Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sy, dy de dierb're namme droech Sy, dy de dierb're namme droech, Fan har dy my it libben joech, Dy kin ik net ferjitte. Myn Riurtk mei sa'n fyn skerp ferstân, In pronkstik fan ús doarp en lân, Moast ús sa jong ferlitte. O neatich soargjen, yd'le wrâld! Mei kommer wurdt men griis en âld. Dat bern sa dierbaar foar myn herte Stie op de spitse fan har hoop. In berntsje baard' s' earst mei smerte, Doe har de kâlde dea bekroop. Ferlitten wie har wenning no. Har man, yn need en dea har trou, Siet ienlik dêr te treuren. Stom wie har súv're sulverstim. No klonk gjin moaie sang foar him Om 't herte op te beuren. Ik hear jit nachts dy melody Mar dy bliuwt ivich my benei, Mar bliuwt in drôv'ge hope! Vorige Volgende