De Grouster weachmasters oan de merkegasten 1841
Ik tochte te nacht yn mysels: do komst noait wer yn Grouster merk.
Ik droomde dat ik mei in boat yn de Pikmar lei te angelfiskjen, en sa kaam der in âld earn oan, dy my by de kraach pakte, en dat wie hâld. Doe mei my en de angelstok, dêr in pûns bears oan sparr'le, yn de hichte.
Ik fleach as in sweal by de wolken lâns, wol helte hurder as de koaning troch Akkrum flein is; en doe ik in stik nei Ingelân ta wie, kaam der noch in earn oan, dy in weachmaster fan dominys yn de fljocht pakt hie.
‘Wêr sille wy it soadsje beplúzje, makker?’ frege dizze. ‘My tinkt,’ sei myn sipier, ‘wy fleane mar even nei Amearika, op ien fan de Cordilleras; ik hâld fan de hichte; dan kin de tsiislucht 'er wat ôfwaaie, en dinen rûkt al nuver.’
Ynienen heakke myn snoer oan de Sint Paulus te Londen fêst; ik mei in ruk los, en begûn sa oeribel te gûlen, fan: ‘Hein my! hein my!minsken!’ dat myn wiif kel tewekker waard, en sei: ‘Sit dy de weagerij wer yn de holle? Jimme wurde noch stapelgek mei jimme mirakels.’ Ik sei: ‘Wyfke! as ik 1400 gûve krige, salang as wy gjin grypman habbe, dan woe ik net weage en dan joech ik ider lid fan 't bestjoer frij klontsje-iten op de heap ta. Mar no prakkesearje ik nachts en deis om frede mei myn mage te hâlden. Nacht Jikke!’
Wy winskje jimme in plezierige merk ta, freonen! Himmen en harren, sa se ride en farre.
Oan de hurdsylders - in feger fan in koelte, dat se de hannen allegearre fol habbe; op it ein wat tsiere en flokke oer lavearjen, fan de wyn, silen, loeven, ôfhâlden, gybjen, knipgongen dwaan en eltsoar op de seilen farre, dat de romers op de tafel dûnsje yn de wolken fantabaksreek; mar de rûzje net langer as in jûn, en de oare dei fergetten.
Leafhabbers fan de pluzerij - smaaklik iten! Wês net te hastich en te roppich; flij it goed, lykas de hantsjemieren, want it merkjen en meanen komt op de hûd oan.
Lju dy it grim fan de tapkast leaver habbe as har eigen, as har bûse en ferstân, - winskje wy safolle swiete swolgen, dat se de Boarnster toer foar in útpluzer oansjen, op in ljerde nei hûs, in trochrookt noas mei snijwurk en ferguld, en dan goenacht yn de hurddobbe mei in wiet dweil om de hals.
De fjochtersbazen - in dûbeld purgaasje om wat oanslach te habben, en oars neat as lij wetter te drinken; helpt dat net, dan nei master Kloppenburg om trochgeande fûstsalve, en in moanne nei Ljouw't útfanhûs.
De feinten en fammen winskje wy noflike, yn-noflike, troch-noflike, troch-en-wer-troch-noflike tútsjes, triuwkes, grypkes en knypkes.
De âlde frijers - in dikkop brandewyn mei sûker, en in tige grien rite, dat it har yn 't liif omkrôl't as in libben iel; dêrmei yn de govert en op it lêst in âld slydsje op de skurte en mei Douwe Japiks yn kennis.