Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 528]
| |||||||||||||||||||||||||
De wiersizzerij fan Maaike Jakkelesoan de Fryske fammen
| |||||||||||||||||||||||||
Maaike Jakkeles en har wiersizzerij oan de fammenMaaike Jakkeles (dit witte jimme) is te Gau op 'e wrêld komd, en te Hallum grut makke. Der stiet fan har skreaun: ‘It is in minske, kant fan liif en lea. Sy stiet midden yn 'e skuon, en giet mei de teannen foarút. De mûle sit har op it rjochte steed. Hju het in rjocht noas, mids yn 'e troanje, en net in tipnoaske, mar in gevel dy it gebou moai stiet, sa it heart. In pear rjochter hannen het se oan 't liif, as 't oan 't wurk en skroarjen takomt; en sy sjocht 'erút, as in ontfangers- of bysitterswiif op it bêst fan har libben.’ Sy kin bibellêze, krantsje en almanakje, briefskriuwe en alle 'salmen glêd sjonge. As se to brulloft is, dan hellet se op fan Japik yn 'e parrebeam en Nynke wol net heine, sa goed as de bêste út de heap, mei gjalpen, dat de pannen op 'e richel rinkelje. Har ferstân is klear en ryp wurden op 'e kâlde grûn, lykas de maaigerzen. Yn har sizzen foel se wolris oerbidige skerp, as har de mûtse oerdwers stie, om ondogensheid fan minsken. ‘Ik ha net tsjin de minsken,’ sei se, ‘mar tsjin har ondogense streken.’ As 'er lju út Israel by har oan de doar kamen - en dy kamen 'er doetiids ek al rommernôch yn Hallum - dêr woe se nin dwaan mei habbe. Sy sei: ‘Ephraïm en har skuorre en tôgje mei ienfâldige lju om, salang as se 'er wat fan ploaitse kinne, lykas de roeken mei de ongânzen.’ In kliemsk, tipsidich buorwiif, dy net suver oan 'e lever en yn har jonkheid rom genôch hantearre wie, sei tsjin Maaike: ‘Fij, wat binne jo jitte luftich en idel nei jo jierren!’ ‘Wat mienste,’ sei se dêrop, ‘dat ik sels de rjemme allegearre nomd ha, en ús Leavenhear oars net as flut jaan wol, lykas do?’ By lju dy altyd oer it goede prate woene, en it yn har dwaan sa krekt net hifken oan de grutte in'ster, as de bûse 'er mar baat by hie, rûn se folle mei de stikel om. Sa prate en eamele har skuonmakker ek jimmerwei. Dizze man wie út Lúksterhoek komd as in minger fan 't earmbestjoer, en yn seis jier, neidat syn âlde baas it kistelid oer de noas strutsen wie, en de erfgenamen yn de holle kast omsjoen hiene as in ko yn 'e Ljou'ter poarte, in grut man wurden te Hallum. No it skammel mantsje de skiepkes op 'e droechte hie, liet | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 529]
| |||||||||||||||||||||||||
hy de holle yn 'e tsjerke op 'e side hingje, en krûpte mei syn wyt prûkje op, in brún sarjes rokje oan, deun onder de listen fan 'e preekstoel. Maaike sei tsjin dominy: ‘It sil jo mei baas gean, as de timmerman mei 't âlde Hallumer skip: der sit fjurrich hout yn.’ Tsjin in oaren, dêr se folle by yn 'e winkel kaam, en dy har in fearn tee foar in heal pûn yn 'e koer treaun hie, en bjuster oer syn binnenste prate, sei Maaike: ‘Ik wit net, feint! mar asto iepene wurdste, silste net swiet rûke.’ Doe se in ryk minnist op in leugen fette, dy wol hondert op in dei dwaan woe, as hy 'er mar mei fertsjinje koe, sei se: ‘Jo kinne ek wol in pear merkeskuon oan ein, ear je wer op it âlde paad binne.’ Koartom, elts dy oar guod ferkeapje woe, as hy yn 'e marse droech, krige in skramke. Har man sei dan wolris: ‘Men soe sizze, wat heste 'er altyd mei fan dwaan?’ Mar Maaike sei: ‘Tsjin de kweade moat fochten wurde, oars wurdt hy al te grut baas.’ Oer de godstsjinst tocht se mear as se sei; mar sy woe 'er noait oer haspelje en tsiere mei lju, dy oars tochten as sy. ‘De Grutte Lantearne,’ sei se, ‘is foar ús allegearre opstutsen, en ljochtet oan alle iggen. Der binne folle knoff'lige hannen west, dy de glêzen grûzich en grûnich makke habbe; lykwol barnt it troch alles hinne. Elts moat der stean, dêr hy it measte ljocht fan de lampe kriget, en der moat nimmen jin ta yn 'e wei stean.’ Folk, dat net nei in tsjerke omseach, woe se net yn har tsjinst habbe. ‘Dat is fisk noch flesk!’ sei se. Tsjin har bern koe se it ek nuver sizze. Doe se har âldste dochter in gouden holguod kofte, betinge se, dat se noait oars as sulver yn 'e tsjerkepong jaan mochte: ‘Oars stiet sa'n giel ding lilk. De Tsjerke en de Wrâld elts syn part,’ sei se. Yn har hûshâlding wie se rjocht en sljocht. Hju woe noait keapje fan lju, dêr se tingje moast, of dy har waar bjuster prizene; sy koft ek mar selden, mar as 't wêze moast, dan goed en fan de bêste ein. As 't bûten de tsjerke of ongelokkige minsken omgong, hie se wol nocht oan bizerije. Sy koe 't bjuster bryk útstelle. Ienris, doe in jeneveroalje-keapman, in keardel as in twinterokse, by har oanskeat, en alle kwalen oplies, wol in healoere lang, sei Maaike: ‘Altyd net ret, ome!’ Mar op it lêst sei se: ‘Wol ik jo ris sizze wêr de measte lju de kwaal sit? Dêr sit it!’ en doe sloech se op 'e bûse. - ‘My ek,’ sei de man, en gong syn wei. Har siktaris' soan, dy in jier te Frjentsjer oan de Akademy west, en yn dat bytsje tiid sa flokken leard hie, dat hy net ien prefester foarútjoech, en syn tiid mei smoken, bolwurk-sljochtsjen en kaartspyljen oan ein brocht hie, en, nei syn sizzen, foar divel of spoken wykte, het ris in lyts hûsmiddeltsje fan Maaik-muoi hân. - Op in jûn teach de studint dêr ris hinne te jûpraten; en doe hy nei Maaike' sin genôch flokt en swetst hie, waard 'er in skiepperib nomd, en dêr in wyt lekken yn spraat; doe har swarte wetterhûn dêr op 'e rêch yn fêst fizele, de bek opspjalke mei it heft fan in grut mes, dat it bist oars net dwaan koe as âlje en mâle geluten jaan; doe dat spul oerein, en sa lieten se kardoes trije kear fan bûten boppe it finster lâns giere, tsjin de studint oer. Doe de flokker dat ôfgryslik ding troch de glêzen hinne seach, fleach hy as in pyl' oerein, en hals oer kop oer stuollen en tafels hinne, en oan de skouders ta foaroer yn in fol kret, dat al yntiids foar him klearstie, en sa reizge hy, sa hurd as er oait dien hie, nei de siktarij. De klerk rekke fan 'e swang onder de fuotten, en krige in print fan it kret ta. It hele hûs yn rep en roer; de wite muorren kowestront; juffrou fan harsels; siktaris fan 't stik. Dy frege ferheard: ‘Mijn zoon! wat is dit?’ - ‘Och heare! Pa, ik hew de dúvel sien!’ Op in winter, dat har man en dominy de tried ris fan de redens ôfride soene, op oardel-etmiels iis, rekken se beide oan 'e skouders ta yn 'e opsleat, dêr se as kikkerts wer útkrûpten; gûle en oefje, dat de lju mear om har laken, as meilijen mei har hiene. - Doe se de bûtdoar yn stoepen, mei de flotgerzen op 'e rokjes, koe Maaike yn harsels it laaitsjen net litte. Sy sei: ‘It is noch bêst beslein mei jimme; want as 't wetter hjit west hie, koene jimme jimme droevich barnd habbe.’ | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 530]
| |||||||||||||||||||||||||
Yn har dwaan en litten wie se sa from as goud; hju hiene in feint út Kollumersweach, dy in jier by in tysker wenne hie. Dizze soe mei in ko, dy it njoggende kealtsje al fersomme hie, nei de merk, mar sette, lykas hy wend wie, it âld bist earst in nij earizer op. Dit hie hy út de pin leard. Mis wie it, nei Maaike' sin. De feint krige in fet baarch; sy joech him seis wike, en goereis. ‘Jild, dat mei sokke keunsten wûn wurdt,’ sei se, ‘het men fan de divel op skea, en dêr wol ik net by yn 't kryt wêze; want it is in nuver jildsjitter, dy 't by nacht en ontiden mei sândûbelde yntressen opeasket, as 't him mar yn syn mâle kop oankomt.’ - Har man wie in beheind minske; hy hie twa kromme tommen en nin nâle, en mar ien tean, bjuster gysten mei in bytsje ferstân, en wie fûlfrettende gjirr'ch. Hy koe, as hy mei Maaike út te gast wie, yn in stik boffert bite, sa grut, dat him it wyt fan de eagen foardraaide, en sy har de lea searhâlde. - Moast 'er slachte wurde, dan sels oan 't wurk, om it slachtlean te fertsjinjen. Sa krige hy in snau fan in âld baarch, omdat hy net redsum wie, d^er hy trije fearnsjier mei om mastere, en him wol in heal baarch kaam te kostjen. Op in tiid, dat hy in stik oan it ûleboerd spikerje woe, yn pleats fan de timmerman, rôle hy as in einepyk fan boppen: twa ribben stikken, en 't skouder út it lid, dêr de boal twa fjirders bûter oan fertsjinne. Smelle ongelokken, fan barnen, snijen en beknipen, stiene net stil, dy Maaike altyd beplasterje moaste. Yn dat wurk brocht se it mei de tiid safier, dat men alle amerijen om rie kaam, ek foar tjirmige berntsjes. Altyd baat by Maaike! Hju wie 'er handich yn! - As har man nachts mar in sike kreunde oer pine yn 'e mûle, dan siet hy al, ear hy it wiste, mei in holle as in einekoer, yn kamfer en kamelleblommen en slepte as in roas. Hju hie ek mei west: want de knoffelbân lei se sa goed as de bêste ût de hele gritenije. Foar de measte kwalen joech se in rie en die. Sa joech se foar:
