Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Fammewille Heare, Saske, wat in nocht! Heare, Saske, wat in nocht! Hear ik dêr de trommen net? Blinke de gewearen net? Lea! It skuttersfolk is thús; Daalk is 't keamer-op mei ús. Dan springst mei har yn de bocht; Heare, Saske, wat in nocht! Saske, bin dyn redens klear? Saske, bin dyn redens klear? Al de skutters út it lân Nimme in famke by de hân. Ryd dan dat it gûlt en giert: Nin faam dy allinne stiet; Alles rydt wer pear oan pear, Saske, is dyn ark al klear? Saske, heste boaske, lea? O dyn skutter is net dea. Fiel, do hest him by de hân, Dy syn trou dy joech te pân. Lis no oan en tútsje ta, Nin poepinne sil him ha. Foi, dat wie nin wachtsjen, lea! Sonder skutters wie 'k leav'r dea. Vorige Volgende