De divel
Geale flokker, in opljeppen gysten keardel, wie boer yn 'e Lege Wâlden.
Nin feint koe jamk langer as in jier by him bankje, want as 'er it ien of oar net goe' te tried rûn, dan flokte hy, dat de pannen op it hûs trillene.
Ien dy net folle heard hie fan soks, wie ferslein, en paste op, dat hy de boer net yn in kwea lomme brocht, mar hy krige ek in feint, dy tochte dat in flokwurd nin kanonskûgel wie, en prebearre of hy de boer ek genêze koe.
Op in jûntiid onder meltsjen krige de boer in lyts homke fan in ko, dat dy mei amer en tulle yn 'e groppe trûzele. Poerrazen nimt er de earnamer en smyt de ko de molke oer de hûd, en sei: ‘Dêr, âlde bliksem, dêr kin de divel en do in pankoek fan bakke.’ De feint blies de lamp út en sei: ‘Och heare, no wurdt it my te slim.’ Hy bearde of hy weigong en naam op hoasfuotling Geale yn 'e hannen, keilde him it bûthûs lâns, en graude him yn 't ear dat hy foar spek yn de pankoek bakt wurde soe foar de divel en de âlde wytkop.
Geale' dochter, dy de jûns in frijer krige dêr de boerinne pankoeken foar bakke soe, frege oan Geale doe hy yn 't binhûs kaam: ‘Hoefolle moat heit ha?’ Geale sei: ‘Ik jûn nin pankoeken, fanke.’
t.t.