn bar syn oanfollingen fine kinnen yn de papieren fan de famylje Halbertsma, yn it bysûnder ek yn de brieven. Tsjalling komt dêr yn de jierren om 1830 hinne prominint út nei foaren as Frysk skriuwer. De famylje hat grif wiis west mei it feit dat Tsjalling no ien fan de trije skriuwende bruorren wurden wie. As nammentlik yn 1943 sprake is fan it ynkoartsjen fan it boek fanwegen de tiidsomstannichheden, dan dielt de skriuwer fan de Halbertsma-stichting oan de útjouwer mei: ‘Dat mag zeker niet gebeuren in het werk van de 3e broer Tjalling, van wie nagenoeg alle tegenwoordige Halbertsma's afstammen.’
It lit him wol riede dat de nije útjefte fuort by de earste ôflevering al goed ûntfongen is. Miskien dat Kalma mei dêrom ek wol sa fûl reagearre hat. Yn dy ôflevering stie nammentlik fuort de ynlieding fan Wumkes al, en fansels ek wurk fan Ids Wiersma. Dy ôflevering ferskynde yn april 1918. It boek wie kompleet yn oktober 1919.
| |
1944
Nei't ein 1943 de sekretaris-generaal fan it Departemint Folksfoarljochting en Keunsten tastimming jûn hie ta in nije útjefte, ferskynde it wurk tusken de simmer fan 1944 en septimber 1945 wer yn ôfleveringen by Van der Velde, dy't it no printsje liet by Miedema & Co. te Ljouwert. J.P. Wiersma waard de nije besoarger.
Sa't yn de ynlieding op de werútjeften al útkommen is, hat Wiersma in eksimplaar fan de edysje 1918 nommen en dêryn ferbettere neffens de oarspronklike teksten, dat net altyd deselden wienen as dy't foar de Rimen en Teltsjes fan 1871 brûkt wêze moatte. Hy skreau ek in nije ynlieding. Dêryn wurket er wakker op it gefoel fan de lêzer. Folle nijs stiet der net yn, en alles is ek net wier. It is in idyllyske reportaazje fan fjouwer fierhinne troch himsels optochte en ynfolle mominten út it libben fan de Halbertsma's, dêr't er de bekende feiten sa'n bytsje yn ûnderbringt. It stik is op te fetsjen as in besykjen om Wumkes te ferbetterjen, mar yn dy syn stik sit mear pit.
| |
1958
Wiersma, dy't ek dizze útjefte wer besoarge, hat de âlde ynlieding út 1944 litten foar wat dy wie, en in nijen skreaun dy't folle saakliker en ynformativer is. It is dúdlik dat er dêrby gebrûk makke hat fan de ûnderwilens ferskynde dissertaasje fan Gerryt Dijkstra oer Eeltsje Halbertsma en fan dieltsjes yn de publikaasje-rige fan de Halbertsma-stichting. De feiten bliuwe lykwols tefolle op harsels stean. Sa ûntstiet der gjin meinimmend byld fan it belang en it nivo fan wurk en stribjen fan de Halbertsma's, en ek net fan har persoanlikheden. It bliuwt allegearre wat oerflakkich.
Op syn tekstbesoarging hat er frijwat krityk hân. Hy hat him tsjin dy krityk ferdigene mei út te hâlden dat er sa goed as net oan de taal kommen wie, mar hy fergeat derby te sizzen
| |
| |
dat er it wurdgebrûk yn 1944 al beskaafd en ferienfâldige hie! Dêrneffens binne de yngrepen yn 1958 ûnskuldiger, mar it kwea wie al bard, en boppedat: sa ûnskuldich wienen de feroaringen fan 1958 no ek wer net. Alles wat yn de útspraak ek mar in bytsje út de tiid wie waard opromme. Dêr moat lykwols foar in billike ferliking fansels wol by betocht wurde dat útspraak ek hieltyd fierder fan dy fan de Halbertsma's ôf kommen wie te stean. Wiersma hat hiel dúdlik tocht dat it boek mei wat oanpassingen te modernisearjen wêze soe, en him net genôch rekkenskip jûn fan it troch en troch histoaryske karakter.