Dy hûsmiddels liken noch wat, mar dy salve noaske master Japik net onfoech, om syn pong en eare beide. Hy makke in pear ienfâldige lju wiis, dy in kwinerich berntsje hiene, dat Maaike Jakkeles in tsjoenster wie. Dit woe men witte, en dêrom waard it sike berntsje trije erfde bloedkralen yn in tried reade stikside om de hals dien, en dy kralen as in klaverblêd reaun, en dêr trije knopen yn Godsnamme op dien. En jawol, mei 24 oeren wie 'er al in kraal bûten de knopen, nei 't sizzen fan 't wiif dy se 'erom dien hie, en dy Maaike net luchte. - Dit woe buorwiif Reinou ek yn 't ear, dy de lytse bern net fuort krije koe, omdat se meast op de fljocht wie, en de lytse sloofkes by in oar omtôgje liet. Dizze sei, dat it iten, dat se yn 'e lêste kream fan Maaike krige hie, mei twa dagen yn spjelden en nullen feroare wie, en dat se sels witte moaste wat se yn de widzekessens dien hie. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 531]
| |||||||||||||||||||||||||
‘Mei ús tsjerne het se ek al dwaande west; mar sy sil no wol foar de daam opstrûpe. Dat har de wjirkert rydt, dyselde Maai!’ Al wat lilk wie, waard by eltsoar socht; sy hie pankoeken jûn, dy yn njirren - in moai bûsapel, dy yn in pod feroare wie. - No siet it 'erop as âld fet. Maaik-muoi, goesloof, in tsjoenster! It wurd gong hûsriem. Der wie hâlden of kearen oan. - Dit smakke Maaike min, mar hju hie tefolle ferstân, om lilk op domme minsken te wêzen, as se 'er net te ondogens by wiene. ‘Der is romte yn 'e wrâld,’ sei se, ‘om eltsoar mis te reizgjen.’ Sy pielde it âlde paad lâns, en liet de lju mar prate, lykas it leksum seit fan dominy. Ienris, doe it nei Stienzer merk rûn, teach se dêrhinne, nei har dochter en sweager útfanhûs. Dêr wiene twa opskettene dochters oer de flier, dy bjuster snjit mei de merk hiene. Op in sneintejûn, dat de fammen sawat om hoallefoallen, kamen 'er in mannich by har yn 'e hûs. De sweager, dy in bysfeint wie, en folle nocht oan pleagjen hie, sei: ‘Fammen! Oarre moat jimme ris wiersizze, wat frijers jimme krije. O! sy kin 't sa út de kopkes oplêze, sy wit mear as rjochthinne.’ Dêr hiene de fammen sin oan, en 't wie allegearre: ‘J, heden ja! toe, Maaikemuoi, ei toe!’ ‘Brui hinne,’ sei se, ‘wat skilt jimme, bern?’ Mar de sweager sei: ‘It is merke, en mar koartswyl; dêr moat in set fan wêze, jo kinne har wol in leksum jaan; jo witte hoe je moatte.’ Maaik-muoi fette de miening en sei: ‘No, fammen! dan moat ik ris sjen wat ik kin.’ Oarre oan 't wurd; it gong as 't fan de tsjerkelaaien ôfrôle. (De froulju kinne it wurd dochs goed dwaan, as se goed op har stuoltsje sitte.) De fammen harkene as har lij wetter yn 't ear getten waard. Doe Maaik-muoi har nocht hie, sei se: ‘No kin 't ek sa wol. Jimme habbe my hjir te fiter. Te Hallum bin ik in tsjoenster, en hjir moat ik wiersizze!’ - ‘It heart by eltsoar,’ sei de sweager. De fammen dripten ôf. Inkelde, dêr Maaik-muoi de spiker mei op 'e kop slein hie, seinen tsjin eltsoar: ‘Hea, sa'n nuver wiif! Sy wit 'er dochs neat fan.’ Binne 'er no ek onder jimme, dy it net noasket, dat Maaike dy fammen soms in lyts hompke joech, tink it wie in âld ri'lich sloof, hju miende it oars trochgoed mei har. Tûzenris het se wol sein: ‘Hoefolle habbe har gelok út te grabbele smiten, dat foar nin goud of triennen wer te krijen is.’ De wurden fan Master Gysbert leine har foaroan yn 'e mûle: Orck, myn soon, wot du bedije,
Rin net oon allyk in moll':
Jeld in rie lit mei dij frije,
Bern! soo gean dyn saken wol.
