Jurjen mei de leppel
Boer Jurjen wenne yn Duerswâlde;
It wie in boer dy splintom hie
En dy him oan de leppel hâlde
En ek in feardich iter wie.
En dêrom droech er yn syn bokse,
As wie 't in ivich servitút,
In grutte leppel by de hokse,
Dy aardich foege nei syn snút.
Want sjoch, hy hie in toet as fjouwer,
Dy rûn oan beide earen ta;
En molkenbrij mei groat fan hjouwer,
Dêr koe hy fiifmansmiel fan ha.
En 't wyt fan d' eagen liet er kypje
As boerom yn de beane biet.
In goed heal lepsen koe er hypje
As hy der mar ris fiks ta siet.
Syn sulverheften mês dat toarke
Al meast sa yn syn kiste om;
En och, syn bêste stielen foarke
Dêr skrabe baas de pot mei om.
En prat' it folkje yn Duerswâlde
Fan Jurjenboer syn núv're sin,
Hy sei: ‘Ik wol myn leppel hâlde,
Salang as Jurjen ite kin.’
‘Ik wol gjin mês of foarke brûke.’
En sei 'er ien: ‘Wel, dat is raar!’
Dan sei er: ‘Wel, rin om 'e stûke!
Ik haw ommers dochs myn eigen kar.’
Mar it is droevich om te hearren,
En 't wie ek fan syn dokter dom;
Want och, syn leppel die him 't stjerren,
En dochs dêr skriemde nimmen om.
Want o! hy krige in lilke sjochte,
En dokterom dy joech him guod,
It smakke heislik en hy tochte:
‘O! Jurjen, Jurjen, no moatst fuort!’
De boer hie grauwe earten iten,
En dêr wie twa pûn spek by dien,
En dêr in komfol smoar oer smiten,
En dat siet hurd him as in stien.
De dokter sei: ‘Gij moet purgeren,
Dat spek en erwten moeten voort:
Om 't uur een lepelvol proberen!
't Is een purgatie so 't behoort.’
It drankje moast in dei twa duorje,
Mar mei in heal dei wie 't 'eryn,
En hy koe hast nin oere tuorje,
Doe wurk' it drankje as fenyn.
‘Toe, helje gau de dokter harren!’
Syn wyfke keffe as in teef.
De dokter sei mei folle swarren:
‘Dat was geen lepel, 't is een sleef.’
‘Had ik doe maar een braakdrank geven,
Dan was de hele boel 'erút.
Maar, nu, nu kost het hem sijn leven!’
En ja, de dea wie it beslút.
Mar mês noch foarke mocht men brûke
Op it grutte leedmiel nei syn dea,
En krintebôlen net oan rûke,
Of skinke, tsjiis, noch bak, noch brea.
Mar âlderbêste grauwe earten
En mei rezinen dêr noch by.
En it leedmiel waard yn 't ein besletten
Mei in moddertsjokken rizenbrij.
En wa dy oait syn leppel miste,
Us Jurjenboer dy mist him net,
Want sjoch, hy kryg' him yn 'e kiste,
Sa waard hy yn de ierde set.
Grou, 6 febrewaris 1855
|
|