Yn de Grouster weagerij
Weacht men minske-grôtsekken, fan wizen, fan gekken,
Fan jonge, fan âlde, fan hjitte, fan kâlde,
Fan spitse, fan stompe, fan fine, fan plompe,
Fan grouwe, fan kliene, fan hege en gemiene,
Fan wize, fan domme, fan rjochte, fan kromme,
Fan hij-en en sij-en, besnein en onbesnein.
Allegearre wolkom, as se ús jild jaan. De gekken binne frij.
Pas op, dat jimme takommende jier wicht hâlde kinne! Wy hâlde krekt boek, en wy wolle fan eltse lead flesk, dat jimme te siikjen bringe, rekkenskip habbe, en o wee jimme! as 't net goed útkomt, en jimme ús in rekkening foarlizze, dy yn de mist skreaun is. Dy tefolle spek set, dy moat ús ek sizze kinne, of it him earlik takomt of net, en of it suver moal en ierdappels of drank-spek is. Wy ontsjenne nimmen, en as wy se op de skealjen habbe, sille wy it wol sizze. Wol jimme grutsk wurde? Goed! it leit by weinfollen oan de wei; nim 'er beleaven fan, mar safolle net dat jimme boarste, en ien betingst: nimmen kwea dwaan. Oan de lju, dy soer tobje moatte, riede wy, om har dûbeltsjes net te bringen by de rollebolle, dêr se tsien foar ien onthjitte en by it einsluten de pong nei de wet fan Mozes besnije.
Wy riede de feinten en fammen dy te bier geane, om de romt' fan kokyntsjes te iten; mar foaral sinlik. Mocht 'er in inkeld faam foarbyreitsje, dy moat mar mei in soblapke onder de tekken gean. Nacht faam!
... weacht mei alle byspullen krekt ... Ned. pûnen.
h. epema, weachmaster
s. de vries, scriba
Grouster merk 1837