| |
| |
| |
It oardeel fan minsken oer minsken
Bestuurders en medeleden van dit Departement, geachte beminnelijke vrouwen en gij allen die mij uwer aandacht waardig keurt, geachte hoorders en hoorderessen. Hedenavond de laatste onzer genoeglijke winteravondvergaderingen had ik wel gewenst, door een geestig stukje deze avond luister bij te zetten, maar de droevige toestand mijner huiselijke betrekkingen hebben mijn geest zodanig terneergedrukt, dat ik mijzelf niet heb kunnen voldoen. Wijt het dus niet aan mijn wil wanneer dit met ulieden ook het geval mocht zijn, en schenk mij verschoning wanneer ik niet aan uw verwachting voldoe.
As men de geselskippen fan de minsken ris trochrint, dan is de foarnaamste tydkoartinge dy men dêr fynt, it oardeel oer oare minsken, oer har sizzen, tinken, en dwaan; en de resinsinten dy fan mannich skriuwer sa fier onder de grûn winske wurde as in hazze yn in dei rinne kin, dy de earme auteurs en de boekdrukkers faak it brea út de mûle stjitte, koartom: dy de goede namme fan immen yn de pin drage, dy hoeve net te bragearjen op har macht en oansjen, want al ús geselskippen dêr rookt, praat, iten en dronken wurdt, ja sels ús earsame kreamfisites dêr se yn-eltsoar-om toatsje as in keppel gies dy de garre ontflein is, koartom: alle minsklike byienkomsten binne skoallen fan resinsinten. Us deftige Nutsgeselskippen binne it sels, dêr de sprekker foardat er in wurd sein het, al beoardele wurdt, en it Neinut is de resinsint der resinsinten. Yn de tsjerken, dêr gelokkich mar ien it wurd hâldt, dêr oardele de minsken al mei har gedachten, net allinne oer it preekjen fan de man dy op 'e stoel stiet, mar oer de ljuwe dy nêst har of oer har sitte. Dy tinkt: dêr sitste no, no makkeste dy wer skjin. Hie ik myn twahondert gûne werom dyste my ôfset heste. Dy tinkt en oardeelt oer de grappen dy er mei syn oerbuorman hân het, dy dêr sit te slûgjen, en sit mei in glim op 'e troanje yn de earnstichste preek, dy him op it gemoed taaste moast. En it oardeel dat feinten oer fammen, en fammen oer feinten yn de tsjerken meitsje, dat lit ik oan jimme eigen oardeel oer. Jimme binne jong of jimme binne it west, en as twa eagen soms dêr mette, dan binne de herten, ja yn 'e tsjerke, mar út de preek. It is jimme skuld net, dominys! De natuer is sterker as de lear. Al preekje jimme noch sa stoef, jimme kinne him wol út de stoel preekje, mar net út de tsjerke.
Oer dit oardeel no fan minsken oer minsken, dêr wol ik it no jûn ris mei jimme oer hawwe. Ik wol it gjin redefoering neame, mar in Nutspraatsje, en ik sil it mar yn it Frysk dwaan omdat my dat wat gledder ôfgiet as it Hollânsk, en meast jitte omdat in dame dy hjir de minste sieraad fan ús geselskip net útmakket, 'er my sawatte om fersocht het.
It oardeel fan minsken oer minsken is onderskeiden, myn freonen, nei de jierren dy de minsken hawwe, fan manljuwe oer froulju en omkeard is twadderlei, it aard en temperamint fan de minsken makket it ek oars, mar de libbensaard en it lân dêr de minsken yn wenje makket ek dat dat oardeel wakker ferskeiden is. Mar meastal rint dat oardeel op lekskoaierije út en dat is ongelokkich, bysonder as it fan riken oer de earmen en fan earmen oer de riken giet.
Foarearst oardelet in jong minske oars as in âld minske omdat syn gestel flugger is, en it bloed him rêder troch it liif jaget as in jierrich minske, mar mear jitte, omdat er sonder onderfining sprekt. It is wier dat de geest fan in jong minske flugger en syn oardeel skerper is, hy het mear geestige ynfallen, mar dêrom is syn oardeel ek iensidiger. Dat wisten ús âlde earlike Germaanske foarâlders ek wol, dat wiene heidens, mar hju hiene deugden dy folle fan har kristlike efterbernsbern net betrachte. Mar de oarloch dat wie har libben, har prysters, har froulju sels, setten 'er har ta oan (no dêr sit no soms jitte genôch kriich yn) en by dat folk wie it sels net earlik as hja op har eigen bêd stoarene, mar yn de kriich troch it stiel fan fijanden te stjerren dat wie sa as men it no seit, it bêd fan eare, hoewol ik foar my leaver op in bultsek stjerre wol as it wêze moat.
No ferhellet ús Tacitus dy oer ús foarâlders skreaun het, dat se as hja fan plan wiene om har partij op it baitsje te spyljen, dat is as se har fijanden de kriich oandwaan woene,
| |
| |
dan hâlden se in kriichsrie, dan sopen se sterk bier út grutte kowehoarnen en as se har gestel dêr fiks mei opfizele hiene, dan die elts in útstel hoedat se de kriich onderwine soene. Dan spriek elk as it syn bar wie rjochtút syn miening en dat waard onthâlden, mar de oare deis as de rûs út wie, kamen de âldsten wer by eltsoarren en dy namen út al dy útstellen fan dy healdronkene koppen mei in bedaard sin de bêste ta in beslút.
