Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 538]
| |
Wêr wurdt wrâlds lêst yn nocht feroare,
Wêr is de mjitt' fan 't minsklik leed?
't Wurdt troch nin swierichheid feroare,
Dy wei is minsklik maklik breed.
O, freegje net om dat beskeid,
't Is d' ivichheid.
Wêr wurdt de divel divel neame,
Wêr hjit in man in man,
Wêr wurde dealske tochten teamme,
Wa dochs, wêr is dy man?
It is ús grutte Heit
Yn d' ivichheid.
Kom deade, tsjust're ivichheden,
Kom, los my út Gods leave wrâld.
'k Haw minsken sjoen, yn wille en leden,
Mar d' ivichheid wie har behâld.
Kom ivichheden, nim my oan.
Ik bin har soan.
Sa haw ik tocht, sa tink ik jitte.
Och ik, onlokkich kreatoer,
Sil 'k 't ein fan al myn lêst útmjitte
En sizz': ‘Dat is myn stjerrensoer'’?
‘O! o!’ sa sprekt dyn grutte Heit,
‘Tink, tink myn soan oan d' ivichheid.’
|
|