Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 549]
| |
Wêr it kleare wetter skolpert,
Is myn hert en is myn skat,
O sa fris, o sa fris!
Op 'e weagen, op 'e weagen,
Op 'e weagen moat ik ris.
As de gleone sinne bleakert
Op de Brune wetterpoel,
Sêft en stil, sêft en stil;
O myn sinnen, o myn sinnen,
O myn sinnen binn' sa til.
As de jûnstjer leaflik flikkert
Mei in wjerskyn gol en blier,
Yn de mar, yn de mar,
Tink ik fleurich, tink ik treurich
Jit oan har.
As de lytse reidmosk tsjottert
Yn de stille simmernacht
Karrekyt, karrekyt;
Al myn wille, al myn wille,
Al myn wille bin ik kwyt.
As wy jûntiids fleurich roeiken,
Hoallefoallen mei elkoar,
O hoe rom, o hoe rom!
Heil'ge jûnen, heil'ge jûnen,
Heil'ge jûnen, kear werom!
Slacht de oere dan fan skieden,
't Hert fol weemoed en beswier
Sucht en smacht, sucht en smacht;
Leave freonen, leave freonen,
Leave freonen, goede nacht!
Grou, de 20 sept. 1846 |
|