| |
| |
| |
Teltsjes fan de wize mannen fan Esonstêd
Yn âlde, oerâlde tiden het 'er in stedsje oan de Lauwerssee lein, dat Iesum of Esonstêd hjitte, dêr neat fan oerbleaun is as in hichte of wier tichteby de Iesumersyl, omdat folgens âlde kroniken in hege wetterfloed it stedsje ferswolge het. Yn dat stedsje moatte de lju simpel en ienfâldich west habbe, en de domme setten en nuvere teltsjes dy 'erfan ferhelle wurde, binne neierhân op Dokkum oergien, omdat it neiste buorlju wieën. Dit is in erfenis dêr dy goede stêd folle lêst fan hân het, en dêr de spotfûgels en bysfeinten har wakker mei fermakke habbe. Mei dat al is Dokkum in aardich beuzich stedsje, yn neat fan de oare Fryske stêden en doarpen onderskieden; mar it het mei de oaren ek itselde evel, dat 'er mear gekken op 'e strjitte rinne, as dat 'er efter de traaljes sitte. Wy sille dêrom mar mei Iesum begjinne; dy 'er mear fan wite wol kin yn Ingelân fine Gotham yn Nottinghamshire, yn Schwaben Kräwinkel, yn Westfalen de frije Universiteit fan Dülken en yn Hollân Kampen; dêr wurdt itselde en jit mear fan ferhelle.
1858
| |
Earste teltsje
Der wieën twa mannen fan Iesum, en ien fan harren gong nei de merke te Dokkum om skiep te keapjen, en de oare kaam fan de merke ôf, en hja kamen eltsoarren op de brêge by Dokkum temjitte.
‘Wel, dat treft aardich,’ sei de iene tsjin de oare.
‘Wêr geane jy hinne?’ sei de man dy fan Dokkum kaam.
‘Wel,’ sei de oare, dy 'erneita gong, ‘ik gean nei de merke om skiep te keapjen.’
‘Skiep keapje?’ sei de oare. ‘En wat paad lâns wolst se dan nei hûs to driuwe?’
‘Wel ju,’ sei de oare, ‘ik wol se oer dizze brêge driuwe.’
‘Dat sil der by den divel net yn stean!’ sei de man dy fan Dokkum kaam. ‘Do silste net!’
‘En ik wol!’ sei de oare, dy 'erhinne gong. ‘Ik wol! en 't sil oan dy net stean, by den donder!’
‘Joek!’ sei de iene.
‘Prûk!’ sei de oare.
Doe sloegen se mei de stokken op 'e grûn, de iene tsjin de oare, krekt oft 'er in hondert skiep tusken har beiden west hiene.
‘Kear se dêr!’ sei de iene. ‘Wachtsje dy dat myn skiep net oer de brêge springt!’
‘Ik bin dêr net bang foar,’ sei de oare.
‘Hja sille allegearre dizze wei lâns komme,’ sei de iene.
‘Nee, hja sille net,’ sei de oare.
‘No,’ sei de iene, ‘aste jit in bult spul útjouste, dan stek ik dy de finger yn 'e mûle.’
‘Do mochtst in skyt!’ sei de oare.
En wylst dy dêr sa yn striid wieën, kaam dêr in oar wiis man, dy ek te Iesum thúshearde, fan de merke mei in sekfol moal op syn hynzer; en doe dy seach en hearde dat syn buorlju strieden om skiep dy 'er net wieën, sei de man:
‘Och, jimme gekken! sille jimme nea wiis wurde? Help my mar ris wat, en lis my dy sek mei moal op myn skouder.’
Hja diene sa, en doe gong by nei de kant fan de brêge, en makke de hals fan de sek los, en skodde al dat moal út de sek yn 't wetter.
Doe sei er: ‘Hoefolle moal is 'er no yn dy sek, buorlju?’
‘Wel neat,’ seine dy twa; ‘nin grissel mear.’