In jong minske is furdiger yn it oardeel oer oare minsken, mar ek yn de ferachting. As 'er immen tsjin de wetten, tsjin de seden of gebrûken misdien het, dan seit in jong minske al gauris: soe men sa'n ien net giselje en brânmerke, fuort mei sokke! Mar in jierrich minske seit sêft: jonge! ik haw noait folle ljuwe better wurden sjoen fan bruien, mar wol dôfhûdiger. Do witste wol waste no biste, mar net wa ofste oer fiifentweintich jier wêze silste, hâld dyn warden thús. 't Wie dêrom by it âlde folk fan Israel it gebrûk dat se de âldsten fan it folk as riedslju yn saken fan belang oanstelden. En jitte yn de hoalen fan de Groenlanders dêr 25, 30, ja 40 minsken har earmsillich libben te'n ein bringe onder de grûn, en dy by har robbetraan en droege fisk krektsa fernoege binne as wy faak, dy deis ite kinne wat wy nachts drome, by dy earme ljuwe binne de âldsten de baas, omdat har oardeel riper is troch onderfining.
It libben fan hele folken is as it libben fan in ienich minske: se hawwe har bernskheid, har folwoeksenheid, har âlderdom, en faak jitte har twadde bernskens. Doe de beskaafde folken jitte yn har earste bernskheid en jongesjierren wiene, hoe grousum wie it rjocht, sa as men it neamde? Hingjen en barnen, rabraken en op it rêd setten wie sawatte de justysje doetertiid. It wie it oardeel fan in opslûpen jonge dy yn grammichheid alles ferskuorde wat him tenei kaam.
Mar om rjochtfeardich te wêzen moat men ek sizze dat it oardeel fan in âld minske oer de minsken iensidich is. As in minske jong is dan hinget de wrâld lykas men seit fol fioelen, der leit om sa te sizzen in ferguld oer alles, mar as de minske âld wurdt, dan ferdwynt dat ferguld, hy keart yn himsels en no sjocht er nije manearen en gebrûken, hy sjocht dat jonge minsken him foarút geane, en hy priizget neat as wat 'er wenst is en syn oardeel oer de minske wurdt skerp. Dêrby komme de gebreken fan de âlde dei en neigelang dat de minsken jierriger wurde en minder, wurdt alles ek minder yn har eagen. It giet har as it âlde dove wiif dy klage dat alle klokken fan 'e slach wiene en as har hoanne kraaide dan sei se: ja Bokkeman, do wurdste al minder, doe 'k dy krige doe kraai'ste jitte, mar no gappeste mar.
Wy wiene 'er no oan ta om in wurd te sizzen oer it oardeel fan de mânljuwe oer de froulju. Dat is in slim kapittel, want it giet mysels en jimme ek oan, freonen. Folle mânljuwe beskouwe de froulju as grutte bern (no hja binne soms boartlikernôch). Dat sizze de mânlju as se onder elkoarren sitte, mar hju stelle harsels oan yn hûs as bern, en litte har troch de froulju liede as in sulle fan in keuning troch in minister. Koartom, men kin in húshâlding folletiids beskouwe as in keuninkryk dêr it rykswapen in frouljusrok is, dêr de man it ministearje fan bûtenlânske saken, en as it goed giet fan de finânsjes ek bestjoert. Mar dêr de ministearjes fan binnenlânske saken en fan justysje en wettersteat oan it wiiftabehearre en dêr de bern sawatte de earste amteners binne dy weinich ferrjochte as dat se de boel mei ophelpe, en dêr de boaden de lytse amteners binne, dy onder strange oarders sitte, dêr folle fan easke wurdt, en dy it minst betelle wurde. Dat is sa te ferstean, dat de man oer syn affearens giet en oer de jildsaken syn soargen gean lit. En it wiif it behear binnendoar oer alles het, ek oer de wettersteat, dêr se alle wiken mei de joadesabbat freedstejûn as de stjerren oan de loft komme, mei wetter begjinne te eazen en te klitsen oan de sneintejûn ta, dat de mânljuwe bliid binne as se simmerdeis op in souderke of winters yn in puoskokentsje of fjoerherne bûtendoar har foar dy wettergjalpende buien ferskûlje kinne. En it meunster fan justysje dat is it âlde pelsrjocht, dat se krige hawwe doe Adam de earste beet yn de apel die. Ik sil swije fan de grutte fersoendagen, nammentlik it húshimmeljen. As men dêroan tinkt, dan soe jin de grize oer de grouwe rinne.
| |
| |
Mar no it oardeel fan de mânljuwe, dat woene jimme wite, freonen. Wy sille no net prate oer de jonge lefferts dy in swevelstok foar in skearmês brûke, en dy har sinnen oan in jong frommeske ferslingerje. As dy sa'n jong skepsel op 'e knibbel helje en har yn in pear blauwe eagen spegelje, dy is de spraak al ontnomd. Hju kinne net sizze fan leave, hju sizze mar ien syllabe fan dat wurd, se sizze lea, har ferstân is wei. Wêr soe it oardiel no wei komme? Dêr prate wy net oer, mar sizze mei Gysbertomme: lit dy ljuwe sobje en sabje wyl 't har njuenket [?], mûlket, lêst.
