Fêsteljûnraatsje
Jelkje.. Dêr komt Harmen Post ek wer oan mei syn âlde rommelpot. Wat is dy wer mâl optakele. Hy sjocht 'er oars al watte skier en ferwintere út.
Beik. Ja, it hier stiet him, oft er de hele winter op in sûkerei-iest omskrept het.
Sjouk. Watte soe'd-er yn de marse hawwe? Wy moatte him al ris praaie.
Lys. Ja, mar hy moat earst by syn prinsepealste klanten rûn, en dan moat er hjir ris rommelje.
Beik. Dy keardel, dy hoeft hjir net te kommen. Se sûgje ús oars al genôch of, dy hoeft hjir net te rommeljen, no't er sa optakele is. As 't gjin fêsteljûn is, dan hinget him syn skiepegrauwen mûtse oer it iene eachslid; no liket er in hânswoarst. Nee, ik hâld net fan grappen; ik woe leaver dat Ale weromkaam.
Sjouk.. Ja lea, dat leit my ek al swier op it hert. Mar ús âlde keuning Willem hâldt se dêr mar, of syn ljuwe, dy him riede. Wat sil de man? Hy kin ús ek net fan de Brabanders en Frânsken opfrette litte.
Beik. Dat is wier, mar dy keuning Willem 'erta riede om te oarlogjen, dy woe ik dat oan de kieuwen ophongen waarden, dy divels. Men kin gjin hân útstekke of in patint moat 'er wêze. Men kin gjin finster opstjitte of wy moatte benei dûbeld betelje. 't Is no oan de kofje en tee ta, en dan is ús wille ek oer.
Lyske.. No beteljen binne wy al wend, dat sit yn it gebiente. En dat it dûbeld is, bringt de tiid mei. Us mânlju hawwe ús lêsten al skreaun, wy moasten mar tige opbringe, hja soenen it dêr wol opmeitsje.
Sjouk. Ja, mar al dat manfolk, al dat hearlike manfolk, dat dy sa it lân út moatte, dat griist my ta de teannen út.
Jelkje. Heare minsken, sa wier as ik dit kopke kofje opdronk, moarns krekt om fiif oere, dan droom en avensearje ik altyd mei Hearke om, is 't net nuver? Hoe het hy my de lêste jûn treaun. Brieven krij ik ek wol fan him, mar dy binne meast om jild, en ik woe leaver, dat hy jild foar my fertsjinne. Mar keuning Willem is in âlde hurdholle, en Hearke is ek stiif. Dy het him foarnaam, om it oan de lêste man ta út te hâlden.
Lyske. Hark fammen, skimp, smeul en flok net tefolle op keuning Willem. Dy man mient it goed mei ús. Dat er in âlde hurdholle is, wit de hele wrâld, en dat de man folhâldt, as er gelyk het, dêr lit er troch sjen, dat 'er jitte Frysk bloed yn sit, lyk my wolris ferteld is. Mar om mei smoarch waar skjin de dyk lâns te kommen, dat het fuotten yn 't gat, dat sis ik jimme.
Beik. Dat hoefsto ús net te learen; mar lear my leaver, hoe wy ús dierb're skutters wer krije.