‘No, by myn siel!’ sei dizze wize man, ‘krekt safolle ferstân is 'er ek yn jimme twa hollen, dat jimme stride oer in ding dat jimme net habbe.’
| |
| |
No, wa wie de wiiste fan alle dizze trije mannen? Dat lit ik oan jimme oer, lêzers, oardeel! Mar ik sis fan it hynzer dat 'er stil by stean bleau.
| |
It twade teltsje
Der wie ris in goed man fan Iesum, dy ried nei de merke mei twa ljippen rogge; en om syn hynzer net tefolle te pleagjen, lei er op eltse skouder ien fan dy sekken, en ried sa fuort. ‘Sa is 't makliker foar dy, brúntsje,’ sei er.
No lit ik jimme riede, freonen, wa de wiiste wie, de man of syn hynzer.
| |
It tredde teltsje
De lju fan Iesum mochten graach de koekoe' sjongen hearre, en no woene hja him graach opslute, opdat er it hele jier foar har sjonge soe. Doe makken se midden yn de stêd in rûne hage, en fongen in koekoe' en setten him midden yn dy omheininge. Doe seine se: ‘Toe, goede fûgel, sjong hjir! en do silste iten noch drinken brek habbe.’ - Mar doe de koekoe' merkte, dat er opsluten wie yn dy hage, fleach er fuort. ‘Dêr spilet de kweade mei!’ seine de wize mannen doe; ‘wy makken ús hage net hegernôch.’
| |
It fjirde teltsje
Der wie ris in man fan Iesum, dy nei de merke fan Dokkum gong om tsyskes te ferkeapjen, en doe er by in terp delgong, doe foel 'er ien fan dy tsyskes út de sek en dy rôle by de terp del.
‘Do lytse skevel!’ sei de man; ‘wat is my dit hjir? Kinsto allinne nei de merke gean? Dan wol ik de iene efter de oare stjoere.’
Doe lei er syn sek del en naam de tsyskes derút, en keilde se by de terp del, de iene efter de oare. En de iene rûn yn in hage en de oare yn in dobbe, ensafuorthinne, en doe rôp er har efternei:
‘Jimme moatte op 'e merk wer by my komme, by de waach, hear!‘
En doe de man op 'e merke kaam om syn tsyskes wer te finen, doe stie er dêr salang dat de merke hast op it lêst rûn, en doe frege er oan syn buorlju en oare minsken, as se ek sjoen hiene dat syn tsyskes op 'e merk komd wieën.
‘Wel, wa soe se hjir bringe?’ sei ien fan syn buorlju.
‘Wa oars as hjasels?’ sei de man. ‘Hja wisten de wei sa goed as ien, dat sis ik jo. Dy rakkerts! Ik waard hast kjel, dat myn tsyskes sa hurd rûnen; ik bin bang dat se de merk foarbyrûn binne. It stiet fêst by my, dat se no al oan Damwâld ta rûn binne, de Wâldpoarte út.’
En doe gong er dalik op in hynzer sitten en ried har efternei, en it bekaam him wakker nij dat er se nearne fûn. Mar gjin minske het ea wer fan dy tsyskes heard, oan dizze dei ta.
| |
It fyfte teltsje
Der wie in man fan Iesum, dy kocht in treeft foar syn hantsjettel, te Dokkum yn 'e stêd. Doe de man nei hûs gong, begûnen him de skouders wurch te wurden fan dat ding. Hy sette de treeft del, en doe er seach, dat 'er trije poaten onder wienen, doe sei er: ‘Do snaak! do heste trije fuotten en ik mar twa; do silste my nei hûs ta drage, aste wo'ste of net.’
En doe sette er de treeft del op 'e grûn en gong 'er sels op sitten, en sei tsjin de treeft: ‘Draach my no salang as ik dy dragen ha; want aste dat net dochste, dan silste stil foar my stean.’
| |
| |
De man fan Iesum seach dat syn treeft nin stap foarútgean woe. ‘Stean rjuchtop, by den divel!’ sei er doe, ‘en folgje my, aste wo'ste; ik sil dy de wei wize.’
