Grouster merk
De tiid is om, folkje! De hannen jokje ús al, om jimme ris te hifkjen: foarearst, omdat it jout, en dat tôget ús mear ierdappels yn de kelder as hege titels; ten twadden, omdat wy mei ússels rûzje habbe, dêr wy nin wicht hâlde kinne. Fine wy jimme ek sa pûnich net as foar in jier, dan sette wy it op in sêft sin: want men wol graach makkers habbe, al is men ek mar in bytsje rudich; dan skeukt it nofliker.
Omdat wy sein habbe, dat wy rekkenskip woene fan ider lead flesk, dat jimme tesiik brochten, is 't ordintlik dat wy it ek jane.
Hark dan, wy sille mei iepene kaarten spylje:
Sibe woech yn |
5837 |
57 |
Ned. |
pûnen |
|
1838 |
54 |
Ned. |
pûnen |
|
ferlern |
|
3 |
Ned. |
pûnen |
Harmen woech yn |
1837 |
69½ |
Ned. |
pûnen |
|
1838 |
68 |
Ned. |
pûnen |
|
ferlern |
|
1½ |
Ned. |
pûnen |
dat is sawat 9 âlde pûnen onderdamme.
Wer moat dat hinne? sille jimme sizze; as dat sa fuortgiet, dan rinne de weachmasters mei in jiermannich gefaar, om as Egyptyske mummys nei in museum stjoerd te wurden.
Hark, wêr it belâne is:
Mei skroujen yn de kjeld te winter .....
1 âld pûn.
Mei switten yn it waarmst fan de simmer 2 .....
1 âld pûn;
dêr koene wy net tsjin dwaan; dy oare 6 pûnen habbe wy meast troch ús eigen tadwaan weitôge. Ja, minsken! it is sa. En wêrmei? Ja it moat 'er mar út mei bywurk en ferkearde oanslaggen, dat faak op rûzje mei de mage ûtdraaide.
Mei prakkesearjen, sliep- en holbrekken oer dingen dêr wy dochs neat fan witte, lykas, wêrom dat it better is, dat de klok moarns te 9 oere net mear let, en mear dingen, dy om bêst dien of neilitten wurde.
Dy no noch net mei ús tefreden is, dy ferwize wy nei de measte lange rekkeningen, dêr men de minsken mei om de tún liede wol. Sa giet it ús ek; wy wolle in bytsje foar ússels hâlde. Dat is net from, sil men sizze. It is wier, mar wy wolle nimmen te skande meitsje.
Hoe is 't no mei jimme? Meitsje de rekkening goed, en fertsjusterje jimmesels net, dat is beskiterij, dy op skea útrin.
Wy jaan no rie oan de lju, dy te hurd oerwinne yn de flesksek, om de mage in bytsje, mar de hannen folle wurk te jaan, en moarns ier út it nêst te kommen. Oan de meagere skrinkels, dy har te droegjen sette, om goed te iten en folle te drinken - mar it hoeft allegearre nin wetter te wêzen - , om har foar skrokke noardewyn te wachtsjen; om net folle te tinken, en sawat as de bargen hinne te libjen, mar safolle net gnoarje. Dy, dêr it barge-aard yn sit, riede wy, net alheel sonder iten en drinken te wêzen, en as it te dwaan is om ien fan tachtich yn trijen te wurden, dy moat mar rjocht op de rêch lizzen gean, mei de mûle op onder de kraan, salang as er seit: ik mei nin mear; lykas in âld stoker die.
Lju, dy in swier mêd oannimd habbe, en te krigel hinne om it sitte te linen, moatte help nimme.
Wy sizze dit, omdat wy it goed miene en jimme graach as ordintlike minsken op de skealjen sjen; net as stokfisken en net as bargen. It stiet net, dat de iene mei in hûd fol flesk, en de oare mei de bonken omrint.