Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 547]
| |
Hoe mannich koe troch eigen skuld
Syn goede dei fersmite;
In oar mei 'n liif fol soarch en wurk
Moast de izeren earmoe' bite.
D' iene hie altyd romte en sêd,
D' oare moast troch krapte goarje;
Hoe mannich tanken foar droech brea,
In oar koe yn syn rykdom gnoarje.
Hoe mannich bemtsje kaam te wrâld
En makke blide memmeherten;
Hoe mannich berntsje waard 'er kâld,
En leit mei each en mûle sletten.
Hoe mannichien het yn dit jier
Natuer de lêste tol betelle?
Dizze bodde 'er swier tsjinoan,
In oaren waard sa rimpen helle.
Sa folget 't iene jier it oar,
Sa sil 't yn 't nije ek wer rinne.
Gelokkich dy yn 't goe' en tsjoe'
Tankber en tefreden binne.
Wy winskje jimme yn nije jier
Dan folle goede dingen;
En giet it bjuster nei it sin,
Noait út de bân te springen.
En jimme, lijers op de wrâld!
Wat sil wy jimme sizze?
Geduld en moed, betrou op God!
Bliuw dêrop hoopjend lizzen.
Oan 't lân- en gritenijbestjoer
En all' dy ús regearje,
Dy winskje wy it goede ta,
Mei har dy 't Wurd ferklearje.
Wy winskje har ferstân en deugd,
In libben swiet as hunich,
Mei earen foar de flaaitaal doof,
Yn 't útjaan kloek en sunich.
De âlde golle ienfâldichheid,
Dy bliuw' hjir altyd wenjen,
Dan sil de wolfeart fan ús doarp,
Mei woldwaan nimmer einje.
Sa bloei' ús lân, ús gritenij!
Us doarpen en ús greiden!
En jouw' ús 't nije jier gelok,
Moai waar en griene weiden!
Grou, 5 jann. 1843 p. feenstra |
|