Wy sille net prate oer Turken en Arabieren, dy de froulju beskouwe as se jong binne as blommen dy se ploaitse kinne, en as se âld wurde as in meubel. Noch oer de wylden fan Amearika, dy har behannelje as lêstdieren. Wy binne yn Europa en dêr prate wy oer. No, as ik it dan rûnút sizze sil, dan sis ik dat de froulju it oardeel fan de mânlju yn har macht hawwe. De mânlju hingje oan de froulju as in beantsje om 'e stôk, en as hja it wite wolle of net, hju oardele dat as hja jong binne dan binne it leave skepsels en as se âlder wurde dan wurde it aardige beuzige húshinnen, dy men foar gjin jild misse soe, en as se âld wiif wurde, dêr wol ik leafst net folle oer sizze, want wat frommeske wol in âldwiif hjitte foardat se oerbeppe is?
It oardeel fan de mânlju hawwe se yn har eigen macht, nammentlik salang as se frouljuwe binne en wêze wolle. It wiif hearsket oer de man as in slaaf, allinne mei sêftens. Hja moatte wiif bliuwe, mar as se grenadier wêze wol of huzaar: mis is it, heldhaftichheid en geleardheid misstean beide foar it wiif. Ik wol net sizze dat se fan toeten noch blazen behearre te witen of yn in katswym hoeve te fallen as 'er in hinnepyk stjert, mar in frouminske het natuerlike gaven fan ferstân en geast dy as se dy mar in bytsje beskave, altyd de mânlju by it hert krije, sels bûten de natuerlike oandrift om dy 'er tusken de twa seksen bestiet. Ik haw froulju kend dy men onsjoch hjitte koe, en dêr alle mânlju oer oardeelden: it is in aardich minske. Binne se dêr moai by, dan is it oardeel fan de mânlju wei. Sa, tink 'eroer, freonen, taast elts yn jimme binnenste en sprek as 't gjin wierheid is.
Hoe de dochters fan Eva de mânlju beoardele, sille wy no sjen. En, freonen, it giet de frouljuwe ek al krekt as ús: hju wolle in man hawwe. Is 'er in hinnetaaster dy alle eagenblikken it lid fan de pot optilt om nei it iten te sjen en dy syn leafste beuzichheid is om in reaf jern foar syn wiif út te hâlden of de lytse bern op bêd te bringen, dy wurdt al gau as in jangat beskoud of as in slaaf brûkt. En as dy halzen dan safier binne, dan is it wiif al overste en de man op syn bêst mar korporaal om de berntsjes sawat by de streek te hâlden. Meastal krije de mânlju dan de skuld dat se de teugels yn it begjin fan it houlik wat te slop hingje litten hawwe. Mar de froulju by hynzers te fergelykjen dy op 'e stang riden wurde moatte, dat is te slim. It binne ús skiepkes, mânlju! dy ús tafertroud binne, dy wy hoede en liede moatte. De bekende pater Abraham fan Sinte Clara, alear bychtfader fan de keizer fan Eastenryk, seit yn ien fan syn wurken dat de froulju de hynzers binne dêr de mânlju op nei de hel ride. As dat wier wie, dan kamen de roomske pastoar allinne mar yn de himel mei de âldfeinten. Dy omdat se har sin net krije kinne of omdat se bang fan it onderhâld en beswier fan de bern binne, of om ik wit net wat oars wol, gjin froulju krije.
It oardeel fan de froulju oer de mânlju is ek al neidat se binne. Manlik moatte se wêze of hju doge net by har. Hju sizze en erkenne allegearre dat it har hearen en masters binne, mar in frouminske het altyd in stille neiging, hoe grut dat har achting foar de man ek is, om him om de tún te lieden, by de goede froulju út gutichheid, en by de tsjoede út eigen belang, út de sucht nei it masterskip of om har naadsje te naaien út it jild fan de man.
Dan hawwe de measte froulju de gave dat se tsien wurden hawwe foar in saak dêr wy mar trije foar hawwe en noch oardele se dat har altyd it lêste wurd takomt. Deselde pater Abraham fan Sinte Clara seit as er fan in bekstik fan in frommeske praat, dy neat docht as skelden en razen op de man, en as de man om har it lêste wurd te ontnimmen, har de beide hannen op 'e skouders sette en hy treau har sa mei de holle ûnder wetter, dan soe
| |
| |
se jitte beide hannen 'erboppe útstekke en knippe mei de neilen fan de beide tommen op elkoarren om him jitte foar luzeknipper út te skelden, mei tekens yn pleats fan wurden. Mar pater Abraham dy troch syn stand noait trouwe mocht omdat er pryster wie, het gjin rjocht om oer frouljuwe te oardelen. As hy al de muoiten en al it geduld ris yn acht nimd hie dy in rjochtaarde wiif besteegje moat om de lytse bern op te fieden, en de grutte te lieden en dêrby, om faak in ongemaklik man 'er jitte by te troaien, hy soe gjin Narrenspiegel skreaun hawwe. Mar de sucht om de mânlju om de tún te lieden en in efterdoarke iepen te hâlden, hearsket onder jimme, froulju. Dêrfoar het de natuer jimme ek mei list wapene, omdat jimme tsjin de kracht fan de man net bestand binne, en jimme oardele, dat jimme it rjocht oer de mânlju takomt, beken it mar. Hawwe jimme net in geheime freugde as jimme ús te fiter hawwe of soms de sliepmûtse oer de eagen te lûken as wy al te klear sjenne?