En de man stapte fuort. Mar doe er thúskaam, sei it wiif: ‘Wêr is myn treeft?’
De man sei: ‘Hy hie trije fuotten en ik mar twa, en ik learde him de rjuchte wei nei hûs ta; dêrom lit him sels komme, as er kin en wol.’
‘Wêr hest him dan litten, ju?’ sei it wiif.
‘Wel, tsjin dy hichte oan, dêr by Hantum,’ sei de man.
Doe rûn it wiif dalik wei, om dy treeft sels nei hûs te tôgjen; oars hie se him wis ferlern troch it lytse ferstân fan har man.
| |
It sânde teltsje
Yn 't lêst fan de fêste op de Goede Freed, doe stieken de mannen fan Iesum de hollen by eltsoarren en oerleine mei-inoar, wat se dwaan soene mei har pikelhjerringen, har bokkings en sâlte fisk, dy se oerhâlden fan de fêste. Doe hâlden se rie, de iene mei de oare, en kamen oerien dat al dy fisk yn de fiver smiten wurde soe, dy midden yn de stêd wie, opdat 'er jongen fan komme mochten, en dat 'er it jier dêrnei mear fisk út helle wurde koe. Dêrom smiet elk, dy fisk oerhâlden hie, se yn dy fiver. De iene sei: ‘Ik ha jit safolle bokkings oerhâlden.’ ‘Wel,’ sei de oare, ‘en ik ha jitte samannich stokfisken oerhâlden.’ ‘En ik,’ sei in tredde, ‘ha safolle sâlte fisk oerhâlden. Lit har allegearre yn dy grutte fiver reizgje, en wy kinne takomme jier foarsiker tarre as grytmannen.’
Mei 't begjin fan de neiste fêste, yn 't oare foarjier, gongen se dalik nei de fiver en lieten it wetter derút rinne. Mar hja wieën wakker ferbaasd, dat se 'er neat yn fûnen as ien grutte iel.
‘Sjoch!’ seine se, ‘de divel sil dy iel helje, want dy het al ús fisk opfretten.’
‘Wat moatte wy mei him dwaan?’ sei de iene tsjin de oare.
‘Meitsje him dea!’ sei de iene.
‘Hakje 'm yn pysten!’ sei de oare.
‘Nee, sa net,’ sei in tredde, ‘litte wy him fersûpe.’
‘Just, just!’ seine de oaren allegearre.
En doe gongen se dalik nei in oare fiver en smieten dy iel yn it wetter.
‘Lis dêr!’ seine de wize mannen, ‘en rêd dyn gat dêr; want do kinste fan ús gjin help mear ferwachtsje.’
En sa lieten se dy iel dêr fersûpe.
| |
It achtste teltsje
Op in tiid hiene de lju fan Iesum fergetten om har lânhearren de hier te beteljen. Doe sei de iene tsjin de oare:
‘Moarn moatte wy ús lânshier betelje, en hoe sille wy it oanlizze om ús lânhearren it jild ta te krijen?’
Doe wie der ien, dy sei tsjin har: ‘Hjoed ha ik in hazze fongen, dy kin 't 'er wol hinne bringe, want dy is rêd op syn poatsjes.’
‘Just sa!’ seine de oaren. ‘Hy sil in brief mei habbe en dêrby in pong mei it goud 'eryn, en dan kinne wy him de rjuchte wei útstjoere.’
Doe de brief skreaun wie, en it jild yn de pong dien, doe bûnen se dat de hazze om 'e hals en seine:
‘Do moatste earst nei Dokkum ta en dan nei Burdaard; en te Ljouwert wennet ús lânhearre, dwaan him de groetenisse, en dêr is syn lânshier.’
