lof fan ús wurk net by Nederl. jellens út, lykas gelearde en ongelearde swetshânzen. Wy mochten minder dwaan as sizze, en as stadige lju dan seinen: ‘It feilt wolris’, dat soe ús searder dwaan, as dat in lûdropper ús foar beskiters útrachte. Mar wy wolle graach dat de lju ús flitiger besiikje, om ús en har eigen bêst.
Wy habbe folle bêste mingers, dy ús jier op jier de rompslomp op de skealjen bringe; mar der binne folle, dy 'er noait om tinke as se mei har breasek foar- of efterút gean. It griist ús!
Grouster merk sjen wy se ús foarby kuierjen, dy de hele dei oars neat dien habbe as har ierdsketabernakel goed te dwaan, mei kofje en klontsjes as bargehokken, mei smoken, mei snuven, mei bittere, kleare en swiete sûpkes, of mei al wat de tapkast foar nektar te pronk set mei gouden letters; mei gebradens, dat it fet ta de hoeken fan de mûle út rint; mei apelsmots en bofferts, dat de knopen fan de rok boarste, en dan soms noch alle hoekjes en herntsjes mei rinnend guod foljitte, sonder dat se witte of se 'er wat mei bedijd habbe.
Sy kinne, sadwaande, út de liken groeie, of, as 't ferkeard gong, soen' se it hele grim kwyt wêze, ear se it tochten, en hoe dan te rie?
It is nuver! tinke wy wolris; hoe faak sitte de lju te rekkenjen mei de pong, en as 'er in knoarke jild oerfertsjinne is, o hoe noflik wurdt dan de kast opdien! En dat bearlike liif, dêr safolle yn en om dien wurdt, dêr nachts en deis op arbeide wurdt, om it goed te dwaan, en dat net te weagen om te sjen of it helpt of net, it is skande! Sadwaande rinne de knapskrinkels gefaar om libbensliifs in stokfisk te wurden, en de wyndrinkers, dat de learen sek út it fatsoen tynt, en gjin minsken gelyk binne; dat kin sa net langer!
Wy sille de nije keuning (want de âlde hear het de affearens oerjûn; och! koene wy it ek safier bringe mei de weagerij!) fersiikje om in wet, dat ider jongkeardel, dy't in wiif habbe wol, op ider foethichte 26 âlde pûnen swier wêze, en dêrfan in sertifikaat fan de weachmasters nimme moat. O, wat soene se faak op de skealjen komme, as se wat lichtliddich wiene, en wat soene de breiden har faak hifkje, as se it gewicht hast hiene! En wy, wy hiene kâns op in stikelpenjen as wy in 8 foar in fjouwer oanseagen. En it soe spanne of wy beswieken, lykas folle, dy offysjes habbe.
As 'er gjin twang komt, sjen wy net út om it yn de heak te krijen. Sa liket it wol, dat de minsken twongen wurde moatte, lykas de baarch fan 't âld wiif.
Wat in gegnoar tsjin alles, wat om bêst dien wurdt. Wat in gegei oer de 'joerte fan it skoallegean! Mar sy begripe net, dat it sânris sa goed is as dat âlde ge-ab eb ib ob ub, en dan wer ba be bi bo bu!
Wat hiene de lju, dy dat opsizze moasten, in wurk om troch de wrâld te kommen; want sy wieën en bleauwen kowedom!
Sy tochten oer it ferstân fan de bern lykas oer har greiden: dat ús Leavenhear beide grienje liet, as 't tiid wie, omdat dy iere gerskes dochs net strieken, en sa tochten se noait oan ontwikkeling! Hoe dom, net? Wat is 'er doe al in ferstân ferroaste en ferwurden, omdat men net wiste fan ontwikkelen! No leare se ommers fan alles yn in amerij; ja, al wolle jimme de bern ta keunstners foar Franconi opliede, in leksum-mannich yn de gymnastyk, en klear is 't, as in klontsje! O, as jimme dy sprongen seagen!
Jimme binne oars ek dwersdriuwich. Jûns wolle jimme net út de herbergen of jimme moatte 'er troch de froulju of de brijleppel wei tokke wurde; en dan doar' jimme ek noch sizze dat de fuotten sear dwaan, om it wiif wat wiis te meitsjen.
Jimme wolle de wichten net itigje litte as 't noch sa. Sokke stjonkerts wiene 'en op de 1 oktober noch 19 en dêr noch in dûbeldjerre onder. Jimme ... mar ho! wy binne weagers, en wolle net yn de sek kypje; mar men docht wol in rimpen taast, as men immen oansprekt.
Ferline jier joegen wy in register fan swiere en lichte lju; no sille wy it jaan fan grutte en lytse. Dat is wol bûten ús fak; mar wy dwane it om bêst, dat is om sokke, dy, lykas in Italjaanske popelier, yn de hichte sketten binne, en sokke, dy men proppen of kan-