Ik haw ienris eachgetsjûg' west fan de wille fan in partij froulju oer de list dy ien fan har kammeraatskes brûkt hie om in earm skuonmakker yn har net te krijen. It ferhaal is wol watte nuver en it heart eigentlik net yn in redefoering, mar lykas ik sein haw: ik hâld gjin redefoering, mar in Nutspraatsje. Ik stean no dochs yn de praatstoel en my tinkt, it moat 'er no mar út. Ik wol graach bekenne dat ik noait in moai ferteltsje om in leugen bedjerre sil, as it gjin minsken tenei komt of saken fan belang ferdraait, mar it meast om de jûnen te koarten en as ik 'er in neargeestich gemoed mei opbarre kin, dan liich ik sa goed as de âlde hearen yn de treemter fan it Sint Anthonygasthús te Ljouwert tinke doare. Mar dizze kear liich ik net.
Doe ik yn it jier 1818 studint yn Heidelberg wie, is it bard. Dêr wie in soarte fan gasthús, dêr folle earme en ferlittene sloven fan froulju, meastal dy in natuerlik ongelok hân hiene, yn kamen om de kream te lizzen. Dêr hiene se foar wiken in bêste behanlinge op lânskosten, en dan kamen wy as studinten mei in foarnaam prefester by ús om it fak fan de froedkunde te learen.
No wenne 'er yn in pleatske net fier dêrfandinne in frommeske dy by in oar tsjinne, en dêr in skuonmakker om frijde, mar dy twa libbene as man en wiif einlinge. Mar de skuonmakker woe fan gjin houlik wite. Mar as de pot oanbrânde dan beloofde er har te trouwen. Mar dat wyfke, dêr in bytsje mear eargefoel yn siet as yn de baas, tocht 'er oars oer, en betocht in foef dy har ek gelokte.
Hja hie yn de stêd Mannheim in goede kunde oan in frommeske dat in ondogense klitse wie, en dêr spriek se mei ôf dat dy har it bern jaan soe dêr se fan yn de kream komme moast, en dy soe de kream ek lizze op dat gasthús, lykas ek barde. En it tafal woe dat dat wiif twillingen krige. No sei de frijster fan de skuonmakker dat se ek nei de Wâlden moast, en hja stelde har sa kwykwaks oan en hja pronke en skoarte har sadanich op, dat dy leaude 'eroan en omdat se earme ljuwe wiene, dan soe sy mar nei Heidelberg tsjen om dêr op dat gasthús kwânskwiis te befallen. Hja hâlde har dêr no in wike fjouwer fiif ferskûle, krekt salang as dat oare frommeske dat hûs ferlitte koe, en dy joech har ien fan dy berntsjes, in fikse jonge. En no wie de pree foar baas piktried jitte grutter, en it houlik gong dalik syn gong. Mar dat oare wiif skynde dat twade berntsje ek oer te hawwen, en dat lei se op in iere moarne yn in stik boulân oan de wei, dêr in boer it harterke kritende lizzen fûn. Mar dêr dat bern de klean fan it gasthús jitte oan hie, sa kaam dyselde deis de dokter fan dy pleats al mei dat bern by ús. Dy krige dêr fuort in minne, en it kaam ek daliks út, waans it wie. Dat frommeske bekende dalik alles hoe it gien wie. Hju hâlden dat frommeske fêst en de oare deis kamen de rjochters mei har klerken op it gesticht, dêr skuonmakker en syn wiif mei it berntsje ek ontbean waarden. En dêr bekende dat wyfke dat se dat bern net fan de skuonmakker krige hie, mar fan har kammeraat, mar sy hie it krekt sa leaf as har eigen en hja woe it net misse.
Mar doe moasten jimme it bedremmelde gesicht fan dy skuonmakker ris sjoen ha. Hy seach as in jonge dy de draak ôfknipt is, as in hurdsylder dy de mêst oerboard sylt wylst er oan de priis is, nee, hy seach as in ryksskatter dy in ko taslein wurdt en dy by it
| |
| |
slachten goartich wie. Wy laken allegearre ek, mar dy frouljuwe dêr, dy geiden en hoalen it út. Hja soene it minske wol fan de grûn ôftild hawwe. De skuonmakker hie fertsjinne lean, en it oardeel fan de frouljuwe dat se de mânljuwe om de tún liede meie as 't har past, wie yn de heechste mjitte rjochtfeardige troch dit stik.
