Op in jûn
Op in jûn doe trije mânlju 'jip yn 'e nacht op sieten te kaartspyljen en op it lêst rûzje krigen, liet ien fan har trijen syn kaart sjen oan immen dy efter him stie, en de hele jûn nei it wurk sjoen hie. De kaartspiler frege: ‘Wat seist 'erfan?’ ‘Ik ken gjin kaarten.’ ‘Hoe, nin kaarten kenne? Wat dochst hjir dan sa let? Bist gek?’ ‘Nee,’ sei de man, ‘ik ha in wiif.’
Froulju! kibje en tsjetterje safolle net op de mânlju, dat se bang fan 't hûs wurde, al mien' jimme dat se skuld habbe. Mei in leppelfol hunich kinn' jimme mear dwaan as mei in okshoofd Van der Veens bitter, en as jimme it dwaan wolle, kinn' jimme keuningen en prinsen regearje mei in leaf wurdmannich, ik lit stean jimme eigen mânlju. Binne se fan 't paad, mei in siden tried dwaan jimme mear as mei in ankertou fan in linyskip.