Foeke Skutter en hospes' Tryn
De sneins op de neidei kaam Foeke yn de jachtweide stappen. Dêr siet syn frijster Tryn te sliepen. Hja sprong einling fan de stoel, en sei tsjin him: ‘Biste dêr, Foeke? Kom, ik bin bliid, dat ik dy sjen; en do griiste my ek mei dy heislike knevels. Kom, dat trefste goed: ús grytman het hjir in flesse wyn stean litten, dêr is mar ien romerfol út, en as er werkomt dan wol er dochs wer in nije hawwe.’ - ‘Ja, mar wêr is baas Abe?’ - ‘Dy leit op it noflik ear oer de matten yn 't keammerke.’ - ‘Kom,’ sei Foeke, ‘dat wie fiks! Dan sille w' 'er in sankje by hawwe,’ en doe songen se by elts romerfol in ferske, lykas hjir te lêzen stiet.