Mar wy binne troch dit ferteltsje watte fan it paad rekke en ik moat yn de fjirde pleats ferklearje dat it aard en temperamint fan de minsken it oardeel oer har evenminsken ek ferskeiden makket. Minsken fan in fluch en luftich temperamint feroardele earder in oarmâns dwaan, mar ferjouwe him ek it kwea earder. Folle minsken feroardele har evenminsken út in syklik gestel, it binne folletiids ljuwe dy it goede fan de wrâld net preaun mar misbrûkt hawwe, en no wurde it hypokondristen, ferongelokke skippers op 'e libbenssee, dy no yn elke minske in duvel fan dy see sjenne. Mar dy wiis en besadigd fan aard is, dy wikt en weacht eardat er oardeelt oer in oar. Hy betinkt dat ider minske sonder deugd en sonder skuld te wrâld komt, en dat dat begjinsel dat de iene de erfsonde en de oare de dierlike natuer fan de minsken neamt, troch foarbyld, opfoeding, godstsjinst en gelegentheid ta goeddwaan weidreaun wurdt, en by de oare troch sljocht foarbyld en ferkearde opfoedinge ta in mûnster yn de minsklike natuer oandijt.
O, as wy dat betochten, wy soene ús eagen ôfkeare fan alle straffen dy de iene minske de oare oandocht, yn pleats dat wy 'er no by tûzenden as nei in pleats fan lust en wille hinne tsjenne. En as wy de libbensgeskiedenissen fan dy 700 ongelokkige skepsels dy der te Ljouwert yn de kerker suchte, ris lêze koene, en wy seagen dan dat de grûn fan har ynboarst (neigenôch) deselde wie as ús eigen, mar wy lêsden ek de lytse begjinsels fan har ongelok en fal, wy soene ús besauwe hoe gefaarlik wy soms sels west hawwe of jitte binne. Dêrom oardeelt de rjochter ek net, mar de wet is it dy it oardeel útsprekt. It is in oare fraach of wy in oars dwaan net beoardele meie ta ús eigen learinge en ferbetteringe. Dêrfandinne komt it dat lome, sleauwe, flegmatike minsken dy gjin acht op in oar slane ek yn har eigen soch fuortsile, in oar net beoardele, mar harsels ek net, en dat woe ik tsjin de driftigen fan aard oer stelle. Men het stille minsken dy weinich sizze mar in oar skerp beoardele ta har eigen profyt, en dat is better as de roppers en razers, dy 'er alles mar útflappe wat se oer in oar tinke en oardele, en harsels foarby sjenne. Dan is it gjin oardeel mear, mar rabberije en docht it mear kwea as goed.
Einlinge is it oardeel fan minsken oer minsken wakker ferskaat nei it lân dêr se yn wenje, en de iene naasje oardeelt en feroardeelt de oare syn manieren en gewoanten omdat er se net ken of troch in ferkearde bril sjocht.
Us jonge heartsjes om mar watte te neamen, soene laitsje as hja in Turk seagen mei in broek, dêr sy út elke piip ien útsnije litte koene, mar de Turk seit dêrtsjinoer of hy oardeelt sa, dat ús neare klean dy om sa te sizzen om de lidden getten binne, sadat 'er alle spieren en ronfels fan it bleate fel troch te sjen binne, onearbaar binne, en immen neakend meitsje op it gesicht nei, hoewol it ek bestrutsen is. Wy soene oardele dat immen gek wie as er foar in flie dy him in oere lang pleage hie, en dy er einlinge út de tsjustere skûlhoalen fan de ûnderklean weihelle, it finster opskau en him yn de frije loft stjoerde, lykas de Brammen yn Hindoestan dwane, omdat se neat wat libben ontfinzen het deie meie; mar dy minsken sjenne ús foar barbaren en onminsken oan as hja ús koweflêsk iten sjenne, omdat se in ko as heilich beskouwe en it foar in grut kwea rekkenje om in bist dat har by syn libben it lân donget, ploeget en eidet, te slachtsjen en nei syn dea op te iten.
Yn Japan dêr is in folstrekte oppermachtige slaafachtige regearing. Dêr wurdt in amtener dy syn plicht net betracht het, dalik in foet koarter makke, mar as er yntiids berjocht fan syn sentinsje kriget, dan nimt er in skerpe sabel en snijt himsels de bûk op, en dan is syn eare hersteld. Syn geld en goed foel oars as er op it skavot stoar, oan de kroan, mar no net, en syn bern binne yn 'e earste posten fan de steat foaroan. Ja sels as de iene onderdaan in oar syn feint beledicht, dan het de iene it rjocht om him troch te stekken, mar hy moat himsels ek dalik tekoartdwaan, omdat se oardele dat it folle better is dat 'er twa woelige skepsels minder yn de wrâld binne, as dat 'er twa prinsen mei de
| |
| |
koppen tsjin elkoarren oanrinne om de rûzje fan twa amtenaren, dêr by tûzenden fan deahalzen fan komme en dy it ryk soms ondersteboppe keare koene.
