Ik bin no trettjin jier âld, mar ik ha nuvere bazen hân. Op myn tred jier foar fyftich diktonnen te Eastermar ferkoft, bin ik nei Wergea komd. Myn nije baas sei, ik hie in stap út tûzen, dêrom moast ik oan 't hurddraven. Datselde jier learde ik safolle, dat ik in priis te Weidum wûn. Dat klonk de hele Swette lâns. It wie oars safolle gerop net wur'ch, it like sulver mar ik wit net wat 't wie. Myn baas dy in goe' wurd dwaan koe, gong 'er lûd oer út, oeral wie 't as wy by in herberge kamen: ‘Dêr ha je in aardich bleske, keapman.’ ‘Ja, it spul stiet 'erop sa it heart, der sit in puchel oan.’ (Ik hie doe oars in bealch as in wynhûn.) ‘Rint it ek wat oan?’ ‘Wat oanrinne? Fleane, dat it jin grien en blau foar de eagen wurdt. Te Weidum het it de priis wûn, mar it like neat.’ (Ik hie doe oars safolle as ik hysje koe.)
Myn twade baas wie in stedman, dêr kaam ik yn 't gasthûs. Trije Romers en 't Swarteweister tolhûs wien' de fierst' einen, mar dat libben duorre net lang, lykas 't mei folle moaie dingen giet.
Myn baas teach freedsmiddei al ier nei de Okse, om mei syn lju oer hurddravers te praten, yn pleats dat hy mei in skerteldoekje foar lykas tefoaren foar syn toanbank stie, om in pûn kofjebeane te weagen. De mingers bleauwen wei en de nearring teach de doar út. Baas syn jild op, ik fet en oerdwealsk.
Doe by in tsjok lânnotaris mei in liif as in hjerstkeal, dy wend wie dat de hynzers it paad jûns sochten as hysels it soer hie. Mar mei my koe it treddeheal flesse wyn minder lije; dat wie in grut gat yn in minskemage, en skolpere al tefolle. Dêrom moast ik nei in oar baas, en dat wie Gleone Wiltsje. Doe jeie dat de stront fan de dyk fleach. As wy ta in stêd útrieden, gong it sa hurd dat de poarten ús fan de swang hast efternei fleagen. De lju bliid dat wy foarby wieën en de kreamers alderbliidst. Dit duorre salang, dat ik stôkmeager wie en op trije fuotten sprong, en myn baas syn bûsjild op wie; hy hie de rekkening net goed makke. Wy krigen beide rêst, ik op 'e stâl en Wiltsjebaas útfanhûs by in stêdsrekkenmaster.
Doe ik wer sawat opfuorre wie, rekke ik by in keapman dy folle hynsteried. Dêr moast ik de telstap leare, mar dat gong lykas mei ús skoalmaster, dy man wie gjin útrinder mei de pin en doe 'er in frjemd poehaan yn 't lân kaam mei in nije moade fan skrift, soe master yn in amerij in prefester yn 't skriuwen wurde. Mis wie it; nin minske koe it nije skrift lêze, en doe siktaris in brief krige fan master, dat it wiif yn 't waarm bêd lei, lies siktaris, dat er in ko slachte hie mei hondert pûn smoar, en sei hy: ‘Zo, zo, dat meestert goed.’
It gong my neat better fan de hurddraversstap ôf en springe lykas de eksters.
Bleske kriget in slach mei de swipe en tsjocht hinne.
Takommende jier komme se wol wer by eltsoar.