Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It famke út de frjemde By earme ljuwe yn de Wâlden Kaam maityds in moai famke oan Mei blinkend hier en blauwe eagen. Dat famke wie sa ingel-skoan. Sy brochte blommen mei en fruchten Ut fiere waarme lânen oer, Dy ripe wiene yn mylder loften En yn gelokkiger natoer. Sy brocht oan elts in lytse gifte. Dy brocht s' in frucht en dy in blom; Fan 't lytste berntsje yn de widze Ta oan de grize alderdom. Net ien waard oait fan har fergetten, Mar kaam 'er in leaf boaske pear, Dy krigen d' allermoaiste blomkes En fruchten út in heger sfear. Sy wie net út dit lân fandinne, Men wiste net fan wêr hja kaam, En wêr, wêr gong hja dan wer hinne, As 't leave famke ôfskied naam?? Schiller neifolge Vorige Volgende