Wy oardele dit as in barbaarske gewoante by dy minsken, mar wy moatte har net feroardele. Dêr is in grutte geestdrift foar de republyk, mar ek foar it despotismus en foar de slavernij. De lêste besselt de Japannezen. Har wetten troch har keizers ynsteld binne fan stiel, en hju hâlde har oan it âlde. Hju wite net better. Fan al har wetten, seden en gewoanten is yn 200 jier net ien yn wêzen feroare en dy dingen binne yn de wize fan tinken en oardelen fan dat folk opweefd.
Mar wy hoeve net nei it oare ein fan de wrâld te reizgjen om te sjen dat it oardeel fan de iene naasje oer de oare ferskaat. In Hollander neamt en oardeelt it onfatsoenlik as in Fries jûns in romerke kleare drinkt al kin er wol trije flessen wyn betelje. Mar in Fries neamt it laf as er sjocht dat in Hollander in jong frommeske of in âld wiif in tútsje op strjitte jout as se út in wein of in skip stapt. As in Fryske boer by syn lânhearre komt en hy sjocht in dweil foar de doar lizzen dan faget er syn fuotten ôf, mar in Oeriselske boer út Twente net, dy nimt de hoed op de hân en seit: ‘Dag boas, dat lapken wil ik oe mieden’ en hy stapt 'er boppe oerhinne. Ja, laitsje 'erom, freonen, mar feroardeel de man net. Hy docht it út sindelikheid, want syn fuotten dy dageliks op in liemen flier traapje, binne sa'n skjin stik guod onweardich yn syn eagen.
Hondert sokke dingen soe men opneame kinne, mar it measte ferkearde oardeel fan de iene naasje oer de oare komt út domheid fuort of út in tsjinnichheid dy men oer in folk het dêr men onder komt, al foardat men se sjocht. Sa het ris foar jierren in boer te Wûns west dy it skoan dwaan koe. Dy krige 't ris yn 't sin om in reis te dwaan mei in neef fan him dy in koffe hie. Hy naam in goe' knoarre jild mei, hy droech syn wurk oan de jonges op en hju foeren nei Napels, ien fan de grutste en moaist gelegene stêden fan Europa lykas bekend stiet. Doe er yn de baai kaam en hy seach dy prachtige stêd dêr foar him lizzen yn al syn hearlikheid, en hy seach dy reek boppe ta dy fjoerspijende berch de Vesuvius opstigen, doe sei er tsjin de kaptein: ‘Hjir lizze de kalkovens al heger as te Makkum, net?’ Hy beseach de stêd ris, mar de feroaring wie te grut, fan Wûns nei Napels! Der wiene sa'n freesliken minsken op strjitte, dat er him gau wer nei board joech, en 'er net wer ôfkaam. En dan liet er him in kanne swiete wyn op it dek bringe en smookte syn pypke en beseach de stêd fan bûten. Dêr wie er moaier tocht him as fan binnen, mar doe er werom te Wûns kaam, en hju fregen ris: ‘Wel Roukeboer, hoe het it jo te Napels foldien?’, ‘In moaie stêd’, sei Rouke dan. ‘De pastoars prekene op strjitte en hju hiene oars tsjerken dy hast oan de wolken ta rikten, de earme ljuwe ieten dêr fisktermen op 'e strjitten, hju ferkoften it branhout by it pûn en de bûter by de jelne.’ De wierheid wie dat er de biddelmonniken op strjitte onder it folk praten sjoen hie en dat er de Lazaroni of bidlers macaroni iten sjoen hie. Dat is in moalkost dy se yn lange triedden as pypstallen siede, en doe hie de kok him wysmakke dat it in fêsteldei wie en dat de rike ljuwe as se fisk ieten, de termen oan de earmen
joegen, hy hie it swiethout dat in boer dêr oanbrochte weagen sjoen, en de bûter ferkoften se yn 'e bargetermen, oars koe se troch de waarmte har ontrinne. Sa feroardeelt de iene naasje de oare út onkunde. No wie Roukeboer ek ien dy better op 'e Wyldemerk thúshearde as op it karnaval te Napels. Ik haw 'er ek mar it mâlste foarbyld útnomd dat yn de rommelskuorre fan myn geheugen siet, om it kontrast, en no hjirfan genôch.
No haw ik sa goed ik koe jimme oanwiisd, hoe ûnderskeiden minsken oardele, nei de jierren, nei it geslachte, nei it aard en temperamint, nei de libbensaard en nei it lân fan har geboarte.