| |||||||||||||||||||||||||
1.Do biste sa glêd om 'e troanje as in spegel. It sil hastich oanrinne mei dy, nei it grutte gild. It is ek better sa, as oan achtentweintich jier ta te wachtsjen; dan is 't alle amerijen it earizer opsiede, in oar lint oan de kyps, ensafuorthinne. In âld gek mei dernei sjen; mar foar in jong minske liket it raar, sokke gleone blommen op sa'n toarre grûn. | |||||||||||||||||||||||||
2.Ik woe wol graach mei dy, dat de frijer, dyste leafst heste, opdaagjen kaam; mar do krigeste him hjoed net, fanke! Mar dat is neat. Jaan de moed net op; men wit net hoe in dûbeltsje rôlje kin, sei baas Gosse, en hy miende, dat hy te gast kaam, mar hy krige bruien. Us oarremem waard frege op de lette jûn ta Ljou'ter merke, en de nachts om healwei twaen boaske se al yn 'e hoek fan 'e opkeamer fan 't Rea Hert. De frijers binne tsjinwurdich net hastich yn 't betingjen. It is in ôfrinnende merk. Smyt dy lykwol net wei: de grutte merken komme oan. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 532]
| |||||||||||||||||||||||||
3.Fanke! Fanke! wat besjochste dy yn 'e spegel! No! as it 'er ek om sit, as 't 'erom smiten is, stiet it rûzich. Klaai dy kreas en dimmen, en sa moai, datste altyd noch moaier betelje kinste. Dit lûkt de frijers oan, dy te fjild tsjenne om in wiif; en sa'n ien past dy, is 't net wier? En ast dy optakelste as de papierblazers út Parys, dan wurde de mynders eang fan jimme. Want as boartsje en 'joeie se al sawatte oerdwealsk, hja kenne de fûgels wol oan de fear. Dêrom, kreas en dimmen! en foaral sa skjin as de brân! Dan silste oan twa frijers blauwe skinen jaan; mar de tredde (o! sa'n noflik prater!) sil dy sa nei de ljirre tingje, datste him op in nacht om ien oere om de hals fljochtste en him onder de tútsjes bedobbeste. It folk yn 'e hûs sil tewekker wurde fan jimme patsjen, en sizze: ‘Hark! no is 't klonken wurk mei ús fanke!’ | |||||||||||||||||||||||||
4.It gelok sjocht dy ta de eagen út! D' iene frijer het de hakken net oer de drompel, as de oare het de teannen 'er al wer op. Pas op! en lit de fûgel net oer it net fleane, lykas folle dien habbe; oars rekkeste mei onder de fodden yn 'e koer. De kar giet 'erút, en dan giet it soms op in âld strider oan, dy in wiif foar de waarmte nimt. | |||||||||||||||||||||||||
5.Dit stiet 'er nuver foar mei dy! No! in jong minske moat twang wêze, en op in dûbeltsje oan lint net sjen. Yn de earste jierren fan 't trouwen sakket dit wurk fansels, as de widze en bakerkoer oer de flier komme moatte. Do biste net ien fan de ongelokkichste. Der sit folle manljuflesk oan dy, fanke! en dêrby sa'n noflik boartlik sin! Do biste klaaid sa 't heart. Koartom, in frouminske mei lokken en flokken, linten en flinten. Der is al in blêd yn 't trouboek foar dy iepen. It sil moai waar wêze op dyn troudei. De lju sille sizze: ‘Dat is in gnap pear; in houlik yn 'e heak!’ Mar de man efkes lytser as do. Der sil noch in pear mei jimme trouwe: in âld man fan njoggenensechstich jier mei in frouminske fan in grut tweintich. Dêr sille de lju fan sizze: ‘Dy âld gek set noch in mûne, om in heal ljippen koarn te meallen, en mei in jier sit se eltsoar net sjen meie!’ | |||||||||||||||||||||||||
6.Do biste net fergetten by de feinten, fanke! Gloeie dy de wangen net? Do tinkste, datste noch faak te merk gean sitte. Mis is 't! Ear datste 'erom tinkste, rekkeste oan 'e man. Ik ha al heard hoe jimme op de lêste Snitser merk yn 't Heechhûs mei-eltsoar sieten te lústerjen. Do sitte goed onthâlde yn it houlik. Twa jier nei it trouwen sil in dominys soan dy foar in jong faam oansjen, en dy te Weidumer merke freegje te dûnsjen. | |||||||||||||||||||||||||
7.Do sjochste al skruten, no Maaike Jakkeles dy wat sizze sil. Ik sjen, do bist 'er oars fan. It is ek nuver, fanke! op dyn jierren net te witten hoenear datste mei in poerfrjemd minske hûshâlde silste, en noch minder wa: in lytsen, in grutten, in lichten, in swieren, in rjochten of ien mei in slach of in bocht yn 'e rêch. It sil mei in amerij gean mei dy. Dy it wêze sil, frijt net lang, mar taast ta, en do silste 'er omhingje as wiet hea om de skûte. It sil dy goed gean yn 'e wrâld: sân bern, meast jonges, yn trettsjin jier krije. Do krigeste ek misgunders yn dyn steat. Dyn man sil dy tige leafhabbe, en nin kwea fan dy sjen kinne, omdatste alles dwaan sitte wat er mar tinkt, en omdat hy sjocht, dat hy mei dy behâlden is. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 533]
