Yn't jier doe de ko Bartele hjitte
Yn 't jier doe de ko Bartele hjitte, wenne 'er te Ljouwert in boargemaster, dy in grut leafhawwer fan slachtsjen wie, mar noch grutter fan iten. Hy koe swiet plúzje, twa fette einefûgels mei in holpanne fol apelsmots en oar byspul wie in bernemiel by him. Winterdei behimmele boargemaster mei syn wiif, dochter, feint en faam in fet ko fan sa'n hondert pûn, en in baarch fan tachtich yn trijen as 't neat wie. It wie ek besteld oan de man, want hy hie in skouwing lykas 't in goe' iter past, en der lei in glâns op syn troanje as 't mei de barge-ein bestrutsen wie.
Mids oktober teach boargemaster sneontemoarns om acht oere mei in stôk nei de ko|merk, syn feint Jouke Bonksma op 'e side. En dan kamen se om tolf oere werom mei safolle kowestront, dat se in pûnsmiet lân bedongje koene. Dit duorre trije of fjouwer wike nei-eltsoar, salang as 'er in beest koft wie, dat 'er lykwol swier ynhinge.
Alle kij fan efteren ta foaren befiele, betaaste, en befieme. Kamen se dan by in tige fetten, dan wie it: ‘Wel Jouke, wat zeg je daarvan? Dat lykt so kwaad niet, he?’ ‘My net fet genôch,’ sei Joukeman, en dy tomke en pjukte altyd op de knibbels, hakken en heupebonken om. ‘Ja, maar daar moet je niet weze, foël ris op de ribben wat daar sit, en wat un fang!’ ‘Dat giet my net oan, m'nhear,’ sei Jouke, ‘dêr krij ik dochs net fan.’
t.t.