As wat nijs foege Wiersma in alfabetysk register op titels ta. Dat hat grif wearde foar bekende titels, mar dat sille foar de measte lêzers wol net safolle wêze, en de oaren litte har faak net sa maklik yn dat register fine, omdat it oardere is op earste wurd, sadat hiel wat ûnder de ‘d’ fan ‘de’ en de ‘i’ fan ‘in’ en ‘it’ steane. It kin yn alle gefallen net it weifallen fan de titels boppe de bledsiden fergoedzje. Dy hienen der oant dan ta altyd yn stien.
Fan de printen fan Ids Wiersma liet er stilswijend fjirtjin wei, mooglik omdat it net de moaisten wienen. Der waard tsjûk papier brûkt, wat makke dat it boek net noflik yn 'e hân leit. Utjouwers wienen A.J. Osinga te Boalsert en Van der Velde.
| |
1969
Dizze faksimilee-útjefte fan 1958, wer útbrocht troch Osinga en Van der Velde, ferskynde sûnder dat J.P. Wiersma om tastimming frege wie, dat dy krige efterôf noch auteursrjochten. Troch it fotografearjen út de twadde hân binne de tekeningen fan Ids Wiersma der net skerper op wurden. It papier is wer fan itselde tsjûke soarte. It boek waard útjûn mei (f 2250) stipe fan it Frysk Utjeftefûns.
| |
1978
Ek dit is wer in faksimilee-útjefte fan Osinga en Van der Velde, sa te sjen makke fan de útjefte fan 1969, en ek wer mei subsydzje (f 15.500) fan it FúF.
| |
1993
Yn oerienstimming mei de regel dat yn de rige Fryske Klassiken in werprinting jûn wurdt fan de earste printing, bestiet dizze werútjefte út in werprinting fan 1871, mei dit ferskil dat it stik út 1834 oer de stavering fan De Lapekoer, dat oant 1918 foarôfgong oan de eigentlike tekst, weilitten is. De trije Fryske stikken dêr't it mei einiget, binne fansels wol opnommen. Dy steane no hielendal efteroan. Grutter ferskil mei de útjefte fan 1871 meitsje lykwols de tekeningen fan Ids Wiersma, dy't sûnt 1918 yn it boek stean, en dy't ek no wer opnommen binne, en fierders de oanfollingen, sa't dy ek sûnt 1918 (yn hieltyd wer wat oare gearstalling) tafoege wurde. Dy oanfollingen - dy't mei in lytse tritich oant no ta meast net earder publisearre stikken útwreide binne - ha ik sa goed mooglik gronologysk oardere. Se binne ûnderbrocht yn in eigen skift, dat ik Neirisping neamd ha. De datearring stiet yn de Ynhâld.
Sa is it boek sa't it yn 1871 útkaam, wer beskikber en is meiïens ek fuort dúdlik wat dêr net yn stien hat. It beswier dat inkelde teksten dy't by elkoar hearre, net by elkoar stean, is opfongen mei in apart register. It giet om De skearwinkel en Mostert nei de mieltiid, teksten dy't yn de útjefte fan 1871 stean, en om Nijjierswinsken en Weachbriefkes, dy't ferspraat binne oer Rimen en Teltsjes en Neirisping. Yn dat register binne meiïens de teksten opnommen dy't ferburgen sitte yn oaren. Dat giet dan meast om sankjes.