| |||||||||||||||||||||||||
Dyn makkers sill' op jimme troudei tsjin eltsoar lústerje, en sizze: ‘Sa weagje ik it ek, do?’ Jimme mem sil dy in leksum jaan, dyste net ferjitte moatste. Sy seit: de keunst om troch de wrâld te reizgjen, en oeral it gelach te beteljen, en tank nei te litten, wurdt net oan de hegeskoalle leard. It sit yn de regel fan trijen, en goeddwaan. | |||||||||||||||||||||||||
8.Fanke, dwaan dyn bêst, om dy gnap op te striken; mar om de wide jaksmouwen of de klienens fan de mul, krigeste net gauwer in man. Lykwol, sil 't wurde. Mei in sêft sin en noflike tútsjes kinste folle dwaan, en do sitte einlik mei in fiks keardel opstriken gean, ast mar tiid dochste. Nimmen moat sjen kinne, dat de pong om de hals hinget. | |||||||||||||||||||||||||
9.Do moatste net fertrietich wurde, fanke! as de frijers dyn doar foarbygeane, krekt ast 'er net biste. Goede en onbelekke waar wurdt altyd opsocht, al leit se noch sa efterôf. Fammen, dy in jachtweide foar alle eagen binne, en dy oer alle tongen rôlje, dêr wurde lekken en brekken oan fûn. Gnappe fammen en jonge hynzers moatte oars net as fan fierren bekend wêze, sil se goed oan de priis komme. Wês net bang fan foarby te reitsjen; do bewachteste nin skea. Do krigest in rimpen man, mar oars trochgoed; do sitte bjuster folle fan him hâlde. As hy it ongelok het, dat hy mei in noflik holle thúskomt, sjen dan net aste út it jittikfet komste. Mei bliere eagen en goede wurden kinn' jimme tsjoene; dêrtroch binne folle mear manlju terjochte brocht as mei skerpe wurden en ôfwêzich sjen. Dwaan lykas Beitske-muoi. As Jan-om fan 't paad wie, dan sette sy him yn side en ferwiel; en as de sinne yn 't rûn west hie, dan sei Beitske-muoi in wurdmannich, dy op it rjochte steed kamen. Doch ek sa, en hy sil 'erop poche, dat 'er nin better wiif yn 'e hele gritenij is. | |||||||||||||||||||||||||
10.Fan dy hoef ik neat te sizzen. Do biste al lang besteld, fanke! Men kin 't wol oan dy sjen. Net wier? | |||||||||||||||||||||||||
11.Do wachteste ek al, dat ik dy watte moais sizze sil, fan flinke frijers, moai klaaid gean, yn in hûs wenje mei treppens 'erfoar, en it sulver en goud by kistfollen erve! Set dy derôf, fanke! want dat wurdt dyn part net. Do silste gelokkich wêze, mar net yn in hege steat. Do krigest in bêst man, dy fan de iere moarn to de lette jûn foar dy skreppe sil; en asto de dûbeltsjes sa hantearreste lykas earlik wûn jild behannele wurde moat, dan sill' jimme rju bedije, en fjouwer bern grutbringe, dy klinke as klokken. In ryk man tichteby jimmes, dy jierrenlang om it gelok socht het, en it op it lêst alheel bjuster rekket, omdat er it op paden siket, dêr it net te finen is, sil jimme it gelok, dat hy yn syn moai hûs ek nearnes fine kin, foar tûzenen ôfkeapje wolle. Mar hy kin net. It gelok lústert him yn 't ear: ‘Keapje mei dyn goud it behear fan de hele wrâld, myn ôfkomst is te heech: ik bin foar nin jild te keap!’ | |||||||||||||||||||||||||
12.Hoe it mei dy komme sil, mei de deale riede; do biste sa boartlik en sa wif as in maailaam. Jaan dy del, fanke! dan sil 't goed komme. Aste merkeste mei in feint, dyste graach wer sjochste, pas dan op dat it lêste tútsje it bêste is; dat giet him troch de lea as in heal fleske fol Haarlimmeroalje in jichtich hantsjemier. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 534]
| |||||||||||||||||||||||||
13.Ik sjen dy oer fyftich jier al. Men ken dy dan net. It skilt ek folle by no. As men dyn noflike sankjes heart, as men dyn glêde troanje, rûne bolle earmen, dyn kiere rêch en trippeljende fuotsjes besjocht, en dêrtsjinoer in âld kibbich minske mei in skronfelich fel, en sleepjende gong, dan soe men sizze: Hoe kin sa'n moai jong faam sa'n âld sloofke wurde? Us heit sei dêrom altyd: ‘Fanke! meitsje plezier yn dyn jonge jierren, mar pas op, datste dy der net oan ferhingeste.’ Dit sis ik dy ek: hâld altyd in from sin, en meitsje dat al it kwea, dat dy oerkomt, troch eigen skuld net is; dan kinste op de âlde dei jitte blomkes ploaitse, dêr in lyts bledsje tûzenris safolle fan wurdich is, as dy grutte bosken, dy op de moaie kypsen swypkje. Doch sa, en de frijers sil as mieren op dy takomme, en dyn man sil sizze: ‘Ik wist net dat it trouwen sa'n wille wie!’ | |||||||||||||||||||||||||
