Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende 'k Haw him as jong'ling kend 'k Haw him as jong'ling kend, Sa edel fan manearen, In byld fan molk' en bloed, De blom fan Fryslâns hearen. 'k Haw him mei eed'ie swier, Mei krêft'ge Fryske spieren, As 't pronkstik fan de jeugd, Oer 't glêde iis sjoen swieren. Yn lâns fergaderseal Ferhefte hy syn stimme Tsjin onrjocht en geweld, Mei wurdichheid en klemme. Syn gong wie keuninklyk, Syn eed'le taal fol staasje Naam alle herten yn, Wie deftichheid en graasje. Wa heucht it jitte en seach it iens Hoe hy oan 's keunings side Fol glâns en majesteit Ald Ljouwert binnen ride. In âlde eed'le Fries, Sa nommel en sa deftich, Foar 't heil fan 't Fryske folk Yn wurd en wurken krêftich. De laster meits' him swart. Stean op de heechste triemmen, Dat spook stiet altyd klear Om de eare wei te nimmen. Ien ear jout him dochs elts, Hoe ek de niid faak loerde Dat Fryslâns ear en heil Syn dwaan en litten stjoerde. Vorige Volgende