Wat de kar fan de oanfollingen oangiet, kin sein wurde dat ik my beheind ha ta literêr wurk yn it Frysk. Teksten dy't net ôf binne, ha ik net opnommen, mei útsûndering fan it fers Sy, dy de dier'bre namme droech. Brieven binne ek net opnommen, al koe 'k it net litte om in útsûndering te meitsjen foar in ieren fan Eeltsje. Dy leit ek hiel ticht tsjin syn literêr wurk oan. In kwaliteitskritearium ha ik allinnich oanlein foar in pear fan de stikjes út Teltsjes fan Esonstêd. De kar dy't J.P. Wiersma dêr yn syn útjefte fan 1958 út makke hat, koe ik my wol mei ferienigje. Ek it net opnimmen fan in pear teksten fan Eeltsje - in net-datearre proazastik oer stront, dat foar 't neist yn de jierren tritich skreaun is, en in brulloftsrym út 1849 - hat wol wat mei kwaliteit te krijen. Ik kin my ommers min yntinke dat de skriuwer dy sels foar printsjen bedoeld hawwe soe. Ek net opnommen ha ik de teksten fan de heilingen, omdat dy sûnder de printsjes net ta har rjocht komme. Maaike Jakkeles wetter, in fjouwerrigelich rymke fan Tsjalling, kin better útjûn wurde mei de sechstjin wiersizzerijbriefkes dêr't it grif byheart. Dy sechstjin teksten binne op twa nei yn gâns útwreide foarm op 'en nij brûkt foar De wiersiz-
| |
| |
zerij fan Maaike Jakkeles, dêr't boppedat twaëntritich yn steane, en dy't ik dêrom de foarrang jûn ha. De stikken fan Joast dy't Y. Poortinga en J.J. Kalma yn Fluit en doedelsek útjûn hawwe, ha ik ek net opnommen.
Mear as wat ik hjir no útsûndere ha, is my bûten de Neirisping net bekend. Der sil grif noch wol mear wêze, mar ik ha oars wol myn bêst dien om safolle mooglik teksten te finen. Dat is blykber noch net earder bard, en men soe jin ôffreegje kinne oft dat mei sin net dien is. Wat de hânskriften oangiet, soe dat sa lykje kinne, want oant no ta hat net ien noch in stik opnommen, dat allinnich mar yn hânskrift oerlevere wie. Mar dêrmei yn striid is dat stikken út hânskriften dy't tafallich wol publisearre binne, wol in plak krigen hawwe. Ik bedoel de fersen fan Eeltsje dy't Schepers yn 1897 útjûn hat en it brulloftsfers fan Tsjalling dat yn 1938 yn in publikaasje fan de Halbertsma-stichting útkommen is. Ek omdat der sokke moaie stikken by de nije kopij binne, liket it my dêrom earder sa ta dat net nei de hânskriften omsjoen is. Grif is ek net socht om publikaasjes dêr't noch net earder sammele teksten yn stean, want hie dat wol sa west, dan soe it al hiel tafallich wêze dat allinnich troch oaren al synjalearre stikken út sokke fersprate publikaasjes in plak krigen hawwe.
It opnimmen fan It paad nei de jilddobbe sûnt 1918 en fan Liet foar de Fryske sjitterij en De skutter sûnt 1958 hat in fersin west. Dy binne net fan Tsjalling, mar fan Rinse Posthumus foar 't neist en fan Jacob Roorda.
De tekeningen fan Ids Wiersma binne neffens de oariginelen dy't it FLMD yn brûklien hat fan de Halbertsma-stichting. Dy't dêroan ûntbrekke binne oernommen út de útjefte fan 1918. Om estetyske redenen binne yn oerlis mei de útjouwer twa tekeningen weilitten, ien omdat ik dy útsprutsen mâl fyn, en de oare, omdat dy yn deselde, dekorative trant tekene is, dy't alhiel ôfwykt fan de wize fan tekenjen by de oaren. It giet om de ôfbyldingen dy't yn de útjefte fan 1918 op de siden 427 en 93 te finen binne. De portretten fan de bruorren komme út it besit fan de Halbertsma-stichting, dat it FLMD ek yn brûklien hat.