14.Ik kin wol oan dy sjen, datste net betsjoend biste. Dat merkte Japik lêsten wol, doe jimme oer iis op 'e Froaskepôle dune habbe. Do wotte leaver by in knap jong keardel opsitte, as in nacht by de baarch weitse. Do moatste dy watte ynhâlde; it rint hurd genôch mei dy; sy litte dy net ien sneintejûn sitte. Hy wennet net fier fan dy ôf, dy 't wurde sil; hâld dyn kleur mar! Ik sil 't net sizze wat jimme hokkernachts ôfpraat habbe; jimme habbe lûdernôch lústere. | |||||||||||||||||||||||||
15.Do heste by dysels it akkoart al makke mei ien; mar hy wurdt it net, bern! ... Biste bang fan foarby te reitsjen, treast dy deroan, datste it net allinne biste. Iksels ha west, neidat ik oan trije blauwe skinen jûn hie, dat my de wrâld oanfleach, as dominy in pear fan de stoel rôlje liet, salang as myn goede Jan opdaagjen kaam, dy ik yn trije jûnen al belêzen hie. Der sil ien by dy komme mei in moaie r^ok en gledde learzens oan; in keardel! as er út in bargeriezel draaid is, en dy 'eroer giet as er waait. Hy is lang net gek, sjocht goed om him hinne, en tinkt oars oer it trouwen as in faam dy sei: ‘It moat ris weage wurde,’ en troude oan in âlde rike gjirr'gert, om har libben yn boalshannen te sliten. Hy sil nei dy fernimme, hoe it moarniers mei dy is, omdat hy mei in frijster ôfballe is, dy op in jûn bjustere kreas wie, en de oare moarns 'er útseach as se út de jiskkroade kaam. | |||||||||||||||||||||||||
16.Dyn frijsterjierren binne dêrmei út; it giet nei de lange tsjinst. De man, dy foar dy besteld is, is in goed keardel, mar wat hollich; lykwol kinste him oan in siden tried liede, ast him mar heinste. - Yn de earste fiif jier fjouwer bern, en folle drokte yn 'e hûshâldinge. Dan sil 't 'erop oankomme as de hannen net sa linich binne, as no de kreaze fuotten foar de fioele. | |||||||||||||||||||||||||
17.Do tinkste: Maaike Jakkeles wit 'er neat fan; mar dit sis ik dy, patsje koe ik sa goed as de bêste yn myn tiid. Dit wist de offisier wol, dy my de gouden puntheak weromjoech, dy in smous my ontstiel. De fammen kinn' 't allegearre net allike goed; freegje de feinten mar. It koe mei dy wol better. Jaan 'er dy tige nei, en de frijers sille as in swerm bijen om dy hinne gonzje. Op in noflik tútsje is folle de boask sletten. | |||||||||||||||||||||||||
18. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 535]
| |||||||||||||||||||||||||
Der komt op in jûn onferwacht in frijer by dy, dy oantinget. Hy sil dy oanlekke wurde. Do moatste al harkje wat in oar seit, mar ongelyk wa. In faam, dy yn 't eftermiddeiskoft oprint, en bang foar de fodkoer is, sil him dy oanlekje, as is 't noch sa nei it sin, en in frijer sa kant as in knikkert. Der binne ek, dy dy nei de mûle prate en de frijer dy oanpriizje, as is 't de grutste dogeneat of in knoff'lich stumper. Ik bin bang datste dêr it ear tefolle nei hingje litte silste, en dan rekkeste yn 'e maling en fan 't paad. Falt it onfoech út, dan glûpje sokke wei; mar dan komme de lekskoaiers mei har feninige tongen en sizze: ‘Sa lizze de wize hinnen de aaien bûten it nêst!’ Moat 'er rie wêze, nim dan foaral dy fan de âlde lju en goe'mienende freonen. En noasket dy rie dy net, en is de hân stroef yn 't oantaasten, hâld mar fêst; it binne de feilichste paadwizers. Doch sa, en dyn gelok sil benijd wurde fan folle, dy 'er ynrûn binne as de bolle yn 'e reak, lykas Tet mei de kreamer. | |||||||||||||||||||||||||
19.Hieste hokkersneintejûns dyn slydsje der better by skood, do hiest better deel krige. Wês noait stymsk, as rint it mis; en aste achtentweintich jier âld biste, dan giet it op in healsliten oan. Foarby komste net, mar it kin fiifentritich jier mei dy wurde. As it dy te lang oanhâldt, en do wolste sels freegje, doch it dan yn in skrikkeljier, de earste folle moanne nei Sint Japik, mei in klear loft. | |||||||||||||||||||||||||
