Bier, en wol sterk bier, wie de drank by alle feesten. Dêrfan haww' we jitte it hynstebier yn de klaaidoarpen, it stevenbier as 'er in skip opset wurdt en it flotbier as it skip te wetter giet. De jonge wiven krigen waarm bier yn it kreambêd, en op de begraffenissen waard bier jûn. Te bier gean wie mei de faam yn de herbergen pleziermeitsje, en dy doe te djip yn it glês sjoen hie, dy wie simpelwei oer syn bier, en dy dan oars gjirrich wie salang as er nochteren wie en dy dan rynsk en gemoedlik waard, by dy kaam bier en barmhertichheid by elkoarren. Mar fan alle bieren wie joukebier it swietste bier, dat bier dat jûn of fereare wurdt. Mar foar al dizze bieren is no de sterke drank en wyn yn de pleats komd, en wy sille bier no mar oan de Brabanders en de Beiersman oerlitte.
Joukebier is swiet bier, it het jitte mear krêft as jild. Der moat in swier stik guod út in skip komme: kom mannen, elk in hantsje, en op in wink lûke tsien pear hannen út alle macht. Wêrom? Omdat se wol wite dat 'er in slok op folget. In boer dy yn de ongetiid op in hjitte dei tsjin de jûn mei 'n flesfol yn 't lân komt en elts in goed romerfol jout, kriget wol foar seis flesfollen wurk mear dien. De flot- en stevenbieren mei ik net ferjitte. Dat is ek joukebier en de segenwinsken dy de baas en de skipper krije, binne noait hertgrondiger as wannear hja foarôf goed traktearre hawwe.
Soe it wol in grutte keunst wêze om lid fan in gemeenterie yn in stêd te wurden, as men de kiezers allegearre traktearre op in grutte mieltyd mei allerhande fijne winen en men op it lêst beloofde dat men de hele fergadering wer sa traktearje soe as de keus nei it sin útfoel? Ik leau it net, want joukebier het sels ynfloed op de polityk, dat sjocht men yn Ingelân.
Joukebier is sok swiet bier dat it minsken dy selden drank brûke oan de drank helpt. Trekskippers en foerljuwe komme as koene jonges dy by sûpe en waai grutbrocht wurde, op de wein of yn it trekskip, en dan is 't dageliks: ‘Een borreltje, schipper? of voerman?’ Dan is 't it earste jier: ‘Nou ja, maar dan moet 'et een kleintje weze, meneer,’ mar as dat twa jier duorre het, dan wit de kastlein wol wa of 'er dea is, en dy jout in grutten ien, en de fuorman en de trekskipper eindigje mei in reade noas en dat wurdt dan oan waar en wyn taskreaun, mar it joukebier sit 'eryn.
Joukebier is sok swiet bier dat de minsken 'er faak mear fan nimme as hja drage kinne en dat se 'er sels danigen lêst fan hawwe, louter omdat it jûn wurdt. Wy hawwe hjir alear in âld skûtmakkersfeint hân dy al emeritus wie, mar dy kaam út âlde rekommandaasje jit ek ris op in flotbier, en doe waard er tuske twa man yn nei hûs brocht by syn âld wiif, en dy sei: ‘Foei Jan, wat biste wer aaklige dronken.’ ‘Hâld dy deastil ju, hâld dy mar deastil,’ sei Jan sa goed as er koe, ‘stil wyfke, it is fergees, allegearre fergees, dat hoe'sto net te belijen, en wy hawwe genoegen hân,’ en sa gong er tefreden op bêd.
Ja, it is yn âlde tiden ris west dat 'eris in ryk boargemastersdochter te Dokkum troude. En doe joech de boargemaster in feest oan de hearen froedslju fan Dokkum en oare hearen op it stedshûs, dat yn de nacht op duorre. De oare deis kaam de iene freon by de oare en doe wie al gau de fraach oft se wat genoegen op it stedshûs hân hiene. ‘Genoegen man! toe de toanen út heww' we oans fermaakt, want as 't fergeefs is tast elk maar toe, en om tien uur, ken 'k jou segge, doe sprongen wij allegaar as reigers, so fermaakten we oans.’ In echt Dokkumer fermaak, netwier? Joukebier is swiet bier.
Foar in lyts fetsjefol rum bringt de sindeling in neger mei syn hele húsgesin ta it kristendom. En foar in okshoofd drank ferkeapet de neger syn wiif as se net doge wol. Soene 'en hjir gjin wêze dy 'er in okshoofd op ta joegen? Mar nimmen het mear de krêft fan it joukebier toand en syn fortún dêrmei makke as Loadewyk Napoleon yn Frankryk. Allerhande feesten joech er wol twa jier lang oan de soldaten en de offisieren traktearre er goed op oar joukebier, ik wol sizze op sjampagne. En dat het dy útwurking hân dat er mei de Frânsken en Frankryk docht wat him bêst oanstiet.
Mar wêrom is joukebier sok swiet bier? Foarearst omdat de minsken lykas de miggen dranksuchtich binne fan aard. Ten twadden omdat de begearlikheid 'ermei by komt, en dy it foar himsels begruttet, dy sûpt as er it fergees het. Mar ten tredden, it is in ferearing