Grûnslach fan dizze útjefte fan de Rimen en Teltsjes hat de útjefte fan 1871 west. Allinnich by ûndúdlikheden, lykas mooglike printflaters, haw ik sa mooglik mei de kopij dy't foar de útjefte fan 1871 brûkt wêze moat, ferlike. Der binne my inkelde gefallen bekend dat der frijwat fariaasje is tusken dy kopij en 1871, lykas it ûntbrekken fan de lêste strofe yn Op Anna's dea yn 1871, mar der kin ek mei sin weilitten of feroare wêze, en dêrom haw ik my oan de tekst fan 1871 holden. By in folgjende printing soe yn guon gefallen in oare kar dien wurde kinne, mar dat betsjut wol dat men alle beskikbere hânskriften en útjeften earst ferlykje moat.
Grûnslach fan de Neirisping hawwe west de printe teksten (foarsafier't dy der teminsten wienen) en oars de hânskriften en dêr dan yn foarkommende gefallen wer de ferzy fan dy't it meast definityf like. Hokker oft dat binne, wurdt yn de Ynhâld ferantwurde.
De nammen fan de auteurs binne mei de letters J, E en T ek oanjûn yn de Ynhâld. By anonime stikken moast in inkelde kear in fraachteken tafoege wurde.
Wat de tekstbesoarging oangiet, kin ik op it stik fan de annotaasje koart wêze. Ik ha nammentlik besletten dêr hielendal fan ôf te sjen. Net dat dy annotaasje net nedich wêze soe, of dat ik gjin flaters oanwize wollen hie sa't J.P. Wiersma yn 1958 dien hat, mar ik soe net witte wêr't dan de grins lizze moatten hie, en oan in nei folsleinens stribjende annotaasje wie fansels net te tinken. Dat soe jierren fan ûndersyk fergje. Joast Halbertsma sels bygelyks hat mear bledsiden nedich om wurden en útdrukkingen yn It Boalserter Nut ta te ljochtsjen as dat de tekst lang is, en dan giet it allinnich noch mar om de taal! It soe foaral in hiel wurk wêze om út te finen wêr't oeral taspilingen op besteande persoanen en saken yn makke wurde. Fan in hiele protte ferhalen is dêr neat út brieven of oare boarnen oer bekend. Eardere besoargers hawwe trouwens ek net of hiel minimaal oantekeningen jûn. Wol ha ik, lykas earder W.P. de Vries, in Wurdlist tafoege. Dêr steane de wurden yn dy't net mei help fan it Frysk Wurdboek fan J.W. Zantema te finen binne.
Mear wurden binne nedich om de tekstútjefte te ferantwurdzjen. Dat is oant no ta ek amper dien, mar de taal fan de Rimen en Teltsjes is sa oars as uzes dat it dêr net sûnder kin as men dy omstaveret. De staveringsferoaringen hawwe noch net earder sa grut west. Dat komt omdat de stavering fan 1879, dy't op harsels wol yngripend wie, foar de Rimen en Teltsjes net safolle ynhold, want dy sleat krekt ticht by dy stavering fan 1879 oan, en de folgjende staveringsferoaring (fan 1945) wie frij beskieden. Mar dat wie oars yn 1980. Gelokkich
| |
| |
koe de omstavering mei help fan in omstaverprogramma meganysk dien wurde, mar omdat dat net oars woe as út de foarige stavering wei, waard de útjefte fan 1978 ta grûnslach nommen, en dat joech fansels wer syn eigen problemen. De kopij, dy't sa ûntstie, moast dêrom wurd foar wurd, nee: letter foar letter, ferlike wurde mei de tekst fan 1871. Dat is dien troch korrektor H.S. de Bruin en my beide. De Bruin is in Ljouwerter, dat dy koe him goed rêde mei it Stedsk (of wat dêr soms op liket).
