Punthûn en Liuwe Lijer
Boer!
It rint no al yn de achtste wike nei maaie, en noch bist 'er net west mei de hier. Mienste dat ik nin jild brek ha? De lju bedobje my onder de rekkeningen. Ik ha liend foar seis ten hondert, en der mei my mar trije fan dyn pleats barre, en do jouste neat. Sa kin 't net langer, as do moatste om in oar lânhearre siikje, dêr kinst op rekkenje. Do heste dochs in bêste pleats, ast 'er mar úthelje wolste.
Do komste noait langer. Heste safolle drokte? Stjoer it jong wiif allinne in dei; dan moat ik dêr ris mei prate, en sjen of 't noch skikt wurde kin. Ik bin dyn lânhearre
Punthûn
Lânhearre!
Ja, mynhear, it duorret te lang, mar it giet mei my lykas mei jo: ik ha net. Ik bin 'er lykwol minder oan. Want mei in liif fol wurk en sober iten en drinken, lykas ik dwaan, kin ik 'er net útkomme. Want ik jaan tefolle, en jimme nimme it. Mei jo is 'er rêden oan, tinkt my. Jo jane folle jild út foar dingen, dêr jins wiif en berntsjes neat fan sjenne, en dêr je frij fan kinne. Lit dat, en gun de boerkes in stik brea. Myn leave lânhearre, ik wit net, wannear ik jo betelje kin. Wol je ús fan de pleats stjoere, dat moat mynhear witte; mar dan ried ik lânhearre, om in jier sels te buorkjen. Dan wit lânhearre krekt, wat 'eryn sit, mar dit sis ik, yn de boppeste koarste sit it net. Jo moatte 'jipper, as it fûn wurde sil.