Mar doe de hazze út har hannen wie, rûn hy in wei op dy glêd ferkeard wie. Ytlike fan dy hearen rôpen him nei en seine: ‘Do moatst earst nei Dokkum op, ju!‘
Mar de oaren seine: ‘Lit de hazze syn loop habbe, want hy kin koarter paad meitsje as de bêste fan ús, oer hikken en sleatten, oer strûken en strewellen; dêrom lit him gean.’
| |
| |
| |
It tsiende teltsje
Op in tiid wieën 'er tolf mannen fan Iesum dy gongen út te fiskjen, en sommigen wâden yn 't wetter om en de oare stiene op it droege lân. Doe se wer nei hûs gongen sei de iene tsjin de oare:
‘Wy habbe hjoed in wonder hurd stik weage, mei dat wâdzjen. Ik winskje mar, dat 'er net ien fan uzen fan hûs gien is om syn libben yn 't wetter te litten.’
‘Nee, waarlik!’ sei de iene tsjin de oare. ‘Lit ús dat ris neisjen; want wy wieën mei ús tolven doe wy útgongen.’
Doe telden se harsels nei, en eltse man telde mar alve; want de tolfte man telde nea himsels mei.
‘Och heden!’ sei de iene tsjin de oare, ‘der is wis wa fan ús yn 't wetter bleaun en ferdronken.’
Hja gongen werom en fisken de hele poel hinne en werom ôf, en jammeren allegearre sa earmhertich. Doe kaam dêr in abbekaat op in hynzer lâns riden, en frege har wêr se nei fisken, en hoe se sa ferlegen en bedrukt wieën.
‘O,’ seine hja, ‘wy gongen hjoed oan 't fiskjen yn dizze poet, en wy binne hjir mei ús tolven komd en ien fan ús is ferdronken.’
‘Wel,’ sei de abbekaat, ‘tel dan ris, hoemennich 'er binne.’
Doe gong 'er ien fan harren oan 't tellen, en hy telde alve; want hy fergeat om himsels mei te tellen.
‘Wel,’ sei de abbekaat, ‘wat wolle jimme jaan? Dan sil ik de tolfte man werombringe.’
‘Hear!’ seine hja, ‘wy wolle al ús jild wol jaan dat wy by ús habbe.’
‘Jaan op mar!’ sei de abbekaat.
En doe begûn er mei de earste, en joech him in lawibes mei syn karwats oer de ribben, dat er kreunde fan de pine, en doe sei er: ‘Dat is ien!’ En sa fage er har allegearre ôf, dat se pipen. Doe er by de lêste kaam en him in feardige streek joech, rôp er: ‘Dat is de tolfte man!’
En hja wieën danich yn 't skik en winsken de abbekaat alle goeds ta, om't er har freon werfûn hie.
| |
It alfte teltsje
Der wie ris in hear fan Iesum, dy ried op in hynzer de wei lâns, en dêr fûn er in tsiis lizzen oan de wei. Hy loek syn swurd út de skie en hy stiek en pjukte yn dy tsiis, om him sa op te nimmen. Mar dat lokte him net en hy sei, der moast langer swurd komme; dêrom ried er troch nei Dokkum, en kocht dêr in langer swurd.
Wylst hy fuortried, kaam dêr in oar man op in hynzer lâns; mar dy stoep 'erôf, naam de tsiis by him op 't hynzer en ried 'ermei fuort.
Doe dy hear weromkaam, stiek er mei syn lange sabel yn 'e grûn, dêr de tsiis lein hie.