By it omstaverjen fan de tekst fan 1871 hawwe twa dingen by my foaropstien: de taal mocht net yn feroare wurde, en de wurden moasten yn it Frysk Wurdboek fan J.W. Zantema of it Woardeboek fan ut Leewarders fan A.C.B. van der Burg te finen wêze. Wêr't dy beide ûtgongspunten botsten, moast foar it iene of it oare keazen wurde, en dat kaam fansels withoefaak foar. It wie dêrom in gelok dat it Frysk Wurdboek neist it haadlemma faak ek noch farianten as lemma opnommen hat, want dêrtroch waard it oantal probleemgefallen lytser. As it wurd net, of net yn frijwol deselde, maklik te finen foarm yn it Wurdboek stie, ha ik it opnommen yn de Wurdlist, dy't hjirefter folget. Mar wêr't feroarjen de taal net oantaaste, is mei it each op de lêsberheid ek mei sin oanpast by de foarm dy't it Wurdboek jout. Dy gefallen wurde yn it neikommende ferantwurde.
As it heal koe, binne apostroffen brûkt om mar sa ticht mooglik by de foarm fan 1871 te bliuwen. Sa is it bywurd ‘er’ gjin ‘der’ wurden, mar ‘'er,’ ‘jip’ gjin ‘djip’ mar ‘'jip’ en ‘ri'lich’ net ‘ridelich.’
1. Utspraak
Lytse ferskillen dêr't de tsjintwurdige stavering gjin rekken mei hâldt, binne net achtslein. Sa binne ‘ind’ ‘en’, ‘roan’ ‘rûn’, ‘stiiken’ ‘stieken’ en ‘great’ ‘grut’ wurden. Ta sokke te ferwaarloazjen ferskillen ha ik ek rekkene ‘uwt’ (dat ‘út’ wurden is), ‘snuwshoanne’ (‘snúshoanne’), it lidwurd ‘ien’ (‘in’), en ‘-tse’ en ‘-tje’ oan de ein fan tiidwurden, as dy teminsten net mei dat -tse of -tje yn it Wurdboek stean (‘-tsje’). Yn gefallen dat min út te meitsjen is hokker fan de Wurdboek-staveringen it bêste oan de njoggentjinde-ieuske beantwurdet, is de foarm fan it haadlemma nommen.
De oare ferskillen hawwe laat ta ôfwiken fan it Wurdboek. Guodden fan dy ôfwikingen binne ûntstien omdat ûnder it omstaverjen net altyd deselde oplossing foar itselde gefal keazen is. Dat is fansels net mei sin bard (al wie der wol tanimmend oanstriid om ôf te wiken fan it Wurdboek en it wurd op te nommen yn de Wurdlist) en folle komt it grif net foar. Lykstriken mei sykjen-en-ferfangen koe net, omdat de tekst fan 1871 net altyd deselde foarm hat. It giet hjir benammen om archaïsmen lykas ‘da’ en om tekens foar ôfsliten lûden yn wurden dy't allinnich mei it folle lûd yn it Wurdboek stean. ‘Gereis/goereis’ is dêr in foarbyld fan. De ôfwikingen dy't wol mei sin makke binne, folgje hjir puntsgewiis.
