De brulloft
Eabe en Bonsen
E. Hoe is dy de brulloft bekomd, Bonsen?
B. Matich.
E. Matich seit hy.
B. Ja matich.
E. Hest dan net folle nocht hân?
B. Ja, mar it liif en de holle!
E. Ja, dêr komt it op oan; mar wer het it dy bêst foldien? By de lânhearre of by jimme Sets?
B. By ús Sets.
E. Hoe dan? Giet 't dan oars by Sets as by lânhearre?
B. Heel oars man, mar yn ien ding giet it rûnom allyk.
E. En dat is?
B. Yn sûpen, fretten en mâltjirjen, dat is op de measte brulloften skearing en ynslach; en as de grutte lju dronken wurde, binne se helte gekker as de boeren.
E. Hiene jimme frjemde kjissemjisse?
B. Wat wy op lânhearre brulloft yn 't liif klinzge habbe, wit ik net, mar reade wyn is 'er by hanfetfollen yngetten, no dat ret him mei pisjen en switten.
E. En de froulju?
B. Dy foldiene my lang sa goe' net as by ús Sets.
E. Hoe dat, sjen hju net blier genôch?
B. Ja, mar as men se op 'e skerte nimt, en men slacht de hannen om de mil, dan is 't krekt as men in houten poppe út de skellingskreamme beet het. Sa hurd is 't. Ik bin wend dat it mei jout en dat har it liif skoddet as se laitsje.
E. Hest se ek patte?
B. Ja, ik moast op sizzen fan lânhearre de breid patsje, en dy lei ik de hannen om de hals sa ik wend wie. Mar dat joech raar wurk. De breid krige in hals as in plôke hoants, sa wie dy kraach tepronsele en ferknûk'le.
Dêr ha jimme it begjin, dat is altyd moaist. Fan 't lêst, doe wy de beamen foar minsken oanseagen, wol ik neat sizze.
t.t.