Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De grytman Ik woe wol dat ik grytman wie, Sa'n amt stiet my wol oan. Dat baantsje is ek gâns net swier, En it fertsjinnet skoan. It rjuchthûs sit 'er hearlik op, Men smookt en drinkt 'er ta. En jout mynhear in foarstel op, Dan seit d' assessor: ‘Ja!’. Wol er leaver swije, Nigen is faak genôch. O, wat binne dy hearen Baargen oan 'e trôch. Har feinten haww' s' ek goe'keap, Want d' earme gritenij Jout jild en dan noch op 'e heap In moaie liverei. En het mynhear it podagra, Is by fan reizgjen frij, In rinner bringt de brieven ta, Dy skikt de gritenij. Wol mynhear út jeien, Boeren sjaggelje mei. Wa lykje dy sloven? Lammen oan 'e wei. En wol mynhear it wurd ris dwaan, En falt it praat him swier, Siktaris het er by de hân, Dat is syn offisier. En is 't ferstân net al te grut, Is him de saak net klear, Dy leit him alle dingen bleat En sprekt mar foar mynhear. Fjirtjinhondert gûne En sa'n tsjerkfâdij Is in akkefytsje, It komt 'er aardich by. Mar komt er soms jit wat tekoart, Hy skriuwt in omslach út, En of de boargerij al moart, Beteljen is 't bestút. Wêr, sis my, is yn 't hele fjild, Sa'n hear as grytman is? Wa komt sa maklik oan it jild? Net ien, dat is gewis. Kom, myn goede Friezen, Ofskou en swij. Wês no mar tige fleurich, 't Sjongen is dochs frij. [pagina 550] [p. 550] 'k Woe dochs net dat ik grytman wie Fan 't brea fan d' earme man, Sok jild misgun ik him gjin hier, De flok dy kleeft 'eroan. Sa'n hûnebaas fan 't heech bestjoer, Op it lâns tichelwurk, Is 'er by alle Friezen oer. Dy heart no by de Turk. Lied no mar de klokken, Alde gritenij wurdt In blide deade, Sa sjonge wy. Vorige Volgende