Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermdDe bêste freed yn Ljou'ter merke Voais: De bochel die pareert altijd.Toe, Nies, ik wol de merk besjen,
Wat is it folk oan 't joeien!
Der is nin âld wiif by de wiel,
Nin boer tinkt om syn ploeien.
Oeral yn 'e stêd
Is 't minsken tsjep en glêd,
En lâns dy rigels kreammen
Frjemde lju fan fier en hein,
Bern by hele teammen;
De stêd is hjoed oerein.
Gleone Koen dy stiet 'er al
Mei syn ferskimm'le koeke,
De skarren foar de flauwe lju
Lit hy syn mingers rûke.
Sjen, dêr is gûch'ler Murk,
Hy is al drok oan 't wurk.
Sjen, Nies, wat mâle franjen!
Roel, syn feint, is mei te gong
Om harsels te leanjen
Mei 'n tsjokke boerepong.
Gauke bliest op syn trompet,
Set wangen as in bonge.
Bonsen mei syn klarinet
Gûlt ek al om ús pongen.
Wat gappet Gelf dernei!
Hy is 'er heal yn wei.
Gelf, Gelf! do wurdste luze;
In pongeleger docht in taast.
Gelf slacht op syn bûse.
Ja, man, hy is al leech.
Geale Romkes fan Sânlean'
Is ek al moai betrutsen
Foar tritich gûne bûterjild.
Hy is 'erfan belutsen.
Jan fingerhoed dernêst,
Dy docht ek fiks syn bêst.
Hy tipelt mei syn fingers,
‘Dêr is er net, en dêr is 't west.’
In soer fertsjinne gûne
Skuort hy sa yn syn nêst.
| |
[pagina 515]
| |
Kom, gean wy by dy snaken wei,
Ik wol mei dy nei boppen.
Jakle Rientses fan Blauhûs
Dy het ús niis al roppen.
Wy fleane nei De Kroan
En dûnsje ta de moarn.
O, Nieske, wat in wille!
Beits, dyn spylfaam, sit 'er al
Mei Mient fan Keimpetille,
Sjoch, sjoch, hja lizze al oan.
Wel, Nieske lea, hoe sil 't no mar?
Do kinste sa ast wotte;
Dûnsje of patsje is hjir de kar.
Earst patsje, sei se, Botte.
Kom, kom, myn famke, kom!
En Nieske hinge 'er om.
Koal,Ga naar voetnoot1 Koal, kom dan ris harren,
It kielsgat wurdt ús beide soar;
Jaan ús wat te smarren,
Wy dûnsje dêrmei foar.
|
|