a. Staveringen dy't op te fetsjen binne as mei sin makke farianten fan it mear gewoane Frysk fan doe, binne net oanpast by it Wurdboek as se dêr net yn steane, mar fansels wol behannele neffens de omstaverregels dy't jilde foar ferlykbere gefallen dy't wol yn it Wurdboek steane. Under ditsoarte staveringen falle: mei sin brûkte dialektfoarmen (oaren dus as dy't yn it eigen Frysk fan de skriuwers sitte; teksten dy't der wat dat oangiet útspringe binne It heksershol, en foaral De skearwinkel II, dêr't in protte Súdhoekster foarmen yn foarkomme); affektive foarmen (‘blaksem’ foar ‘bliksem’); archaïsmen (‘da’ foar ‘doe’, ‘Feick’ foar ‘Feik’, ‘manke’ foar ‘mantsje’); folksaardige foarmen en frjemde wurden. Se binne fansels net altyd maklik as sadanich te herkennen. Wat de frjemde wurden oangiet, ha ik in yndieling yn trijen hantearre: neutraal gebrûk (dat oanpast wurdt by it Wurdboek) en opsetlik gebrûk en folksaardige foarm, dy't beide hanthavene wurde. Yn it algemien moat earder oan neutraal as oan opsetlik gebrûk tocht wurde, want der wie noch gjin tradysje yn it staverjen fan frjemde wurden. Neffens dizze regels wurde ‘horlogie’ en ‘haloasje’ ‘horloazje’, mar ‘geloasie’ ‘geloazje.’ Heal en heal ferfryske foarmen as ‘-ar’ (ned. ‘-aar’) en ‘war-’ (ned. ‘waar-’) binne oer it algemien de Fryske foarmen foar yn 't plak kommen, mar in wurd as ‘warachtich’, dat noch sein wurdt, is net feroare. Yn ien gefal dêr't ik net sa wis bin oft ik dêr wol goed oan dien ha, ha ik lykwols mei sin de neutrale, moderne foarm keazen. Dat is it wurd ‘papier’, omdat ús ‘pompier’ foar
myn gefoel in oare nuânse hat as yn de njoggentjinde ieu. Ek net alhiel tefreden bin ik mei de kar om fan ‘iffentuwr’ ‘aventoer’ te meitsjen, want dat is nochal wat in feroaring, mar it wurd waard my oars frjemd genôch en ik ha mar redenearre dat de a wol faker foar in sjwa stiet.
b. In oare útsûndering is makke foar staverin- | |
| |
gen dy't op in oar komôf fan in lûd tsjutte as de stavering fan itselde wurd yn it Wurdboek. Dat komt gauris foar by tiidswurdfoarmen, want dêr jout it Wurdboek mar in bytsje farianten fan op út it grutte ferskaat dat der is. Sa is fan ‘hyng’ gjin ‘hong’, mar ‘hing’ makke (dat lêste omdat ‘hyng’ net yn it Wurdboek stiet en ik it ferskil tusken y en i ta de lytse ferskillen rekkene ha). c. Yn fersen binne soms foarmen keazen dy't net yn it Wurdboek stean. Dat is dien as it gong om it bewarjen fan it metrum (sa is fan ‘millioenen’ gjin ‘miljoenen’ makke) of om wat as lûdeffekt op te fetsjen wie. Dat lêste is lykwols net dien as it allinnich mar in saak fan eachrym like. By ferliking mei eardere redaksjes die nammentlik bliken dat eachrym frijwat willekeurich brûkt wie. Krekt de âldste redaksjes hienen it faak net.
d. Ofliedingen en gearstallingen dy't sels net yn in beskate foarm yn it Wurdboek stean, mar dêr't de gearstallende dielen wol fan foarkomme, hawwe har foarm holden. Sa krije ‘diveldrek’ of ‘terjuchte’ gjin ‘u’ of ‘o’.
e. As in dûbeld bylûd op brekking wiist, is dat stean bleaun, ek al jout it Wurdboek gjin brutsen foarm. Allinnich ‘leavver’ is ‘leaver’ fan makke.
It omkearde jildt likegoed, dat wol sizze as der mar ien bylûd stiet en it Wurdboek jout allinnich it dûbelde, dan is it inkelde bylûd oanholden.
f. Fan ‘onder(-)’ is gjin ‘ûnder(-)’ makke, fan ‘-s’ gjin ‘-sk’ as dat der net stiet.
g. Stomme letters binne tafoege as se yn 1871 net skreaun wienen (‘nepet’ is ‘nepert’ wurden).
h. Plaknammen binne oanpast by wat tsjintwurdich gebrûk of regel is, behalven as de foarm tige ôfwykt. Sa is fan St. Ubes gjin Setubal makke. De letters c, q en x yn persoansnammen binne stean bleaun as it Wurdboek dy nammen net hat, en oars stavere lykas it Wurdboek docht.