20.Op dy binne folle eagen smiten. Do sjochst 'er gnap út en twang yn 'e klean; no, 't each wol sines ek habbe; yn 'e merk moat it ek oars as kom-al-dei. Ien ding moat ik dy lústerje, en triuw dat efter it jak. Der binne folle dy wol woene, dat se noait merke of baanriden hiene tsjin 't sin fan 'e âlde lju; tink dêrom, dan sil 't wol gean mei dy. Do witste net heal hoe goe' as se it mei dy miene. | |||||||||||||||||||||||||
21.It lit him mei dy net slim sjen. Do tinkste folle om it houlik. Hokkerdeis seiste yn dysels: ‘Hoe sil 't oer fjouwer jier mei my weze?’ Ik sil 't dy sizze: troud en mem oer twa bern. Dyn man sil grutte reizen dwaan. Jimme sille net lang wenje yn 't earste hûs. Ien tichteby jimme sil in heel grut trek út de lotterij krije. Jimme krije 'er ek sin oan, en sille altemets in hânfol jild nei Ljouwert bringe oan de lotterijlju, oer waans drompel folle de tarring krije. Oer twa jier sil dy man folle earmer as tefoaren en fan 't wurk ôfwend wêze, dit sil jimme ôfbalje ta jimme gelok. Twa jonges yn de earste treddel jier; dan in stilsit; neierhân noch trije dochters. - It troupak fan de brêgeman koe wol better sitte: de broek sil te leech hingje, en de skuon gapje en kreakje; sy sille fan dy sprekke, dat it 'er sa twang by stiet. Jimme trouwe mei noch twa pear, mar ien pear, de man fan 24, en 't wiif, in widdo fan 42 jier, moatte in wike wachtsje, omdat it boek fol is. It minske sil bjuster oerstjoer wêze en krite, en sizze: ‘Wie ik noch faam, dan wie it neat; mar foar in widdo is 't in hurd gelach!’ | |||||||||||||||||||||||||
22.Aste noch net betinge biste, fanke! wurd net bang; licht komt 'er op de lette jûn noch in ferflein fûgel. As dat bykomt, gean dan foaral mei; tink: merkjen is nin boaskjen; de frijers binne krap, en wa wit wat 'erút fuortkomt. Durkom en Kykmuoi boasken al foar tolven op it tsjernpaad. | |||||||||||||||||||||||||
23. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 536]
| |||||||||||||||||||||||||
Yn de merk biste de gelokkichste net. Sa faak as 't 'eroan takomt, falt it dy ôf. Wês dêrom net stymsk. Mei blier sjen en golle wurden komt men fierder, as mei smeulske praatsjes. Trouwen is dyn foarlân; der wurdt mear om dy tocht aste mienste. Dy it wêze sil het omflein as in flinter op de blommen; hy sil it nearne fine kinne, mar by dy is hy fêst sitten bleaun. It sil in knap feint wêze, mei in stuorke yn 'e bûse, in ferstân om 'erby te fertsjinjen; mar winterdei kin him de noasdrip wolris hingje; dêrom foaral in bûsdoek mei, as jimme oer its útgeane. Yn de earste twa jier folle belommere loften en beide watte kwypsk wêze. Mar as jimme it rjochte paad onder 'e fuotten habbe, sill' se fan jimme sizze: ‘Dy jonge lju glêdzje op; it bettert dêr fan dei ta dei.’ - Der sil earst ien by dy komme, dy oars net leard het, as in grut hear te wêzen, sonder it jild 'erfoar fertsjinje te kinnen. Jimme mem sil 't goe' talykje, mar jimme heit sil sizze: ‘Do hearste yn Loailekkerlân thús, feint!"’ | |||||||||||||||||||||||||
24.In ryk mans soan het eagen op dy smiten; mar hy het acht oeren oanien sitten te rekkenjen mei syn heit, hoefolle jild hy mei dy beboaskje koe, en dat skynt har te belytsjen. Do silste dan in better part krije, as mei ien, dy foar in stoer wol dea wêze wol, en fan gjirr' gens net groeie kin. Hy sil 'er stil mei oankomme, mar 't is ien dy 'er wêze kin en doar; en as jimme tegearre geane, sil de hoed foar jimme ôfnomd wurde. | |||||||||||||||||||||||||
25.Oan de noas te sjen, sitte nochris oan de knokkels ta yn 't jild omskreppe, aste kloek en sunich biste, en de bûse tichthâldste, as oars nimmen dy twingt om him op te dwaan as de keapdivel. Dyn man sil twa tomme lytser wêze as do, mar wol sa goed as mannich, dy in foet grutter binne. Do moatst him tige oanhelje; dêr habbe lytse lju skeel oan. | |||||||||||||||||||||||||
26.Hoe sjochste sa? Mienste dat ik tsjoene kin? Nee, fanke! Ik wit net folle fan dy te sizzen; mar ien ding sjen ik, datste leaver te bier wolste, as om tsien oere te bêd. It sil krap omkomme tejûn, en wat it nuverste is, de alderbêste en de alderminste bliuwe oer; mei dy sil 't knipe. Smyt dy lykwol sels net te grabbele! It kin nuver, sei wylde Tryn, yn fjouwer jier net ien frijer, en no trije tagelyk. | |||||||||||||||||||||||||
