Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Op it doctor wurden fan myn much K.T. Halbertsma, to Leien, dizze 19 juny fan it jier 1837 Lykas in seeman oer Gods weagen Mei dea en stoarmen wraaksje moat, Mei honger en kwea-minskeleagen Fol need oer de oseanen hoart; Soms swypke troch it rûch noardwesten, Dan aaike troch it lije west, Ferlanget hy te'n alderlêsten Nei 't âldershûs, nei memmenêst. Wêr him in prûzige Friezinne Te'n fierren wachtet yn de doar, En 't fromste hert foar him allinne, Foar him allinne tikje doar. Dêr fynt hy freonskip, heul en streling; Lit bylje no dy grime see. Trochflein gefaar bringt gjin ferfeling, Mar rju ferteltsjes oan de ree. [pagina 539] [p. 539] Sa komsto no, myn grutte stalke, Ut Leiens Akademysee; In see fol klippen hest beswalke, Wês wolkom oan de Fryske ree. Mar wa sil no dyn leafste wêze? Dyn leffe sin de krêft werjaan? De wûnen fan dyn hert genêze? O! 't is in blier, in godlik faan! 't Is Hygiea, de goadinne Fan de genêskeunst, bêste freon. Har eagen flitse as de sinne, Har troanje is mei ferguld bewreaun. Har hert is nommel en tsjinstfurdich, Oan earm en riken jout se treast; Sy wearzet sels as heel onwurdich Jildgjirr'ge frijers aldermeast. Hesto no sin oan dizze troanje, Sa tútsje it byld en gean dyn wei, En Plutus sil mei goud dy loanje, Mar 't rom gemoed nimsto net mei. Mar kin Hygiea's hert dy strele, Sa nim it fanke to dyn wiif, Do silst 'er leave bern by tele, Ta treast en heil foar siel en liif. Dy berntsjes binne tankb're herten, En achting faak fan lyts en grut. O! tink oan har, dy yn har smerten De earme minsken noait fergeat. Tink oan de soargen, oan de suchten Dy 't memmehert faak om dy liet, Kom, leanje dy mei goede fruchten En wurd in doctor, wiis en grut. Grou, 8 juny 1837 Vorige Volgende