2. Morfology
Foarmen op ‘-elik’ dy't net yn it Wurdboek stean, binne feroare yn foarmen op ‘-lik.’ Bûgingsfoarmen dy't út de tiid binne, binne weilitten. Sa is fan ‘om 'e troanjen’ ‘om 'e troanje’ makke. Yn oare gefallen dat de bûging oars is as tsjintwurdich, binne wurden net by it Wurdboek oanpast. Sa is fan ‘einling’ gjin ‘einlings’ makke. De ferlytsingsfoarm ‘-ke’ is ‘-tsje’ wurden as it Wurdboek de foarm op ‘-ke’ net hat. As wy gjin apostrof skriuwe, dan is dy weilitten of net tafoege. Sa is ‘tsjustre’ yn ‘tsjust're’ feroare, mar ‘ha’ (meartal) stean bleaun. Persoansfoarmen op in apostrof by do en jo/jy en as helptiidwurd yn kombinaasje mei in ynfinityf (‘sill' komme’) binne de apostrof kwytrekke en mei in inkeld bylûd skreaun, al binne der - trochdat der earst oars besletten wie - in stikmannich stean bleaun mei apostrof en dûbeld bylûd. De slot-n yn bywurden en ferhâldingswurden is tafoege as er yn it Wurdboek stiet, oars net (dêrom bliuwt it ‘tuske’). De slot-d yn in wurd as ‘dead’ is weilitten, omdat it Wurdboek allinnich mar ‘dea’ hat, mar ‘bedsteed’ is stean bleaun, omdat ‘steed’ yn 't Wurdboek foarkomt. ‘Hab’ is ‘ha’ fan makke, ‘jon’ ‘jo’.
Hoewol't it út it hantearjen fan de regel dat oan de taal net feroare wurdt, wol blykt, neam ik foar de dúdlikheid noch in pear yn it each rinnende konsekwinsjes. Fan it Wurdboek op it stik fan tuskenletters ôfwikende foarmen binne net feroare (mei útsûndering fan ‘kastelein’, dat syn tusken-e kwytrekke is), en dat is ek net bard mei in d of t oan de ein of yn 'e midden mear of minder. Sa is ‘skânne’ ‘skâne’ wurden en gjin ‘skande.’ Oan it tal wurdlidden is net kommen: sa is it ‘pleage’ en ‘ich’ bleaun, ek al jout it Wurdboek allinnich ‘pleach’ en ‘igge’. - Doetiidsmeartalfoarmen op ‘-nen’ (fearnen) of ‘-en’ (wieën) binne stean bleaun; der is net feroare yn it ‘-e’ of ‘-je’ dêr't de tiidwurden yn 1871 op útgeane; ‘lêsde’ is stean bleaun, ‘fûnd’ ek, en adjektivyske mulwurden op ‘-en(e)’ binne bewarre, ek al hat it Wurdboek oars net as ‘-end(e)’.
3. Lêstekens en typografy
As de betsjutting by net-feroarjen ûndúdlik wêze soe, is feroare, mar dat komt mar hiel selden foar. It haadlettergebrûk is by uzes oanpast, lykas ek it gebrûk fan de dûbele punt, dêr't wy no faak in puntkomma foar hawwe. As fan in haadletter oannommen wurde moat, dat er in spesjale betsjutting hat, bygelyks om irony út te drukken, dan is er fansels stean bleaun. Benammen yn teksten dy't oernommen binne út de hânskriften fan Eeltsje binne wolris punten en haadletters set om nije sinnen te krijen. Ek Tsjalling koe trouwens lange sinnen meitsje. Sifers boppe strofen binne weilitten. Underskie yn lettertype om ferskil fan taal tusken sprekkers mei oan te jaan, is ferfallen.
Ph.H. Breuker
|
|