De faam en de bargekop
Dêr het ris in reanoazige, healslachte poepekastlein west, dy hie in edelen faam, fiks fan liif en lea en grut foar de mjitte. De poep wie nuvere suinich mei dy faam. Kaam 'er in frijer by, liet him sa tsjep wêze as er woe, dan frege er al gau: ‘Wat wil je?’ En as de frijer dan sei: ‘Mei de faam út, as 't lokke kin’, dan sei er altyd: ‘Duvels kerel, ik kan de meid niet misse’. Einling kaam syn wiif te stjerren, en it wie nin seis wiken dernei of by begûn al om de faam te frijen. Mar doe it tinken wie, doe waard him te'n andert jûn, dat se leaver de kakstoel rûke mocht as in âld man, ja, dat se leaver tweintich jier oanien pisdoeken spiele woe as mei sa'n âlden strampel trouwe. No wie de poep hagels. De jaloerskheid friet him op, as hju in frijer krige.
No wie ris in oansit yn it doarp, dêr ferskate bysfeinten by elkoarme wiene. Der waard in weddenskip dien dat Tiete Prop, in slachter, de lytste fan it selskip, net nei dy grutte steile kastleinsfaam doarste. ‘Om in daalder,’ sei Tiete en stau 'erút. Neidat er him wat ferstrûpe hie, stoep er yn de jachtweide, en kroep de kastlein onder de side, en sei: ‘Kastlein! jy habbe dêr sa'n tsjeppen faam, soe it ek mei jins beleaven wêze dat ik dizze nacht mei har yn de kromhouten siet?’
Kastlein: ‘Woarinne?’
Tiete: ‘Yn de kromhouten om ris te meiden. Wrachtich, ik die it mar, kastlein, it is in weddenskip om in wyngelach, en dat sil tenei by jo opnimd wurde.’
Kastlein: ‘Nou, dat doet de deur dicht, maar om vief uur de meid weerom hoor, want we hebbe morgen een huusfol folk.’
‘O, om fjouwer oere is de faam werom, der is nin swierichheid, of sit ik mar in pear oere by, dan is it gelach al wûn.’
De faam wie gau klear, mar doe se ta de doar út soene, doe bekoarre de kastlein him wer, en smiet it nachtslot op 'e doar. ‘Heurris, Tiete’, sei er, ‘dou liepste, dou piepste, dou kriegste de meid niet met, daar moet vanavond nog schinke kookt worde, wij hebbe morgen de ringvergadering van de domenie's.’ ‘Nee, kastlein,’ sei Tiete, ‘it is beloofd, en de faam sil mei, as is it mar foar in pear oere, en oars sil ik mysels ris baas meitsje.’ ‘Nou,’ sei de poep tsjin de faam, ‘dou moest het weten, maar de schinke laat ik deur een ander koke veur dyn geld, en astou morgen fijf menuten over fijfen in komste, dan leit dyn loon op 'e tafel teld, daar kenste staat op maken.’
‘Fiat,’ sei Tiete, en swaaide 'er mei de faam út nei it oansit ta, en it foldie har sa skoan, dat it fan fjouwer oere seis oere waard. Dêr komme se wer oan, de faam mei de rokken fol reade wyn, en de frijer tenein. Tiete slacht heftich op 'e doar en rôp: ‘Hui, wêr biste?’