Ik sil no jitte in wurdmennich sizze oer it oardeel fan rike minsken oer de earme minsken, en fan earmen oer riken. It oardeel fan rike minsken oer de earmen is meastal net geunstich. De steat fan fernedering dy de earmoede meibringt, grinst sa ticht oan de ferachtinge, dat in rike allicht yn de fersikinge komt om it goede dat er ontfinzen het allinne oan syn eigen dwaan ta te skriuwen, dat er himsels al gau as in wezen fan heger rang be- | |
| |
skout as syn earme natuergenoat. Dêrfandinne sjocht er yn de earme minske neat as de dierlike minske dêr er genôch oan docht as er him fan klean, iten en deksel foarsjocht; mar hy sjocht faak foarby dat it in reedlik wêzen is, ta itselde einde yn de wrâld komd as hy. Mar hoe sil in earme dy nacht en dei prakkesearje en arbeidzje moat om syn dierlik libben hjir allinne te rekken oan it grêf ta, oare geestlike genot priuwe, dat er waarde oan syn minsklikheid hechtet, en dit bestean ta in learskoalle foar in oare bettere wrâld makket? Dêrom moasten se min of mear deel hawwe oan de mear beskaafdere útspanningen fan de riken, sonder har 'ermei gelyk te meitsjen. De hegere klassen, mei ien wurd, moasten 'er har mear op talizze om yn de seedlike behoeften fan de earmen te foarsjen sonder har lichaamlik te ferjitten, want dan dwane we krekt as in prefester yn de godgeleardheid dy syn turfdragers as de sjou dien wie, yn pleats fan in hertlike slok in kristlik traktaatsje yn de hân stoppe. Wa tinkt hjir net oan it patronaat oer de earmen?
It oardeel fan de earmen oer de riken is, dat de riken alles besitte wat de wrâld goeds jaan kin. Sy begripe net dat 'er soargen oan fêst binne dy sy net kenne; 't is dêrom dat se alles fan de riken foarderje, en dat se meast gjin hân útstekke wolle as it net dalik mei de gekruiste penning betelle wurdt, want de dankbaarheid is ongelokkich net folle fierder rikkende as it eagenblik rikt fan de gave dêr er foar betoand wurdt by de earmen. Sa as altyd sprek ik yn it algemien, oeral binne útsonderingen te'n goede. Dêrút ontstiet dat de rike oeral siket om foar it minste jild it measte wurk dien te krijen, en de earme omkeard. De hear is no net mear de woldwaner dy de arbeider brea jout, mar de tiran dy him útsûcht, en no docht dy syn bêst om it heechste lean te krijen en it minste wurk te dwaan, en dêrfandinne al dy oproeren ûnder de arbeiders fan publike wurken en al sok folkje lykas men no jierliks yn de kranten lêst.
De earme minsken beseffe te min dat hja ek foarrjochten hawwe, mear as hjasels miene en wite, en omdat se dat net wite, beskouwe se harsels as ongeloksbern en de riken as de gesegendste fan dizze ierde. Ondertusken skine de riken faker mei it libben ferlegen te wurden as de earmen, want selden sil in earm arbeider him tekoartdwaan, mar wol smoarrike minsken.
No sil ik jimme ris foar it lêst ferhelje dat in minske oer de minsken nei de skyn oardeelje kin. Dat kaam in siker boer twaris op ien dei oer. Hy stie yn de simmertiid op in sneintemoarne foar de doar, en doe kaam der in hear en juffrou oanstappen, pronkemoai, de man in swartrok oan en in hoed op 'e holle dêr de glim jitte op lei. Doe gong er yn 'e hûs en doe sei er tsjin 't wiif: ‘De grytman kriget hjoed ek iters! Der is al in hear en juffrou hinne gien, pronkemoai.’ Mis boer, jo oardele nei de skyn. Dy hear en juffrou dy dêr hinne geane is in earm skroar út de stêd mei syn wiif. Dy geane nei in boer dêr hja in kerweike foar hân hawwe om wat jild, en in goed miel iten dat se thús net bekomme kinne, en dy moaie glimmende klean binne sneontejûn ut 'e lommerd komd en dy geane 'er moandei wer yn by wolwêzen.
De jûns soe er út te jûnpraten nei syn buorman. De moanne skynde, mar der lei in tsjokke dauwe op it ierdryk, en no kaam er tichte by it hûs en dêr seach er de boer syn heit dy al seis wiken dea west hie, oer 'e hikke hingjen lykas er by syn libben ek folle die. Hy rûn dalik ferskrikt werom, nei syn wiif ta en sei: ‘Dêr haww' we it al, dêr hinget Oeblom al oer 'e hikke, ik tocht it al, want hy hie begeard dat er bôlen fan him jûn wurde moasten en dat is net dien en no giet er om.’ It wiif glimke en sei: ‘Oardeelst 'er sa oer? No ik oardeel datsto in gek biste en dat dat spook in âld hynstekop is. Dy dangelt dêr altyd op dy daam om.’ En doe 'er mei har beiden hinne en it wie wol sa.
Mar it oardeel fan minsken oer minsken falt noait briker út as dat it oer jild giet, want jild kin yn in lyts hoekje, hele slompen kinne yn in doaske. En dêrtsjinoer kin der folle staasje en swee makke wurde foar in bytsje of foar neat of foar in oarmâns as it kredyt 'er mar is. Nearne bedrycht it oardeel mear as hjir, dêr wyt ik in set fan.
Der het ris in smid west dy folle wurk by in grut hear hie, in man dy in grut amt hie, dy yn in hege steat libbe en dy alleman, wize en domme, riken en earmen foar ryk hâlden.
| |
| |
Hy betelle de smid ek feardich, sadat baas wol nocht oan mynhear syn wurk hie. Mar einlinge sei er tsjin de baas: ‘Wy hawwe no yn twa jier net rekkene, en no past it my net, mar my tochte baas, jo moasten dat jild ris by my oprinne litte. Ik sil 'er jo yntrest fan jaan, mar ik jou net mear as trije persint, want ik wol it ek wol misse, mar my tocht, dat koe bûten it wiif omgean, en dan hiene jo op jo âlde dei in aike yn it nêst.’ ‘Noait koene jy it better betocht ha’, sei de baas, en dy smeide mar fuort en wie bliid as dy hear wurk foar him hie, want dat jild, oardeelde er, stie yn de bank.
