Gysbert Japix' grutte namme
Gysbert Japix' grutte namme
Haw ik oan myn skipke jûn;
En de priis dêr elts op flamme
Ek mei glâns en gloarje wûn.
Ear'n fleach Gysbert mei syn pinne
Op de wjukken fan 't ferstân,
No oer Fryske marren hinne
Brûst er, sylt er as de brân.
Op 'e Snitser mar is dizze priis [in sulverentabaksdoaze] wûn mei it jacht Gysbert Japicx, de 20 augustus 1844 troch doctor E. Halbertsma