27.It sil mei dy yn twa jier folle feroarje. Trije skroarren in heel wike foar dy yn 't wurk, en pjukke safolle as se ôfkinne, om it útsetterspak nei de lange tsjinst klear te meitsjen. It sil hastich tagean. De freonen sille yn 't skik wêze mei de boask, en do aldermeast. Dy foar dy besteld is, is net swier fan gewicht, en de bysfeinten sille sizze: ‘Hy moat yn lije molk'-en-bak te weak, om watte út te tinen; mar hy is berekkene foar it mêd dat hy oannimt.’ In eameleftich buorwiif, dy alles swiet opiten en -dronken het, sil graach mei dy rabje en dyn man foar gjirr'ch útkrite wolle, omdat hy oars net folle keapet as it noadige; mar do biste wizer, en do sitte har ôfringje; en dyn man hoe langer hoe leaver habbe. Yn 't earste fearnsjier silste tige bliid wêze, as hy thúskomt mei blau Dimterkoeke en healripe parren. | |||||||||||||||||||||||||
28. | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 537]
| |||||||||||||||||||||||||
Do sjochste 'erút as in maaiblom, en sa kant! do kinste wol op in stoer yn 't rûn draaie. De frijers sille dy net lang foar spek en brea rinne litte. De earste, dy oantingje sil om tinken, is ien fan in oar lape as do. Dan krigeste in lyts wurd fan jimme mem. Sy seit: ‘Man en wiif moatte eltsoar tige leafhabbe, en it mei-eltsoar hâlde. It lekken moat kleure. As it nij is, en de wol 'er noch op sit, liket it noch sawat by eltsoar; mar as it bedragen is, rint it soms fier útinoar. It iene is fyn, it oare grou; it ien yn de wol ferve, it oare yn alle nuvere kleuren fersjitte.’ De twade sil sa oanhâlde, dat hy it net slûpe lit, of do moatste ja sizze. Dan sil 't tige kâld wêze, en aste it jimme mem seiste, dan silste de eagen foardel hâlde, en in rea kleur habbe. | |||||||||||||||||||||||||
29.Der sil dy, aste útfanhûs biste, ien op de griene side draaie, en dêrmei troch in grut tún gean. Syn praat en manearen sil dy bjuster oanstean. Hy is net grut, mar dûbeld. Jimme mem sil sizze: ‘Wat poarreman het ús fanke dêr yn de earm?’ Mar jimme heit seit: ‘Lit de lytse mar rinne; sy stean wol sa fêst as de grutte.’ - It boask is mei in rep klear, mar it trouwen duorret twa jier; beide sil 't bjuster fertriette; it wachtet nei in grut papier út Den Haach. | |||||||||||||||||||||||||
30.Mei dy komt folle te dwaan: twa frijers sille rûzje krije om dy. Ien, mei in moai sabel op 'e side, in plom op 'e hoed, sil ek eagen op dy smite; der wurdt tsjin ynlein fan jimme heit. Neierhân komt in neef fan in boargemaster, dy in kleur het as in healgear bôle; mar dy kriget blau. Der komt in proponint, dy al trije pakken klean oanein reizge het op fakante pleatsen om in berop. No begjint jimme mem mei te frijen, en 't komt goed; mei 't jawurd komt 'er tagelyk in berop fan 775 gûne; en dêrmei pastoarske, en mei trije fearnsjier in jonge, as er út de dyk dold is. | |||||||||||||||||||||||||
31.Ik kin wol oan dyn kâldgnyskjen sjen, datste my te fiter habbe wolste, en litte my om de nocht riede; mis is 't! Do heste langer besteld west as de lju miene. Do wieste sa bang, om as in âld erfmuoike te stjerren, datsto mar oan 't baaitsje lutsen heste, sa fûl aste koeste. No, gelok 'ermei! Ha de man tige leaf, en knyp de eagen ticht foar syn lek en brek. Of kinst se him betsjutte en sa freonlik onder it each bringe, dat hy se ôfleit, dan is 'er net in prinsesse, dy sa'n moaien kroan op de holle sette kin as do. | |||||||||||||||||||||||||
32.Mei twa jier biste in heel oar minske as no, lykaste foar my komste. Dan gieste op de side fan in man, dy fan alle kanten klear is. - Troch mannich tsjinrakjes yn de earste jierren moatte de hannen út de mouwen; mar as jimme dy boppe arbeide hawwe, kin 't rom sile, as 'er op 't roer past en op alles tasjoen wurdt. Der sil faak kreamfisite by jimme hâlden wurde; foar de earste kear sille 'er njoggen mislike froulju mids onder iten út de keamer tôge wurde, omdat se yn in ticht bedompt keamer sitte, en smoare fan de waarmte; der is nin hofman- of jittik-riedensein oan. - De skoalmaster sil dêrom in redefiering yn it Nut dwaan oer: De nadelen der voorouderlijke gebruiken in het houden van kraamvisites. |
|