‘Dêr slacht de duvel troch!’ sei er, ‘Hie ik dit swurd mar earder hân, dan hie de tsiis mines west, en no het in oar him krige.’
| |
It tolfte teltsje
Der wie in man te Iesum, dy net folle fan syn wiif hâlde. Dat minske hie oars moai hier, en de man sei altemets ris, dat er har dat hier ôfknippe woe. Mar as hja wekker wie, doarst er dat net dwaan, en sa waard er te rie om it te dwaan as hja te sliepen lei. Dêrom naam er op in jûn in skjirre, en treau dy onder syn hollekjessen. It wiif merkte dat en doe rôp se de faam en sei:
‘Gean do jûn by myn man op bêd, want hy wol my dizze nacht myn hier ôfknippe. Lit him dyn hier mar ôfknippe, en dan si'to in moai pakje klean oan my fertsjinje.’
| |
| |
De faam die sa, en hâlde har as se fêst yn 'e sliep lei. Doe de man dat merkte, knipte er har lang hier ôf en rôle it om 'e skjirre; doe lei er it onder syn hollekjessen en foel wer yn 'e sliep.
It wiif makke de faam wekker en naam de skjirre mei dat hier, dêr gong se mei bûtendoar en barnde 't hier op. De man hie in hynzer, dêr hy safolle fan hâlde as fan ien ding yn 'e wrâld, lykas syn wiif wol wiste. It snippere wyfke gong yn de stâl en snie it hynzer de sturt ôf; hja wuolle it hynstehier om 'e skjirre en treau it him wer onder 't kjessen
Ier yn de moarntiid stoe se op en siet by 't fjoer om har hier út te kjimmen. Dêrop kaam de man by 't fjoer, en doe hy seach, dat syn wyfke har hier útkjimde, doe seach er sa nij op as in ko tsjin in stêdspoarte.
Doe de faam seach, dat har baas sa djip yn 'e stúdzje stie, sei hja: ‘Wat deale as dat hynzer yn 'e stâl skeelt, dat wit ik net; mar dat beest bliedt as in ko.’
De man rûn yn de stâl en seach dat syn hynzer de sturt ôfsnien wie. Doe rûn er nei syn wiif ta en sei: ‘Sa mâl kin 'k it net habbe, wiif! Ik miende dat ik dy it hier ôfknipte, en no ha ik myn hynzer de sturt ôfsnien.’
‘Ja,’ sei it wiif, ‘dy syn ears barnt moat op de blierren sitte. Mannich man tinkt in oar in pots te spyljen, mar it draait op syn eigen skea út.’
| |
It fjirtsjinde teltsje
In man te Iesum hie in jonge kalkoen slachte en dêr hie er fjouwer hearen op noad'ge te iten; mar syn âld wiif iet him op mei har kornútsjes, en doe slachte hja in âlde taaie goes en sette dy te fjoer foar de hearen.
No, doe dy kamen en de goes waard opbrocht, sei ien fan harren: ‘Wat is dit?’
‘In edele kalkoen,’ sei de goede man.
‘In kalkoen, sizze jy?’ seien de hearen. ‘Wel, it is in âld goes, en do biste in snaak, datste ús sa de gek oanstekste.’ En hja gongen poerlilk nei hûs ta.
De goede siel wie wakker ferlegen, om't er dy hearen ta fijannen krige hie. Hy naam in sek en dêr die er de fearren fan de kalkoen yn, dy jitte bewarre wieën. Doe wie er fan plan om nei dy hearen te gean en har de kalkoensfearren sjen te litten, om har sa tefreden te stellen. Mar 't âld wiif fersocht him, ear't er fuortgong, om in blok bûtendoar wei te heljen, dat hja oan 't fjoer lizze woe. En yn dy tuskentiid naam hja de kalkoensfearren út de sek en treau de guozzefear der wer yn. De man naam de sek en gong nei de hearen ta, en sei:
‘Waarliken, hearen! wês net lilk op my; jimme sille sjen, dat it in kalkoen wie, dy 'k jimme foarsette, want hjir binne de fearren.’
Doe iepene hy syn sek en skodde alle guozzefearren derút.
Doe de hearen dy guozzefearren seagen, doe seine hja:
‘Wel, do snaak! biste jitte net tefreden, datste ús yn dyn eigen hûs de gek oanstutsen heste, mar moast hjir jit ek komme?’
