godstsjinsthaat en dy wurdt oanfitere op alle manieren, sadat as it net stuite wurdt, 'er in bloedbad út geboaren wurde kin.”
“Dan wou ik wel dat alle Russen in de Donau verzopen. Dat was tenminste nog een zachte dood, en daar kraaide geen haan meer naar,” sei de dokter.
“Porsys dokter,” sei de koaiboer, “want reden wêrom in hoanne kin Russen noch Turken út elkoarren. Dy freget net fan wat naasje dat men is, mar dy him in stik tsien tolf froulju besoarget en altemets in kropfol hjouwer of koarn, dat is syn bêste maat. Mar dat fersoenen en ferjaan dêr kin beide net folle fan komme, want reden wêrom sy sille net opnimme wolle. Porsys as wy soms fan jins drankjes ynnimme moatte dy jo jouwe om bêstwil om ús te genêzen. Dêr kokhalzje wy al danich tsjinoan, want reden wêrom hja smeitse porsys as roet en sâlt mei smoarch wetter oanmingd, en as 'er sa'n leppel trochrekke is, dan rint jins de grize oer de grou, en wy sette in gesicht porsys oft wy mei it gat op in hikkel sitte. Mar it komt fan 't hûnewinskjen net dat de keallen stjerre. Dat is in gelok foar de Russen, dokter, en hoe soene jo der al dy minsken ta krije om yn de Donau te springen?” “Dat kan mij niet schelen hoe een boer daarover denkt. Jullie weet niet van de politiek. Ik herhaal het: ik, als ik het gehele Russische leger in de Donau konde jagen, ik zoude wel met vooraan willen om het te doen. Dan waren wij van dat canaillepak af. Maar sapperloot, daar komt mijn vrouw aan. Vlug de fles onder de tafel en de glazen in de zak.” “Goedenavond, buurlui,” sei de juffrou, “kom, nou heb je een mooi gezelschap. Dat staat mij beter aan als alle avonden in de herberg. Jou moete de heren een glas wyn geve. Daar is de sleutel” en doe gong juffrou yn in oare keamer. Doe waard Piebom weiberge, in gleske reade wyn foel doe noflik en koel yn dy lichamen, dy al hjit wiene fan de polityk en de soopjes.
“'t Is moai waar mei juffrou hjoed,” sei dominy, “der is har wis wat goeds oerkomd.” “Porsys,” sei de koaiboer, “want reden wêrom hja is om de deale alle dagen sa rynsk net. Mar ien ding liket my nuver ta fan dokter: net bang te wêzen foar honderttûzend Russen, en wol foar syn âld wyfke, dy neat ta hat foldwaan het as in kweaden eamelbek en tsien feninige neilen. Want reden wêrom de flesse moast dalik onder de tafel, en doe sieten wy as trije ondogense jonges dy oan it hôfsjongen west hiene, sa nuet as hinnepiken, en dokter seach sa bedeesd as in diaken yn 't hekje.”
“Ja man,” sei de preker, “dokter is sa wreed net as er him foarjout. Oer twa jier het er myn dochter onder hannen hân oan de sinkingskoartsen. Moarns om fiif oere kaam er al by ús rinnen op toffels mei de sliepmûtse op. Hy hie rêst noch doer, sa'n acht kear deis seach er nei har, druven hrocht er út syn tún, oranje-appels liet er út de stêd komme, en doe de sykte in kear naam en doe de skieding kaam, doe wie er krekt sa bliid of it syn eigen bern west hie. De triennen stiene him yn de eagen, ik ferjit it noait.”
“En ik ook nooit. Dat was een triomf voor mij, en ik moet het bekennen dat ik in die gevallen wel wat weekhartig ben, maar iemand zegt wel eens iets in drift en als er een slokje bij komt, dat boven het hart omgaat.”
“Porsys dokter,” sei de koaiboer, “want reden wêrom as in minske mar in heal stikje yn het, dan mist er al in heel stikje fan syn ferstân. Ik bin sels weakhertich, ik haw fan myn leven wol honderttûzend einefûgels de nekke omdraaid yn de koai, mar dat is myn bedriuwen dêr ik fan libje moat, en dochs: it griist my altyd, koartom, ik bin bang foar deameitsjen. Dêrom woe ik oan dy Turkske oarloch in oar ein meitsje.”
‘Laat dan uw plan eens horen, dat zal wel boerenpolitiek zijn, dunkt mij,’ sei dokter.
‘Porsys dokter, boerepolityk, want reden wêrom ik bin in boer. Omdat dy rûzje bestiet tusken de keizer fan Ruslân en de sultan fan Turkije, sa tocht my, wie it mar bêst dat dy twa it ek mei-elkoarren ôfmakkene. En dan woe ik yn in bosk hjir of earne twa iken beammen opsykje mei sterke tûken, dy twa hearen sels in learen gurl om de middel dwaan mei in ring 'erachter yn. Dêr woe ik in tou troch dwaan en hingje har sa oan in sterke tûke elk yn in beam, sawat porsys fjouwer foet fan de grûn ôf, want reden wêrom as hja heger hongen en it tou briek ris, dan koene hja earmen en skonken brekke, en dat