Grouster merke, 1839
In wurd fan de weachmasters oan de merkegasten
Ferline jier tochten wy: no is 't foar 't lêst, dat wy jimme hifkje, freonen!
Onder de grutte heap, dy ús de flesksek joegen te weagen, wiene 'er rju, dy ús skeetsk oanseagen, krekt as se sizze woene: ‘Jimme ha de skelm spile, feinten!’
Dat 'er neat oan wie, sille wy net sizze; mar, minsken! it koe net oars om it stik brea.
Der binne folle, dy gean mei in moed fan hondert pûn op de skealjens, en as wy har dan mei ús wichten betsjutte, dat se te licht binne, dan smite se ús noartich it skrokke weachlean nei de kop, en woene 'er ús wol in mep by jaan.
Der binne oare, dy jier op jier, tsjin wil en tank, in pûnmannich oplizze; dy tinke: no bin 'k lykwol net groeid; en as de punt fan de evener dan noch altyd op har tawiist, dan is 't: ‘Hawar, ik wol net wer!’ En as wy dat hearre, dan giet ús it moed yn de hakken sitten.
Noch hiene wy lju, dy keken op de wichten wiene, en wy brûkten se, dy yn sân jier net by de itichmaster west hiene; net omdat wy de man net betrouden, mar omdat it sa'n ôfgrysliken jild koste.
Wy begripe net wêrom dat se de eveners ek net itigje; want dat is in goudmyn foar de beskiters. Mar hoe stilder, hoe better.
Al dy minsken ha wy om ús eigen belang wat begûchele, en sa ha wy de iene wat jûn en de oare wat ontnomd, sonder dat wy it mes 'erby hoefden.
Om no dy noartige lju ta klanten te hâlden, wolle wy har betsjutte, dat it gjin skande is, al dript har it fet ta de pipen fan de boksen út, of dat men se mei in kers fan achter trochljochtsje kin. Dêrom ha wy in list fan de weachmasters út Ingelân en Frankryk komme litten, dêr wy jimme de útrinders fan opjaan sille.
George de Twade fûn op in reiske yn 't greefskip Lincoln in onderdaan, dy woech 583 pûn. Om de mil wie hy 10 foet en 4 tomme tsjok; hy wie 6 foet 4 tomme heech. It iten wie net folle, mar hy pluze deis 18 pûn flesk bûten it byspul op. Hy stoar yn syn 30ste jier. Ien fan syn sân berntsjes, in jonge fan fiif jier, krige in pakje út ien fan de mouwen fan syn jas.
Eduard Brimet, in Ingelsk keapman, stoar op dyselde âlderdom te Mader yn Essex, dy woech 609 pûn. Sân ordintlike manlju koene tagelyk yn syn jas beknoopt wurde. In ferwoechsen skroar, dy graach in slok mochte, naam oan om foar in skelling troch ien fan de mouwen fan syn onderbaaitsje te wramen. Hy kaam 'ertroch, mar mei folle skreppen.
Michel Sponer, yn de provinsje Warwick, wie de baas fan alle bealchseinen. Dizze woech fjouwer wike foar syn dea 619 pûn. Hy wie 57 jier, koe net gean, mar ried alle dei yn in wein, dêr hy krekt yn koe, en dêr hy út en yn takele wurde moast. Nei syn dea wie er fan 't iene skouder oan 't oar 4 foet en 3 tomme. Op de jiermerke te Atherston krige hy rûzje mei in smous, dy him mei in pinmes yn de termen rippe woe; mar Abram koe mei it lytse mes net troch it fet rikke; oars hie Michelom doe in lyk wurden.
De Frânsken dije sa goed net. De heechste, dy 'er bekend is, woech 385 pûn.