Doe naam ien fan harren in kneppel en joech him in heal snies opstoppers, en sei by elke slach:
‘Dêr, luzebosk, dat is dyn lean; en stek ús de gek net wer oan!’
| |
It achttsjinde teltsje
Der wie in pluchsnijer yn Iesum, dy kaam mei in ljippenssek fol skuonpluggen by in skuonmakker te Dokkum. Dy skuonmakker wie wol yn betrou en kochte dy pluggen sonder jild. Mar doe de skuonmakker dy pluggen beseach, doe merkte er dat se te lyts fan stik wieën.
Hy sei, doe de man kaam om syn jild: ‘Ik kin se net habbe; hja binne neat wurdich.
| |
| |
Mar do moatste de stompe einen tapuntsje, dat dy ek skerp binne, en ferkeapje se dan oan jimme boargemaster foar hjouwer; dy sil se wol keapje.’
Sa die de man. Mar de boargemaster syn hinnen en bargen woene dy hjouwer net frette. Doe liet de boargemaster dy pluchsnijer komme en by sei: ‘Do skarlún! wêrom heste my dyn pluchfyksel foar hjouwer ferkocht?’
‘Dat het de skuonmakker fan Dokkum my leard,’ sei de man.
‘Yn Dokkum ha ik gjin rjucht,’ sei de boargemaster; ‘mar ik wyt it dy. Do kinste my it jild weromjaan, en dan kinste jitte fjouwerentweintich oeren yn de stokken sitte.’
Wêrút men sjocht, dat mennich minske folle wurk om 'e nocht dwaan moat, en dêr ek jit straffe om lije.
| |
Neiwurdsje
Dêr ha wy no tweintich teltsjes fan Esonstêd. Der wurdt jitte ferhelle, dat de kening, in neikommeling fan Radboud, ris in reis troch Fryslân die, en troch dit stedsje nei Dokkum ta woe. Mar de wize lju fan Iesum kearden him op 'e wei dêrhinne, omdat hja oardeelden dat it paad, dêr in kening oer gong, foar ivich in algemiene wei waard, en hja woene him foar harsels hâlde. De kening wie net bêst tefreden oer dy died en stjoerde ytlike fan syn selskip nei stêd.
Oan it earste ein fan de stêd fûnen hja dy goede lju drok beuzich, om in nije skuorre foar de sinne te bewarjen, dat it hout net boarste; dêr tôgen se mei folle muoite haiweinen en ierdkarren by op. Yn 't midden fan de stêd stoe de koekoekshage, en op 't oare ein fan de stêd wieën se drok beuzich om dy grutte iel te fersûpen. Sadat dy hovelingen har oertsjûgen, dat it in stêd fol gekken wie, en de kening deinze ôf.
Koart foardat dit âlde stedsje troch it seewetter ferswolge waard, binne 'er jit ferskate fan dy goede simpele lju jammerlik ferdronken. Dy grutte fiver yn de stêd begûn te buorgjen, lykas dat gean kin mei stiisteande wetters.
‘Sjoch!’ sei ien fan harren, ‘dat wetter begjint te sieden. As wy dêr ris in sekfolmennich moal yn smieten, dan hiene wy gau in hele bulte moallenbrij.’
Doe alleman oan 't moaltoaien, sekfol efter sekfol; en dêr rierden se mei stokken yn om. Einlings krigen se 'er striid oer, wannear as de brij gear wêze soe. Dy striid waard oanmoedige, trochdat ien him oanbea om 'eryn te springen, en hja kamen oerien dat as er de brij gear fûn, dan soe er in teken jaan oan syn makkers. De man sprong 'eryn en fûn it wetter djipper as er ferwachte hie; trijeris kaam er boppe, mar sei neat. De oaren waarden tige ongeduldich omdat er neat sei, en doe se seagen dat er mei syn lippen smakte, seagen se dat foar in teken oan, dat de brij goed wie. En hja sprongen allegearre, de iene nei de oare, yn de fiver en ferdronken.
|
|