Tenei kaam dy hear ris by de smid rinnen en doe flokt' er, doe wie 'er in izer oan de wein brutsen, en dêr joech er baas de skuld fan. ‘Goed is it makke, mynhear’, sei de baas, ‘mar ik sit net yn it izer, dêr kin wol it ien of oare oan mankearje dat ik net sjen kin.’ ‘Wat duvel, in man dy fan jonge ôf foar it fjoer en oan de pûster ferkeard het, kin dy jit gjin izer? Dan skeelt it jo oan 't ferstân, baas.’ ‘Wat’, sei baas, ‘oan 't ferstân? Sis my dat net. Ik woe wol dat jo myn ferstân soms hiene en ik jo jild.’ ‘Dan hiene wy beide neat,’ sei de hear. Hy kearde him om, en gong fuort. De baas tochte: ‘Ja, dêr stâlt er wer in tige leugen.’ Mar ienige dagen dêrnei dêr boarste it aai, en dat stonk: mynhear fuort, bankerot, en skulden oeral by de geleardste en rykste en foarnaamste fan it lân en baas smid siet 'er ek al yn mei in lytse tûzend gûne. Hy hie oars altyd fan oardeel west dat dy hear wol in kuolbakfol goudstikken hie, mar dy soen' 'er no wol noadich wêze om it gat te dammen dat er makke hie. Koartom, de hear hie wierheid sprutsen. Baas hie nei de skyn oardele en wie bedragen.
Mar nearne wurdt men mear mei bedragen as dat de iene minske de oare nei it uterlik oansjen oardeelt. Dy 'er dom en onhebbelik útsjen, sitte fol geest en moaie ljuwe falle faak ôf as se de mûle iepen dwane. Dêr wyt ik in set fan dy foar jierren ris te Ljouwert yn in herberge foarfallen is. Dêr sieten op in merkedei ferskate hearen te iten. Onder oaren wie der ek in Hollander dy de mûle gong as in lazarusklep, en dy frege alleman wat se wiene en wat se diene. Under oare siet der ek in foech mantsje, onnoazel fan troanje en nederich yn 'e klean, dy sawat dûkelhalzich wie, mar dy lytse fûleinige eachjes yn 'e holle hie. Oars seach de man 'er dea-ienfâldich út. Dy Hollander frege him ek wat er die. Hy die negoasje yn beesten, sei er en wie fan Dokkum fandinne, sei er. ‘Aha, Dokkum’, sei de Hollander, ‘een stadje als Kampen omtrent, nietwaar?’ ‘Dêr haw ik noait west’, wie 't antwurd. Doe frege dy Hollander him as er yn allerhande fee die. Ja, wie 't antwurd. Doe sei de Hollander dat hysels in been wie, sa as er hjitte, of er him ek keapje woe? ‘Ja’, sei de Dokkumer, ‘mar folle jaan ik net foar jo, want as ik jo yn 't besit krij, dan moatte jo arbeidzje, en nei 't my taliket, sa kinne jo skoan ite en prate en sokke hawwe folletiids Evert op 'e rêch as 't oan 't wurk takomt.’ No, de keap gong troch foar f500, sa 't hjitte, mar hy wie syn eigen man net, hy moast noch fiif jier onder de skutterij tsjinje en dan soe er himsels leverje. Meïïen akkoarte er by dat dy de keap briek, dy soe seis flessen wyn oan 't geselskip jaan. Elk oan tafel lake om dat plan en hju hiene op har manier dat Dokkumer mantsje te fiter, ek al omdat er in Dokkumer wie.
Mar dy Dokkumer man siet tichte by it fjoer en dêr treau er stil de tange yn, en doe dy fiks gleon wie, doe nimt er dy tange yn 'e hân en mei in onnoazel gesicht grypt' er dêrmei nei de noas fan de Hollander, en dy sprong ferheard fan de stoel, en sei: ‘Ben je beseten, kereltje? Het schort je in je bol, geloof ik!’ ‘Welnee,’ sei de keapman, ‘mar as ik wat keapje, dat merk ik altyd, al myn bisten set ik in merk op, en jo soene dêr fiif jier rinne sonder merk, dan mochten jo my ontgean.’ ‘Ik heb de droes van jouw merken,’ sei de Hollander. ‘Dan is de koop út, dan kin jy mei beteljen frij,’ sei de Dokkumer. En de Hollander joech seis flessen oan it geselskip, en doe hearden se earst dat 'er efter dat onnoazele Dokkumer gesicht mear brein siet as trije sokke Hollanders mei-eltsoar hiene. De skyn bedrycht.
Oardeel no oer my sa jimme wolle, mar oardeel net te string, want it wie oannomd wurk, en dan giet it wolris watte roerich ta, lykas jimme wite. En no is it út.
|
|