As de wite flokken fleane
As de wite flokken fleane,
Sil 't oan sang en swiete reden,
Ek oan brandewyn net stean.
Sa spriek Jouwert tsjin syn Aachje,
Aachje sei: Myn bêste jonge,
Dan kin ik noch do net sjonge,
't Eanget my en drukt my sa.
| |
Hert, myn hert, hoe no te riede,
Hert, myn hert, wat is 'eroan?
Hoe is 't dy sa flau te moede,
Is 'er wat, dat God ferhoede,
Sis it leaver hjoed as moarn.
Och, ik kin it net útsprekke,
O, it twingt my sa om 't hert.
Stean net oan mei fraach en bidden,
't Leit my sa swier op 'e lidden,
Krekt as immen dy gau stjert.
Moat ik yn de grûn fersinke,
Aachje, sis, wat is it dan?
'k Haw ek wat op 't herte lizzen,
Mar do moatste earst oan 't sizzen,
En dan sis ik it, myn bern.
Aachje sei: Ik frees, myn Jouwert,
Dat gjin iis yn 't wetter komt.
En dan koene wy net ride,
Oer de gledde wetters glide,
Hâldst my dêrom yn de pikel,
Nee, ik hie in oar beswier.
'k Freesde, mocht 'er winter komme,
Dat dyn hert foar my ferklomme,
't Fammehert dat is net swier.
Dêrom, lit ús no mar trouwe,
'k Bin dat lange frijen sêd.
Leaver as op 't iis te fljochtsjen
En te keamer, fij! dat fjochtsjen,
Geane wy tegearre op bêd.
Trouwe mar, rôp Aachje Lefferts,
Trouwe mar, dan wurd ik frou.
Mar 'k wol dêrom ride, ride,
Ta'k'me jier! licht yn de slide,
Of ik sit oan 't widzetou.
Grou, jannewaris 1842
|
|